Willem Loadewyk fan Nassau-Dillenburg

Willem Loadewyk fan Nassau, (Dillenboarch, 13 maart 1560 - Ljouwert, 9 juny 1620) wie greve fan Nassau en steedhâlder fan Fryslân en Grins. Yn Fryslân is er bekend ûnder de bynamme Us Heit. Willem Loadewyk wie tagelyk kapitein-generaal fan it leger fan Fryslân en tegearre mei prins Maurits fan Oranje heechste befelhawwer fan it Steatske Leger yn de striid tsjin de Spanjerts.

Willem Loadewyk, greve fan Nassau, steedhâlder fan Fryslân en Grinslân

Willem Loadewyk is berne yn Dillenboarch as earste soan fan Jan fan Nassau. Hy wie dêrmei de omkesizzer fan Willem fan Oranje. Oant 1577 libbe er yn Dútslân; dat jier kaam er mei syn heit nei de Nederlannen. Yn 1579 waard er kolonel by it Nederlânske leger. Doe't Rennenberch mei Grins yn 1580 foar Spanje keas, folge Willem Loadewyk him yn 1584 op as steedhâlder fan earst Fryslân en letter ek Grinslân, Drinte en Oerisel, en fan 1580 oant 1594 focht er yn dêr tsjin Spanje.

Willem Loadewyk wie in herfoarmer, dy't net allinnich it leger better organisearre, mar ek de maatskippij beynfloede. Hy wie in wichtige faktor yn it hast algemien protestantsk wurden fan it gebiet ûnder syn bestjoer, en ta dat doel soarge er ek foar de stifting fan twa skoallen foar dûmnys, de Universiteit fan Frjentsjer en de Universiteit fan Grins.

Hy boaske op 25 novimber 1587 mei de dochter fan Willem fan Oranje, Anna fan Nassau, mar sy ferstoar noch net in jier letter. Nei de dea fan syn heit waard er yn 1607 greve fan Nassau. Om't er sels gjin bern hie gong dy titel nei syn dea oer op syn broer, Georg fan Nassau-Dietz. Syn broer Ernst Kasimir folge him op as steedhâlder fan Fryslân.

Oermasterder fan Grins

bewurkje seksje
 
Byld fan Willem Loadewyk op it Hofplein, Ljouwert

Willem Loadewyk spile yn de jierren foar it Tolfjierrich Bestân, yn de Tachtichjierrige Oarloch, tegearre mei syn neef en sweager Maurits fan Nassau in wichtige rol. Troch harren waarden wichtige herfoarmingen yn it leger ynfierd. Hja soargen oan de iene kant derfoar dat de soldaten geregeldwei harren soldij krigen, dêr tsjinoer ferge sy as tsjinprestaasje uterste dissipline. Fierders wie Willem Loadewyk hiel bot foarstanner fan in oanfalskriich: ynstee fan de opstannige Nederlânske gebieten te beskermjen tsjin Spaanske oanfallen, moasten de opstannelingen aktyf de Spaanske gebieten oanfalle. Dêrby brûkten hy en Maurits oarlogstechniken dy't iuwen earder troch de Romeinen al brûkt waarden.

Greve Willem Loadewyk is fral bekend wurden om syn taktyk dy't ek wol de "Grinzer Skânsenkriich" neamd wurdt. Grins wie yn Spaanske hannen fallen troch it oerrinnen fan de greve fan Rennenberch en it gewest Fryslân soe it folgjend doelwyt wurde. Nei inkele (mislearre) besikings yn 1583 en 1587 (de list fan Enumatil) dêr't hy Grins streekrjochts by op de Spanjerts û.l.f. kolonel Francisco Verdugo feroverje woe, sette hy 1589 syn plan útein om de hearwegen nei de stêd stikje by stikje ôf te sluten, sadat it befoarriedzje nei Grins stopset waard. Yn 1589 waard de tagongswei langs it Reitdjip ôfsletten troch it fersterkjen fan de sterkte "De Opslach". Twa jier letter waard de fortifikaasje by de Delfsilen fersterke en waarden der Steatske troepen legere. Yn 1592 waarden Stienwyk en Koevorden foarfêst troch de Steatsen ynnomd en fersterke. Lang om let waard op de lêste pas (dy't nei it Dútske Lingen) op de boeretange de festing Bourtange boud, dêr't alle hearwegen troch ôfsletten waarden. Fierders waarden û.o de skânsen Bellingwoldersyl (it lettere Aldeskâns), de Like en de Swartendyksterskâns boud om de keunstmjittich ferhege wegen troch de hege feansompen ûnder kontrôle te krijen. Ek waarden it hús te Ruinen en de boarcht te Wedde oermastere op de Spanjerts en fersterke.

Yn 1594 waard it doel fan de kriich yn it noarden berikt. Op 23 july waard de stêd Grins, nei in belis fan dochs noch inkele wiken, op de Spanjerts ferovere en waard it Traktaat fan Reduksje tekene. De stêd Grins makke sûnt dy tiid wer part fan de Republyk út (1579) en Willem Loadewyk waard ek steedhâlder fan it nije gewest: Stad en Lande.

 
Us Heit-sigaren

As earebetoan oan Willem Loadewyk waard op 17 septimber 1906 in byld fan him ûnthuld op it Ljouwerter Hofplein. By de taspraak fan Lútsen Wagenaar wiene keninklike gasten oanwêzich. It byld is makke troch Bart van Hove en W.B.G. Molkenboer.
De Friese Bierbrouwerij yn Boalsert hat it biermerk Us Heit nei Willem Loadewyk neamd.
Ea bestie der ek it sigaremerk Us Heit.

  • L.H. Wagenaar, Het leven van graaf Willem Lodewijk, een vader des vaderlands
  • W. Bergsma, Willem Lodewijk en het Leeuwarder hofleven, yn: It Beaken, Tydskrift fan de Fryske Akademy, jiergong 60 (1998), sd. 191-256.

Keppeling om utens

bewurkje seksje