Wim Hazeu (Delft, 28 april 1940) is in Nederlandikus, útjouwer en telefyzje-producer út Baarn. Wim Hazeu is troud mei auteur Thera Coppens. Se hawwe tegearre fjouwer bern, wêrfan twa út syn earste houlik.

Wim Hazeu

Libben bewurkje seksje

Nei syn stúdzje Nederlânsk rjochte hy it literêre tyskskrift Kentering op en wie ûnder mear letterkundich meiwurker fan de Delftsche Courant en de Haagsche Courant. Fan 1965-1971 wurke hy by de NCRV as sjef literêre radioprogramma’s, harkspul- en jeugdprogramma´s. Yn april 1966 lansearre hy de rubryk Literama, in fjirtjindeiske radiokrante oer boeken en skriuwers. Trije jier letter sette er it lette-jûn-keunstprogramma Voorrang op mei as fêste meiwurkers ûnder oare Hans Andreus, Hugo Brandt Corstius en J.W. Holsbergen. Hy makket dan radiodokumintêres oer East-Europa (Tsjecho-Slowakije, Hongarije, Roemeenje). Yn 1972 stapte hy oer nei de telefyzje en waard haad fan de ôfdieling drama, keunst en jeugdprogramma's. Under superfyzje fan Hazeu kamen tv-feuilletons nei bekende boeken ta stân, lykas Bartje, De Koperen Tuin, Sil de Strandjutter, Wierook en tranen en Klaaglied om Agnes.

Neist searjespullen produsearre hy alle moannen in saneamd single drama (û.o. Titaantjes fan Nescio, Het duistere bloed fan Johan Fabricius, Bonhoeffer fan Gerrit Pleiter). Hy makke telefyzje dichtersportretten fan ûnder oare Maurits Mok, H. H. ter Balkt, Hans Andreus, Jozef Eykmans, Gabriël Smit, Theun de Vries en Jos Vandeloo. Wim Hazeu presintearre de boekerubryk Open boek (1976) dêr't bekende auteurs as Maarten 't Hart harren telefyzjedebút yn makken. Yn it literêre tydskrift De Gids skreau hy in telefyzjerubryk. Hy produsearre telefyzjeportretten fan Jongkind en Arthur Rubinstein mar doe't der by de NCRV te min stjoertiid kaam foar keunstprogramma’s stapte hy oer neui it boekefak en waard útjouwer by Elsevier. Nei trije jier kaam hy as útjouwer en direkteur yn tsjinst by de Bosch & Keuning groep (Ambo, Fontein). Yn Nederlân rjochte hy de literêre útjouwerij de Prom op en yn Belgje de útjouwerijen Hadewych en Houtekiet foar Flaamske literatuer.

It kontakt mei de telefyzje hat hy nea ferlern. Hy makke as freelancer dokumintêres oer byldzjende keunstners en skriuwers as Paul Citroen (AVRO 1981), Otto Dicke (AVRO 1983), Carel Willink (AVRO 1983) A.C. Baantjer (AVRO 1984), Cees Bantzinger (AVRO 1984), Anton Pieck (AVRO 1985), Jan de Hartog (NOS 1988), Bertus Aafjes (KRO 1989), Hugo Claus (NOS 1992), W.F. Hermans (NOS 1993), Dick Bruna 1996) Slauerhoff (NOS 1997), M.C.Escher (NOS 1998) en oaren.

Hy beëinige syn útjouwersbaan om syn biografy fan Vestdijk te foltôgjen, it proefskrift wêrop hy yn 2005 oan de universiteit yn Grins promovearre ta doktor yn de Nederlânske taal- en letterkunde. Yn 2013 ferskynde in biografy fan Marten Toonder fan syn hân en febrewaris 2018 in biografy fan dichter en skilder Lucebert.

Biografy(ën) oer Wim Hazeu bewurkje seksje

  • G.J. van Bork en P.J. Verkruijsse - De Nederlandse en Vlaamse auteurs (1985)
  • G.J. van Bork -Schrijvers en dichters (dbnl biografýënprojekt I) (2003-....)

Wurken fan Wim Hazeu bewurkje seksje

  • Achterebbe (1963)
  • Slauerhoff. Een biografie (1995)
  • M.C. Escher. Een biografie (1998)
  • Dichter bij Achterberg (1965)
  • Dankdag voor het gewas (1966)
  • Vrolijk klimaat (1968)
  • 40+ literaire radio-portretten (1969)
  • De helm van aarde (1970)
  • Duitse honden bijten (1972)
  • Wat niet mocht. Censuur in Nederland van 1962-1971 (1972, 1982)
  • Blikschade (1975)
  • Jos Vandeloo (1975)
  • Pseudoniemen/Auteursnamen (1976)
  • Een duif boven Parijs (1978)
  • Gerrit Achterberg (1981)
  • Gerrit Achterberg: een biografische schets (1982)
  • De wereld van Cees Bantzinger (1984)
  • Gerrit Achterberg (1984)
  • A. Marja, dichter en practical joker (1917-1964) (1985)
  • Bandijk (1985)
  • Het literair pseudoniemen boek (1987)
  • Gerrit Achterberg: een biografie (1988)
  • Literaire cafés van Antwerpen (1993)
  • Slauerhoff. Een biografie (1995)
  • M. C. Escher (1998)
  • Vestdijk. Een biografie (2005)
  • Wij zijn van elkaar (briefwikseling tusken Simon Vestdijk en Henriëtte van Eyk, 1946-1947) (2007)
  • Van een liefde die vriendschap bleef (briefwikseling tusken J. Slauerhoff en Heleen Hille Ris Lambers, 1923-1936) (2007)
  • Marten Toonder. Biografie ISBN 978-90-234-7318-3. De Bezige Bij. Tredde druk 2013. (2012)
  • Lucebert. Biografie ISBN 9789403104706. De Bezige Bij. (2018)

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: