Wylde Swan (skip)

De Wylde Swan is in Nederlânsk sylskip fan it type skoender, dat it Fryske doarp Makkum as thúshaven hat. Dit skip waard oarspronklik yn Dútslân boud as in steamskip dat ûnderdiel útmakke fan 'e fiskersfloat. Nei't it bûten tsjinst rekke wie, waard it omboud ta sylskip.

Wylde Swan
De Wylde Swan yn 2010
De Wylde Swan yn 2010
algemiene ynformaasje
flagge Nederlânsk
thúshaven Makkum (Fryslân)
skiednis
kyllizzing 1920
tewetterlitting 2010
yn de feart 2010
bysûnderheden en sifers
type sylskip
subtype skoender
lingte 63 m
breedte 7,5 m
hichte 43 m (kyl oant top mêst)
djipgong 4 m
tonnaazje 269 brt
bemanning 12 koppen
oandriuwing 480 pk
maks. faasje 14 knopen (26 km/h)

De kyl fan 'e Wylde Swan waard yn 1920 yn Dútslân lein. It wie oarspronklik in steamskip, en makke jierrenlang ûnderdiel út fan 'e Dútske hjerringfloat. It wie bedoeld om 'e fongen hjerring by de float op te heljen en dan mei alle faasje nei de fêste wâl te ferfieren. Sa koe de fisk sa farsk mooglik ôflevere wurde, sadat de fiskers der de bêst mooglike priis foar baarden.

Yn 'e ienentweintichste iuw, doe't it skip al lang bûten tsjinst wie, waard it ûntdutsen troch skipsbouwer Willem Sligting, dy't daliks seach dat it geskikt wie om om te bouwen ta sylskip. Yn juny 2010 waard de Wylde Swan ûnder de nije namme op 'e nij te wetter litten as in twamêstige skoender. Sûnt is it yn gebrûk as treningsskip foar jonge seelju, en docht it elts jier mei oan 'e Tall Ships' Races.

Yn 2013 wie dat ek it gefal, doe't de Wylde Swan belutsen rekke by in ynsidint mei in oar tallship. Dat wie de Noarske Wyvern, dy't op 11 july fan dat jier op 'e Eastsee tusken de Sweedske eilannen Gotlân en Ölân wetter begûn te meitsjen. De bemanning fan 'e Wyvern alarmearre de Sweedske kustwacht om 5.21 oere moarns. De kustwacht besocht dêrop yn gearwurking mei oare sylskippen, dy't te help skeaten, wêrûnder de Wylde Swan, om mei pompen it sinken fan 'e Wyvern foar te kommen.

 
De Wylde Swan fart ûnder de Tower Bridge troch, yn Londen, 2012.

Doe't dat krewearjen om 'e nocht bliek, waard de bemanning om 8.00 oere moarns mei in helikopter evakuëarre. Om 9.22 oere krige de kustwacht lykwols berjocht dat trije bemanningsleden fan 'e Wylde Swan wer by de Wyvern oan board gien wiene om nochris te besykjen en hâld it skip boppe wetter. Dat slagge net, en doe't it skip om 9.37 oere sonk, bedarren twa fan 'e trije seelju yn see, wylst de trêde fermist rekke. De beide oerlibbenen waarden mei in helikopter nei it sikehûs brocht. De fermiste, dy't neffens de berjochten bestrûpt rekke wie yn it touwurk, kaam te ferdrinken. It waar wie op dat stuit rûch, mei weagen fan tusken de 3 en 4 meter heech en in hurde wyn. It lichem fan 'e man waard in pear dagen letter troch de Sweedske kustwacht burgen.

Om it skip sa fluch mooglik te meitsjen, waard de Wylde Swan oarspronklik lang en smel boud. It is in skoender mei in tonnaazje fan 269 registerton en in bemanning fan 12 koppen. De Wylde Swan hat in lingte fan 63 m, in breedte fan 7,5 m, in djipgong fan 4 m, en in hichte fan 43 m, rekkene fan 'e kyl oant de top fan 'e heechste mêst. It skip beskikt oer 7 seilen, en teffens oer in motor fan 480 pk. De maksimale faasje dy't de Wylde Swan berikke kin, bedraacht 14 knopen (26 km/h). It IMO-nûmer fan 'e Wylde Swan is 5126718, it MMSI-nûmer is 244074000, en de maritime ropletters binne PIWS.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.