Ynternasjonaal Filmfestival fan Leeds
It Ynternasjonaal Filmfestival fan Leeds (Ingelsk: Leeds International Film Festival), ôfkoarte ta LIFF, is in filmfestival dat elts jier yn novimber holden wurdt yn 'e Ingelske stêd Leeds, yn it Feriene Keninkryk. It evenemint bestiet sûnt 1987. Der waarden yn 2015 mear as 300 films fertoand foar in publyk fan mear as 40.000 minsken. It Ynternasjonaal Filmfestival fan Leeds is dêrmei it grutste Ingelske filmfestival bûten Londen. Der wurde sawol lange as koarte films, sawol ferheljende films as dokumintêres, sawol kommersjele as ûnôfhinklike films en sawol live-actionfilms as tekenfilms fertoand.
Ynternasjonaal Filmfestival fan Leeds | ||
plak en tiid | ||
lân | Feriene Keninkryk | |
lânsdiel | Ingelân | |
greefskip | West-Yorkshire | |
plak | Leeds | |
tiid fan it jier | novimber | |
bysûnderheden | ||
ôfkoarting | LIFF | |
soarte evenemint | filmfestival | |
bestean | 1987 – no | |
offisjele webside | ||
www.leedsfilm.com |
Seksjes
bewurkje seksjeIt Ynternasjonaal Filmfestival fan Leeds omfiemet fiif seksjes:
- de Offisjele Seleksje, dy't fertoanings omfettet fan bekende films dy't mei koarten yn 'e bioskoop komme sille, oanfolle mei nije ûntdekkings fan ynternasjonale ûnôfhinklike filmmakkers.
- Retrospektyf, fergetten juwieltsjes út 'e filmskiednis fannijs foar it fuotljocht brocht.
- Cinema Versa, in presintaasje fan dokumintêres, lowbudgetfilms en eksperimintele films. Underground Voices, in subseksje fan Cinema Versa, biedt in platfoarm foar films oer minskerjochten en oare foarmen fan aktivisme.
- Fanomenon, in seleksje fan nije sjenrefilms, lykas fantasyfilms, science fiction-films en horrorfilms. Hjirta heart û.m. de jierliks weromkearende Nacht fan 'e Deaden, in filmmaraton dy't útslutend bestiet út horrorfilms, benammen oer sombys en fampieren.
- Short Film City, in kompetysje foar koarte films en fideoklips.
Organisaasje
bewurkje seksjeIt Ynternasjonaal Filmfestival fan Leeds ûntfangt finansjele stipe fan 'e gemeente Leeds. It kantoar fan it festival is húsfêste op it stedhûs, dêr't it in romte dielt mei de organisaasje fan it Jeugdfilmfestival fan Leeds (LYFF), foarhinne it Filmfestival foar Bern en Jongerein fan Leeds (LCYPFF). Dat evenemint wurdt elts jier mei Peaske holden.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |