Ynternasjonaal Filmfestival fan San Sebastián

It Ynternasjonaal Filmfestival fan San Sebastián (Spaansk: Festival Internacional de Cine de San Sebastián; Baskysk: Donostiako Zinemaldia) is in filmfestival dat elts jier yn septimber holden wurdt yn 'e Spaanske stêd San Sebastián (Baskysk: Donostia), yn 'e autonome mienskip Baskelân.

Ynternasjonaal Filmfestival
fan San Sebastián
plak en tiid
lân Spanje
aut. mienskip Baskelân
provinsje Gipuzkoa
plak San Sebastián
tiid fan it jier septimber
bysûnderheden
ôfkoarting FICSS
soarte evenemint filmfestival
bestean 1953 – no
offisjele webside
www.sansebastianfestival.com

It evenemint waard yn 1953 foar it earst holden en wie oarspronklik inkeld bedoeld foar Spaansktalige films. Yn 1955, doe't it festival him spesjaal talei op kleurefilms (yn in tiid dat de measte films noch swart-wyt wiene), waarden ek produksjes yn oare talen as Spaansk talitten.

It Ynternasjonaal Filmfestival fan San Sebastián fêstige syn reputaasje troch û.m. de wrâldpremiêre fan Vertigo, fan Alfred Hitchcock, yn 1958, en de Jeropeeske premiêre fan Star Wars, fan George Lucas, yn 1977. It festival hat fierders in wichtige rol spile yn 'e ûntjouwing fan 'e karriêres fan filmmakkers as Roman Polanski, Francis Ford Coppola en Pedro Almodóvar.

Sûnt 1957 hat it Ynternasjonaal Filmfestival fan San Sebastián de status fan filmfestival fan 'e A-kategory fan 'e Ynternasjonale Federaasje fan Ferienings fan Filmprodusinten (FIAPF), útsein yn 'e jierren 1980-1984, doe't der gjin prizen útrikt waarden.

It Ynternasjonaal Filmfestival fan San Sebastián is ûnderferdield yn 'e folgjende seksjes:

  • Offisjele Seleksje – in seleksje fan resinte films dy't noch net fertoand binne op oare troch de FIAPF erkende filmfestivals
  • Nije Regisseursdebútfilms of twadde films fan nij talint
  • Horizontes Latinos – in seleksje fan films út Latynsk-Amearika, dy't yn Spanje noch net yn 'e bioskopen te sjen west hawwe
  • Pearels – in seleksje fan 'e bêste films dy't it ôfrûne jier al op oare ynternasjonale filmfestivals te sjen west hawwe
  • Zabaltegi-Tabakalera – in kompetative seksje dy't stribbet nei ferskaat
  • Makke yn Spanje – in presintaasje fan 'e bêste films út Spanje fan it ôfrûne jier
  • Zinemira – in presintaasje fan films dy't produsearre of regissearre binne troch Basken
  • Retrospektiven – fertoanings fan in stikmannich selektearre filmklassikers út it oeuvre fan in ferneamde filmmakker
  • Kulinêre Sinema – in net-kompetative seleksje fan itensrelatearre films
  • Velodromo – projeksjes fan films foar in grut publyk op in reuseftich skerm yn it Velódromo de Anoeta
  • Filmstudinten – in seleksje fan koarte films dy't almeast ôfstudearprojekten fan studinten oan filmakademys fan oer de hiele wrâld binne

Op it Ynternasjonaal Filmfestival fan San Sebastián wurde de folgjende prizen útrikt troch in ynternasjonale sjuery foar films dy't meitingje yn 'e Offisjele Seleksje:

Yn 'e oare seksjes binne de haadprizen:

  • Nije Regisseurspriis (seksje Nije Regisseurs)
  • Jeugdpriis (seksje Nije Regisseurs, útrikt troch in sjuery besteande út 350 jongeren fan tusken de 17 en 21 jier)
  • Horizontespriis (seksje Horizontes Latinos)
  • Publykspriis fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan San Sebastián (seksje Pearels)

Oare prizen binne:

  • Otra Mirada-priis (otra mirada betsjut "twadde blik" of "op it twadde gesicht") foar de film út lykfol hokker seksje, dy't it bêst oanslút op 'e wrâld sjoen út it froulik perspektyf wei
  • Sebastianepriis foar de film út lykfol hokker seksje, dy't it bêst oanslút op 'e wrâld sjoen út it perspektyf fan homo's, lesbiënnes, biseksuelen en transseksuelen wei

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.