A Royal Christmas

A Royal Christmas is in Amerikaanske romantyske krystfilm út 2014 ûnder rezjy fan Alex Zamm. De haadrollen waarden spile Lacey Chabert en Stephen Hagan, mei Jane Seymour yn 'e wichtichste byrol. De titel betsjut "In Keninklike Kryst". It ferhaal folget Emily Taylor, in Amerikaanse út Philadelphia dy't as skroarske wurket. Har frijer Leo, mei wa't se al krapoan in jier lang in relaasje hat, fertelt har koart foar de kryst dat er eins de kroanprins fan in lân yn Jeropa is. Hy nimt Emily foar de hjeldagen mei nei hûs, dêr't syn mem, keninginne Isidora, net op in Amerikaanske skoandochter fan sljochtwei komôf sit te wachtsjen. A Royal Christmas is in tillefyzjefilm dy't produsearre waard yn opdracht fan it Hallmark Channel.

A Royal Christmas
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Alex Zamm
produsint Amy Krell
útfierend
   produsint
Alexandre Coscas
Francisco González
Eric Jarboe
Brad Krevoy
Jimmy Townsend
senario Janeen Damian
Michael Damian
Neal H. Dobrofsky
Tippi Dobrofsky
kamerarezjy Viorel Sergovici
muzyk Chris Hajian
filmstudio Brad Krevoy Television
distribúsje Walt Disney Studios
   Motion Pictures
spilers
haadrollen Lacey Chabert
Stephen Hagan
byrollen Jane Seymour
Simon Dutton
Katherine Flynn
Katrina Nare
Diana Dumitrescu
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 21 novimber 2014
foarm tillefyzjefilm
sjenre romantyske krystfilm
taal Ingelsk
spyltiid 90 minuten

Plot bewurkje seksje

Emily Taylor is in tsjeppe, sympatike jonge frou dy't hikke en tein is yn súdlik Philadelphia, yn 'e Feriene Steaten. Se wurket as skroarske yn 'e kleansaak fan har heit Bud, dy't widner is. Har appartemint dielt se mei har bêste freondinne, de swarte Toni, dy't ek foar Bud wurket. Al krapoan in jier hat se in relaasje mei de Jeropeeske studint Leo James. It is no heal desimber, en Emily en Leo hawwe ôfpraat dat se de oankommende krystdagen mei har heit en Toni trochbringe sille. Wannear't Leo in mysterieus tillefoantsje kriget, seit er lykwols tsjin Emily dat der spitigernôch in famyljeferplichting tusken kommen is, en dat er foar de hjeldagen nei hûs moat. Sy hat dêr alle begryp foar.

Leo sprekt dy jûns mei Emily ôf yn in djoer restaurant om har wat wichtichs te fertellen. Emily giet dêr senuweftich hinne om't se gjin idee hat wat er sizze wol: miskien dat er har wol in houliksoansiik dwaan wol of miskien wol er it wol mei har útmeitsje. As se ienris yn it restaurant arrivearre is, komt lang om let it hege wurd der út: Leo hat har net alles oer himsels ferteld en moat no mei 't wetter foar de dokter. Hy fertelt har dat er in prins is, de soan en erfgenamt fan in keninginne. Emily mient earst dat er in grapke makket, mar Leo hâldt fol dat it de wierheid is. Syn famylje regearret al njoggenhûndert jier oer 'Kordynje', in "lyts mar soeverein lân besuden Frankryk". (In fiktyf steatsje, dúdlik loskes basearre op Monako, mar mei in namme dy't gearstald is út 'e nammen fan 'e eilannen Korsika en Sardynje.)

Leo leit út dat er in ôfspraak mei syn mem hie dat er op eigen manneboet nei de Feriene Steaten ta mocht te studearjen, salang't er mar folslein ynkognito bleau. Dêrom hat er Emily der earder neat oer ferteld. Foar Emily is it nijs wol in skok, mar se ferjout Leo syn bedragerij. Hy nûget har út om mei him nei Kordynje te gean om 'e kryst mei syn famylje te fieren en sy nimt dat oanbod oan. Se nimme ôfskie fan har heit en Toni en reizgje nei Jeropa. Oankommen yn Leo syn âldershûs, in paleis yn 'e Toskaanske styl mei fjouwer fleugels, 118 keamers en in stêf 75 man tsjinstfolk, docht bliken dat Leo syn mem, keninginne Isidora, alhiel net sit te wachtsjen op in Amerikaanske skoandochter fan sljochtwei komôf. Sy hat foar de kryst in âlde flam fan Leo útnûge, Natasha hartoginne fan Warren, dy't neffens har folle better by him past.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Yn it swide fermidden fan it paleis, dêr't Leo net Leo, mar prins Leopold is, fielt Emily har as in kat yn in frjemd pakhûs. Se ken de manearen fan 'e sosjale hegerein net en keninginne Isidora docht war om, sûnder alhiel har fatsoen te ferliezen, Emily dochs sa ûnwolkom mooglik fiele te litten. Emily fielt har folle nofliker yn it bywêzen fan it tsjinstfolk en slút fuortendaliks freonskip mei it tsjinstfamke Olivia en letter ek mei de tsjinstfeint Will. By in útstapke mei Leo om 'e stêd te ferkennen komt Emily yn 'e kunde mei it weesfamke Poppy, dat ûnder tafersjoch fan 'e non suster Agatha krystbeammen ferkeapet om jild yn te sammeljen foar it pleatslike weeshûs. Poppy fertelt dat se hopet gau adoptearre te wurden troch nije âlden. Emily fielt in bân mei it famke om't se sels ek sûnder mem opgroeid is en jout har de freonskipsearmbân dy't se jierren earder fan Toni krigen hat. Leo, dy't mei pet en sinnebril op besiket om ynkognito te bliuwen, mar troch Poppy daliks en sûnder swierrichheden werkend wurdt, keapet alle krystbeammen fan it weeshûs en jout se daliks werom om útdield te wurden oan húshâldings dy't it net sa rom hawwe.

Dy jûns, by in formeel diner, wurdt Emily troch keninginne Isidora sa fier by Leo wei oan 'e tafel pleatst as mar mooglik is. Wylst Leo tusken de keninginne en Natasha yn sit, wurdt Emily omjûn troch wyldfrjemden. Olivia helpt har om út te finen hokker taffelsreau se foar hokker gerjocht brûke moat, mar Emily set harsels by fersin dochs foar gek troch út 'e kom te drinken dêr't men jins fingers yn heart te dippen om se te himmeljen. Dêrnei begiet se in sosjale flater troch de baronesse fan Newbury, dy't njonken har sit, nei har bern te freegjen wylst rûnom bekend is dat hja nettsjinsteande in fûleindige bernewinsk gjin bern krije kin.

De oare deis siket de baronesse fan Newbury Emily op om it ynsidint út te praten. Se wol dat Emily har by har foarnamme Galina neamt en seit dat Emily harsels neat neinimme moat om't se net witte koe dat bern foar har in gefoelich ûnderwerp binne. De beide froulju foarmje in bân as bliken docht dat Galina ek mar fan sljochtwei komôf is en jierren lyn fierhinne itselde trochmakke hat as Emily no. Se geane tegearre de stêd yn om te winkeljen, dêr't se Poppy wer treffe. Sûnder euvelmoed bringt Emily it weesfamke en de bernleaze ealfrouwe mei-inoar yn 'e kunde.

Op it bal, dat keninginne Isidora neffens tradysje op krystjûn organisearret, wol Emily net wer ôfgean lykas by it diner, dat se freget de help fan 'e sympatike haadbutler Victor. Dyselde ûnderhâldt in aparte relaasje mei de keninginne, mei't er it him permittearret om, wannear't se allinnich binne, sarkastysk kommentaar te jaan op har dwaan en litten. Hy bringt Emily de etikette by om har yn it heechaadlik fermidden steande te hâlden, en leart har ek om 'e wals te dûnsjen. De keninginne besiket Emily noch in lêste stôk yn 'e speaken te stekken troch har in âlde baljurk fan harsels ta te partsjen, in geskink dat Emily mei goed fatsoen net ôfwize kin. De baljurk blykt folslein efter de tiid rekke te wêzen, mar mei har kwaliteiten as skroarske makket se der yn in middei wat moais fan. Underwilens risselwearret Leo om Emily in houliksoansiik te dwaan.

Op it bal komt Emily op swide manear binnen yn har prachtige jurk, ta oerdúdlike teloarstelling fan keninginne Isidora. Natasha besiket de earste dûns mei Leo foar har noas wei te kaapjen, mar Leo hat mei in foarútsjende blik al beävensearre dat Natasha har earste dûns ferjûn is oan 'e tachtichjierrige gruthartoch fan Canterbury. De lokkigens fan Emily is lykwols fan koarte doer. Wylst Leo de twadde dûns mei Natasha dûnset, heart se de gruthartoch fan Canterbury der mei oare eallju fan swetsen dat Leo en Natasha wol foarinoar makke lykje te wêzen. Emily lûkt har werom om by tsjinstlju Olivia en Will om te hingjen. Underwilens nimt Natasha keninginne Isidora eefkes allinne en freget oft se dit wol trochsette moatte, want se hat it gefoel dat se by Leo oan in dead hynder stiet te skuorren. De keninginne hâldt lykwols hoek en trappearret Emily letter as se stiet te laitsjen mei Olivia en Will. Se ûnslacht de beide tsjinstlju om't se mar wat omlanterfantsje wylst se de gasten betsjinje moatte soene. Ek feecht se Emily de mantel út.

Emily, dy't har freeslik skuldich fielt oer it feit dat har freonen troch har dwaan no wurkleas binne, flechtet nei har keamer ta, dêr't se har koffer begjint yn te pakken. Leo spoart har einlings op om syn houliksoansiik te dwaan, mar Emily wiist him ôf. Wylst keninginne Isidora foar de yn 't kier steande keamersdoar stiet te lústerfinkjen, leit Emily oan Leo út dat se wol faninoar hâlde, mar dat se net byinoar passe. Leo biedt oan om Kordynje, syn mem en al syn ferantwurdlikheden sitte te litten om wer mei har yn Philadelphia te libjen as gewoan Emily en Leo, mar Emily wegeret dêrmei akkoart te gean. As de keninginne heart hoe ûnselssuchtich Emily har opstelt nei alle provokaasjes dy't se te ferduorjen krigen hat, ferskynt der in prakkesearjende útdrukking op har gesicht. De oare moarns set Emily mei it earste fleantúch ôf nei Philadelphia.

Keninginne Isidora bekent oan Victor dat it wolris wêze kinne soe dat se in freeslike flater begien hat. De butler trunet har oan om dan har fout goed te meitsjen. Underwilens nimt Natasha ôfskie fan Leo, om't se wol foar it ferstân hat dat it mei har beiden gjin kant mear út kin. De keninginne ropt Leo by har en fertelt him dat se wit wat er trochmakket, om't sy itselde belibbe hat. Doe't se jong wie, rekke se smoarfereale op in jonge fan sljochtwei komôf dy't har "Izzy" neamde. Mar har âldelju stieken der in stokje foar dat sy trouwe soene. Ynstee troude Isidora mei Leo syn (no al wer jierren lyn ferstoarne) heit, dy't ek fan heechaadlik komôf wie. Hoewol't se goed koene, holden se net faninoar. No seit de keninginne dat it mar út wêze moat mei leafdeleaze houliken en dêrom jout se Leo har seine om Emily efternei te reizgjen nei de Feriene Steaten, om te sjen oft er har weromkrije kin. Nei't Leo optein ôfset is, seit Isidora tsjin Victor dat se wol dat hy har tenei wer "Izzy" neamt.

Yn Philadelphia is Emily yn har heite winkel oan it wurk as Leo dêr ynienen foar de doar stiet. Hy freget har midden op 'e strjitte fannijs om mei him te trouwen. Emily seit lykwols dat der neat feroare is en dat syn mem it nea goedkarre soe. Dêrop stapt keninginne Isidora út 'e auto dêr't Leo yn oanriden kommen is en stiet der o sa by Emily op oan om Leo tawurd te jaan. Har heit en Toni komme bûtendoar om har dêr ek ta oan te trúnjen en úteinlik lit Emily har beprate. Se keare werom nei Kordynje, dêr't Leo en Emily trouwe yn 'e kapel yn it keninklik paleis. Under de gasten binne Emily har heit, Toni en Poppy, dy't no adoptearre is troch Galina en har man. As de breid en brêgeman ta de kapel út geane en inoar bûtendoar in tút jouwe, begjint it te snijen en kriget Kordynje in wite kryst, wylst der yn gjin tritich jier ek mar in flokje snie fallen is.

Rolferdieling bewurkje seksje

 
Lacey Chabert.
 
Jane Seymour.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise      
Emily Taylor Lacey Chabert
Leo James / prins Leopold fan Kordynje Stephen Hagan


byrollen
personaazje                                     akteur/aktrise
keninginne Isidora fan Kordynje Jane Seymour
haadbutler Victor Simon Dutton
Natasha hartoginne fan Warren Katherine Flynn
Toni Katrina Nare
tsjinstfaam Olivia Diana Dumitrescu
Poppy Alice O'Mahoney
Galina baronesse fan Newbury Kate Loustau
Bud Taylor Mitchell Mullen
tsjintfeint Will Vlad Ianus
gruthartoch fan Canterbury Mihai Niculescu
Kent baron fan Newbury Ionut Grama
suster Agatha Annie Gould
Ivan Guzan Cosmin
teenagefamke Olivia Krevoy

Produksje en distribúsje bewurkje seksje

Produksje bewurkje seksje

A Royal Christmas waard regissearre troch Alex Zamm nei in senario fan Janeen Damian, Michael Damian, Neal H. Dobrofsky en Tippi Dobrofsky. As produsinte wie Amy Krell by it projekt belutsen foar de tillefyzjestudio Brad Krevoy Television. In diel fan 'e finansiering kaam fan 'e Motion Picture Corporation of America (MPCA). Alexandre Coscas, Francisco González, Eric Jarboe, Brad Krevoy en Jimmy Townsend hiene as útfierende produsinten it algemien tafersjoch oer de produksje. It is ûnbekend hoe'n heech budget der foar A Royal Christmas beskikber wie. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Viorel Sergovici, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Chris Hajian.

Opnamen bewurkje seksje

De opnamen foar A Royal Christmas fûnen plak yn 2014 yn Roemeenje. It meastepart fan 'e film waard opnommen yn 'e Castel Film Studios benoarden Boekarest. Inkele sênes waarden filme op lokaasje yn Sighişoara, in stêd yn Transsylvaanje.

Distribúsje bewurkje seksje

A Royal Christmas waard produsearre yn opdracht fan it Hallmark Channel, in Amerikaansk keabeltillefyzjekanaal, dat de film op 21 novimber 2014 foar it earst útstjoerde. Distribúsje foar útstjoering op 'e tillefyzje yn oare lannen en territoaria waard beävensearre troch Walt Disney Studios Motion Pictures, de distribúsjepoat fan The Walt Disney Company. A Royal Christmas waard letter troch it Hallmark Channel op dvd útbrocht.

Untfangst bewurkje seksje

Fan 'e tillefyzjekritisy krige A Royal Christmas oer it algemien positive resinsjes. Sa skreau Allison Keene yn The Hollywood Reporter dat se de cast, en yn 't bysûnder Lacey Chabert en Jane Seymour "natuerlik en sympatyk" fûn. Se gie fierder: "A Royal Christmas finket op fermaaklike wize alle hokjes ôf dy't ôffinke wurde moatte: sa is der de ferplichte montaazje fan risselwearring foar it bal, wêrby't Emily tanksij Victor leart hoe't se walse moat, en teffens in sikestûkjende binnenkomst by de treppen del. Lessen wurde leard, snie falt en leafde oerwint alles." Keene konkludearre dat de film "ien diel Jiskepûster, twa dielen The Princess Diaries, […] en in snufke 'win in reis nei Downton Abbey' is".

Trivia bewurkje seksje

Katherine Flynn, dy't yn 'e film der rol fan Natasha hartoginne fan Warren spile, is yn it echte libben de dochter fan Jane Seymour, dy't yn 'e film de rol fan keninginne Isidora fan Kordynje spile.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.