Lacey Chabert (folút: Lacey Nicole Chabert; Purvis (Mississippy), 30 septimber 1982) is in Amerikaansk aktrise, dy't mei tolve jier al ynternasjonale bekendheid krige mei har rol as Claudia Salinger yn 'e dramasearje Party of Five. Dêrnjonken is se bekend út films as Lost in Space, Not Another Teen Movie, Daddy Day Care en Mean Girls, en fan har wurk as stimaktrise.

Lacey Chabert
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Lacey Nicole Chabert
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 30 septimber 1982
berteplak Purvis (Mississippy)
etnisiteit Frânsk
Ingelsk
Italjaansk
Cajun
Sisyljaansk
Skotsk
jierren aktyf 1987 – no
offisjele webside
www.thereallacy.com

Libben en karriêre bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding bewurkje seksje

Lacey Chabert waard yn 1982 berne yn Purvis, yn 'e súdlike Amerikaanske steat Mississippy, as ien fan 'e fjouwer bern yn it gesin fan Tony Chabert, in ûnderhâldsmonteur by in ierdoaljemaatskippij, en dy syn frou Julie Johnson. Har heit is in Frânsktalige Cajun út súdlik Louisiana, dy't ek Sisyljaansk en Ingelsk bloed hat, wylst har mem fan Ingelsk, Skotsk en yn 'e fierte fan Italjaansk komôf is. Chabert hat twa âldere susters en in jongere broer.

Aktearkarriêre bewurkje seksje

As bern wie Chabert al aktyf as aktrise, en ien fan har earste wichtige rollen ferfolle se yn 1992 en 1993 yn 'e Broadwayproduksje fan Les Misérables as Cosette. Nei't se yn 1990 al foar it earst yn in tillefyzjesearje te sjen west hie, briek se yn 1994, doe't se tolve jier wie, troch mei har rol as Claudia Salinger yn 'e dramarige Party of Five. Dy searje, mei û.o. Neve Campbell en Jennifer Love Hewitt yn 'e oare haadrollen, gie oer it wol en wee fan in gesin besteande út fiif bruorren en susters fan wa't de âlden by in ferkearsûngemak om it libben kommen binne. Party of Five rûn oant en mei 2000. Chabert wûn foar har rol as Claudia Salinger yn 1999 in Young Artist Award en waard yn 1995, 1996 en 1997 foar dyselde priis nominearre.

Har debút as filmaktrise makke Chabert yn 1998 as Penny Robinson yn 'e science fiction-skriller Lost in Space, mei û.o. William Hurt, Mimi Rogers, Heather Graham en Matt LeBlanc. Fierders spile Chabert û.m. Amanda Becker yn Not Another Teen Movie (2001), Jenny yn Daddy Day Care (2003) en Gretchen Wieners yn Mean Girls (2004). Datselde jiers fertolke hja ek de titelrol yn 'e tillefyzjefilm The Brooke Ellison Story, oer it wierbarde ferhaal fan in frou dy't ferlamme wie oan alle fjouwer lidden, mar dy't dochs withoefolle obstakels wist te oerwinnen om ôfstudearje te kinnen oan 'e prestizjeuze Universiteit fan Harvard. Yn 2006 spile Chabert yn 'e remake fan 'e klassike splatterhorrorfilm Black Christmas.

Njonken rollen yn minder bekende films en gastrollen yn tillefyzjesearjes wurke Chabert fierders in protte as stimaktrise, te begjinnen mei it personaazje Eliza Thornberry yn 'e tekenfilmsearje The Wild Thornberrys, fan 1998 oant 2004. Ek liende se har stim oan dochter Meg Griffin yn it earste seizoen fan 'e tekenfilmsearje Family Guy (1999), wêrnei't Mila Kunis dy rol oernaam om't Chabert it net mear ynpasse koe tusken har oare aktearjen en har skoalwurk. Fierders spile Chabert ek prinsesse Elise yn it fideospultsje Sonic the Hedgehog (2006), en Gwen Stacy yn 'e tekenfilmsearje The Spectacular Spider-Man (2008-2009). Fan 2011 oant 2016 spile se Dani Burns en ferskate oare rollen yn 'e tekenfillmsearje Transformers: Rescue Bots.

Yn 2013 en 2014 hie Chabert in weromkearende rol yn 'e komeedzjesearje Baby Daddy as dokter Amy Shaw. Fan 2016 ôf spile se fierders yn mear as tritich romantyske tillefyzjefilms foar it Amerikaanske Hallmark Channel, wêrûnder de krystfilm A Royal Christmas, mei û.o. Jane Seymour. The New York Post en oare media hawwe Chabert dêrom wol oantsjut as de 'Keninginne fan Hallmark-krystfilms'. Yn in fraachpetear mei E! sei Chabert: "ien fan 'e dingen dy't ik sa moai fyn oan [it wurkjen foar Hallmark] is dat [de films] garandearre in happy end hawwe. […] Ik wol leauwe, mei de wrâld sa't dy hjoed de dei is, bin ik tige grutsk om diel út te meitsjen fan in projekt dat in bytsje leafde en ljocht en lichthertigens […] tafoeget."

Ien fan Chabert har earste Hallmark-films wie it súksesfolle A Christmas Melody, wêryn't se û.o. sjongster Mariah Carey as tsjinspylster hie. Yn 2017 wurke Chabert as stimaktrise mei oan 'e tekenfilm All I Want for Christmas Is You, dy't basearre wie op it boek mei deselde namme dat skreaun wie troch Mariah Carey en Colleen Madden. Dêrby wurke se fannijs gear mei Carey, dy't ek as stimaktrise by de tekenfilm belutsen wie.

 
Lacey Chabert yn 2019.

Yn 2019 krige Chabert in rol yn 'e Crossword Mysteries-searje op it tillefyzjekanaal Hallmark Movies & Mysteries. Yn 2022 ferlieten ferskate fêste Hallmark-akteurs it Hallmark Channel om oer te stappen nei it nije tillefyzjenetwurk Great American Family, dat him op deselde doelgroep rjochtet. Chabert spriek lykwols yn it iepenbier har stipe foar it Hallmark Channel út en se tekene in nij kontrakt dat har in gruttere rol binnen it netwurk joech. Sa soe se tenei guon fan har eigen tillefyzjefilms produsearje.

Oare wurkmêden bewurkje seksje

Yn septimber 2022 brocht Chabert har eigen moadekolleksje út, de Lacey Chabert Collection, fia it thúswinkelnetwurk HSN. De kolleksje omfieme jekken, joggingbroeken, leggings, sokken, jurken en truien, allegear foar betelbere prizen fan tusken de $15 en de $80. Yn in fraachpetear mei InStyle sei Chabert dat se der altyd fan dreamd hie om in eigen moadekolleksje te hawwen.

Priveelibben bewurkje seksje

Chabert wennet yn súdlik Kalifornje, dêr't se yn 1994 mei har âlden, broer en susters hinne ferfearn is foar har rol yn Party of Five. Yn jannewaris 2007 en nochris yn novimber 2013 stie se op 'e omslach fan it manljusblêd Maxim. Op 22 desimber 2013 troude Chabert yn Los Angeles mei har freon David Nehdar, mei't wa't se al jierrenlang in relaasje hie. Yn septimber 2016 befoel se fan harren dochter Julia.

Filmografy bewurkje seksje

Filmografy as aktrise
jier titel rol of funksje opmerkings
tillefyzje
1991 A Little Piece of Heaven Princess alias "Hazel" tillefyzjefilm
nom. Young Artist Award foar bêste jonge aktrise ûnder de 10
1991 Reading Rainbow harsels as stimaktrise; gastrol; ôfl. Snowy Day: Stories and Poems
1992–1993 All My Children Bianca Montgomery weromkearende rol; 2 ôfl.
1993 Gypsy Baby June tillefyzjefilm
1994–2000 Party of Five Claudia Salinger fêste rol; 142 ôfl.
wûn Young Artist Award foar bêste jonge aktrise yn in dramasearje (1999)
3× nom. Young Artist Award foar bêste jonge aktrise yn in dramasearje (1995–1997)
1996 ABC Afterschool Specials Carly Gallagher gastrol; ôfl. Educating Mom
1996 Gargoyles: The Goliath Chronicles Kim as stimaktrise; gastrol; 1 ôfl.
1996 Gargoyles: The Goliath Chronicles Bobbi Porter as stimaktrise; gastrol; 1 ôfl.
1996 Aaahh!!! Real Monsters ferskate rollen as stimaktrise; weromkearende rol; 3 ôfl.
1997 The Adventures from the Book of Virtues de jongste dochter as stimaktrise; gastrol; ôfl. Respect
1997 When Secrets Kill Jenny Newhall tillefyzjefilm
1997 Hey Arnold! Ruth P. McDougal as stimaktrise; weromkearende rol; 2 ôfl.
1998 Stories from My Childhood Jenny gastrol; ôfl. The Last Petal
1998 Hercules Callista as stimaktrise; gastrol; ôfl. Hercules and the Kids
1998–2004 The Wild Thornberrys Eliza Thornberry
ferskate oare rollen
as stimaktrise; fêste rol; 90 ôfl.
1999–2000 Family Guy Meg Griffin as stimaktrise; fêste rol; 12 ôfl.
2001 The Wild Thornberrys: The Origin of Donnie Eliza Thornberry as stimaktrise; tillefyzjefilm
2002 The Proud Family ferskate rollen as stimaktrise; gastrol; ôfl. Romeo Must Wed
2002 Strong Medicine Mary gastrol; ôfl. Heartbeat
2002 The Drew Carey Show Grace gastrol; ôfl. Drew's Girl Friday
2003 Stuart Little: The Animated Series Katy as stimaktrise; gastrol; ôfl. Skateboard Dogz
2003 Punk'd harsels slachtoffer; ôfl. #1.4
2004 The Brooke Ellison Story Brooke Ellison tillefyzjefilm
2005 American Dragon: Jake Long Jasmine as stimaktrise; gastrol; ôfl. Dragon Breath
2005 Super Robot Monkey Team Hyperforce Go! Surthanna as stimaktrise; gastrol; ôfl. Girl Trouble
2005–2006 Bratz Kaycee as stimaktrise; fêste rol; 17 ôfl.
2006 She Said/He Said ûnbekend tillefyzjefilm
2006 Hello Sister, Goodbye Life Olivia tillefyzjefilm
2006 Ghost Whisperer Donna Ellis gastrol; ôfl. Love Still Won't Die
2007 Me, Eloise! Ida as stimaktrise; gastrol; ôfl. Eloise Goes Hollywood (Part 1)
2007 What If God Were the Sun? Jamie Spagnoletti tillefyzjefilm
2008 Untitled Liz Meriwether Project Liz Meriwether tillefyzjefilm
2008–2009 The Spectacular Spider-Man Gwen Stacy as stimaktrise; fêste rol; 25 ôfl.
2009 The Lost Jane tillefyzjefilm
2009 Glenn Martin, DDS Amish-famkes as stimaktrise; gastrol; ôfl. Amish Anguish
2010 Elevator Girl Liberty Taylor tillefyzjefilm foar it Hallmark Channel
2011 Mike DA Mustang Angel tillefyzjefilm
2011 Allen Gregory Beth as stimaktrise; weromkearende rol; 6 ôfl.
2011–2012 Generator Rex Jojo
ferskate oare rollen
as stimaktrise; weromkearende rol; 2 ôfl.
2011–2012, 2018 Family Guy Jan Brady as stimaktrise; weromkearende rol; 3 ôfl.
2011–2016 Young Justice Zatanna Zatara
ferskate oare rollen
as stimaktrise; fêste rol; 18 ôfl.
2011–2013
2019–2022
Transformers: Rescue Bots Dani Burns
ferskate oare rollen
as stimaktrise; fêste rol; 104 ôfl.
2012 Doc McStuffins Gabby the Giraffe as stimaktrise; gastrol; ôfl. Arcade Escapade/Starry, Starry Night
2012 Imaginary Friend Emma tillefyzjefilm
2012 The Avengers: Earth's Mightiest Heroes Daisy Johnson / Quake as stimaktrise; weromkearende rol; 2 ôfl.
2012 Matchmaker Santa Melanie tillefyzjefilm foar it Hallmark Channel
2013 Off Season: Lex Morrison Story Sally Summers tillefyzjefilm
2013 Scarecrow Kristen tillefyzjefilm
2013 Non-Stop Amy Nightingale tillefyzjefilm
2013–2014 Baby Daddy dokter Amy Shaw weromkearende rol; 6 ôfl.
2013–2015 Robot Chicken Eliza Thornberry
ferskate oare rollen
as stimaktrise; weromkearende rol; 2 ôfl.
2014 The Color of Rain Gina Kell tillefyzjefilm foar it Hallmark Channel
2014 A Royal Christmas Emily Taylor tillefyzjefilm foar it Hallmark Channel
2014 The Tree That Saved Christmas Molly Logan tillefyzjefilm foar UP TV
2014 Living the Dream Jenna Harris tillefyzjefilm
2015 All of My Heart Jenny Fintley tillefyzjefilm foar it Hallmark Channel
2015 Family for Christmas Hanna Dunbar tillefyzjefilm foar it Hallmark Channel
2015 A Christmas Melody Kristin Parson tillefyzjefilm foar it Hallmark Channel
2015 Family Fortune Nichole tillefyzjefilm
2016 Teachers Ginny gastrol; ôfl. Jacob
2016 Still the King Laura Beth weromkearende rol; 4 ôfl.
2016 Kulipari: An Army of Frogs Coorah
Thuma
as stimaktrise; fêste rol; 13 ôfl.
2016 A Wish for Christmas Sara Thomas tillefyzjefilm foar it Hallmark Channel; ek ko-útfierend produsinte
2016 & 2019 The Lion Guard Vitani as stimaktrise; weromkearende rol; 2 ôfl.
2016–2017 Justice League Action Zatanna Zatara as stimaktrise; weromkearende rol; 5 ôfl.
2016–2018 Voltron: Legendary Defender Nyma
Romelle
Te-osh
as stimaktrise; weromkearende rol; 4 ôfl.
2016–2020 Shimmer and Shine Zeta de Tsjoenster as stimaktrise; fêste rol; 22 ôfl.
2017 Moonlight in Vermont Fiona Rangley tillefyzjefilm foar it Hallmark Channel
2017 All of My Heart: Inn Love Jenny Fintley tillefyzjefilm foar it Hallmark Channel
2017 The Sweetest Christmas Kylie Watson tillefyzjefilm foar it Hallmark Channel
2018 My Secret Valentine Chloe Grange tillefyzjefilm foar it Hallmark Channel
2018 Love on Safari Kira Slater tillefyzjefilm foar it Hallmark Channel
2018 All of My Heart: The Wedding Jenny Fintley tillefyzjefilm foar it Hallmark Channel
2018 Pride, Prejudice and Mistletoe Darcy Fitzwilliam tillefyzjefilm foar it Hallmark Channel
2019 Love, Romance & Chocolate Emma Colvin tillefyzjefilm foar it Hallmark Channel
2019 The Crossword Mysteries: A Puzzle to Die For Tess Harper tillefyzjefilm foar Hallmark Movies & Mysteries
2019 The Crossword Mysteries: Proposing Murder Tess Harper tillefyzjefilm foar Hallmark Movies & Mysteries
2019 Christmas In Rome Angela de Luca tillefyzjefilm foar it Hallmark Channel
2019 Kung Fu Panda: The Paws of Destiny pandamem
Xiao
ferskate oare stimmen  
as stimaktrise; weromkearende rol; 10 ôfl.
2020 Winter in Vail Chelsea Whitmore tillefyzjefilm foar it Hallmark Channel
2020 The Crossword Mysteries: Abracadaver Tess Harper tillefyzjefilm foar Hallmark Movies & Mysteries
2020 Christmas Waltz Avery tillefyzjefilm foar it Hallmark Channel
2020 Time for Us to Come Home for Christmas Sarah Thomas tillefyzjefilm foar Hallmark Movies & Mysteries
2021 The Crossword Mysteries: Terminal Descent Tess Harper tillefyzjefilm foar Hallmark Movies & Mysteries
2021 Crossword Mysteries: Riddle Me Dead Tess Harper tillefyzjefilm foar Hallmark Movies & Mysteries
2021 Sweet Carolina Josie Wilder tillefyzjefilm foar it Hallmark Channel
2021 Christmas at Castle Hart Brooke Bennett tillefyzjefilm foar it Hallmark Channel
2021 Harriet the Spy Marion Hawthorne as stimaktrise; minysearje foar Apple+
2022 The Wedding Veil Avery Morrison tillefyzjefilm foar it Hallmark Channel
2022 The Wedding Veil: Unveiled Avery Morrison tillefyzjefilm foar it Hallmark Channel
2022 The Wedding Veil: Legacy Avery Morrison tillefyzjefilm foar it Hallmark Channel
2022 Groundswell Emma tillefyzjefilm foar Hallmark Movies & Mysteries
2022 Haul Out the Holly Emily tillefyzjefilm foar it Hallmark Channel
2023 The Wedding Veil: Expectations Avery Hastings tillefyzjefilm foar it Hallmark Channel
films
1997 Journey Beneath the Sea Merla as stimaktrise; direkt-op-fideo útbrocht
1997 Redux Riding Hood Readkapke as stimaktrise; koarte film
1997 Babes in Toyland Jill as stimaktrise; direkt-op-fideo útbrocht
1997 Anastasia de jonge Anastasia as stimaktrise (sjongen)
1998 Lost in Space Penny Robinson nom. Young Artist Award foar bêste jonge aktrise yn in film
1998 The Lion King II: Simba's Pride de jonge Vitani as stimaktrise; direkt-op-fideo útbrocht
1998 An American Tail: The Treasure of Manhattan Island Tanya as stimaktrise
1999 An American Tail: The Mystery of the Night Monster Tanya as stimaktrise
1999 We Wish You a Merry Christmas Cindy as stimaktrise
2001 Tart Eloise Logan
2001 Not Another Teen Movie Amanda Becker
2002 Hometown Legend Rachel Sawyer
2002 Balto II: Wolf Quest Aleu as stimaktrise; direkt-op-fideo útbrocht
2002 Snow Dogs Lytse Aleutia as stimaktrise
2002 The Scoundrel's Wife Florida Picou
2002 The Wild Thornberrys Movie Eliza Thornberry as stimaktrise
2003 Daddy Day Care Jenny
2003 Rugrats Go Wild Eliza Thornberry as stimaktrise
2004 On Tracy Lane: Back to Maybe Leading Lady koarte film
2004 Mean Girls Gretchen Wieners wûn MTV Movie Award foar bêste team op it wite doek
(mei Lindsay Lohan, Rachel McAdams en Amanda Seyfried)
2004 Shadows of Fear Allison Henderson
2005 Dirty Deeds Meg Cummings
2006 High Hopes Cindy
2006 Fatwa Noa Goldman
2006 A New Wave Julie
2006 Bratz: Genie Magic Kaycee direkt-op-fideo útbrocht
2006 The Pleasure Drivers Faruza
2006 Choose Your Own Adventure: The Abominable Snowman Crista North direkt-op-fideo útbrocht
2006 Bratz: Passion 4 Fashion – Diamondz Kaycee direkt-op-fideo útbrocht
2006 Black Christmas Dana Mathis
2007 Be My Baby Tiffany
2007 Being Michael Madsen Vanessa Rapaport
2008 Sherman's Way Marcy
2008 Reach for Me Sarah
2009 Ghosts of Girlfriends Past Sandra
2010 In My Sleep Becky
2010 Thirst Noelle Edwards direkt-op-fideo útbrocht; ek útfierend produsinte
2010 Quantum Quest: A Cassini Space Odyssey Jeanna as stimaktrise
2011 Destruction Party Ava koarte film
2011 A Holiday Heist Jennifer
2012 Beverly Hills Chihuahua 3: Viva La Fiesta! Charlotte as stimaktrise; direkt-op-fideo útbrocht
2013 Sanitarium frou Lorne segmint Monsters are Real
2013 Slightly Single in L.A. Dale Squire
2013 Scooby-Doo! Mecha Mutt Menace Melanie Staples as stimaktrise; koarte film
2013 Anything Is Possible Maggie
2014 Telling of the Shoes Abby
2014 Ghost of Goodnight Lane Dani
2014 Christian Mingle Gwyneth Hayden
2016 Ginger & Snapper Ginger koarte film
2016 The Lost Tree Jenna Lynds
2017 All I Want for Christmas Is You Penelope as stimaktrise; direkt-op-fideo útbrocht
2018 Do You Jane koarte film
fideospultsjes
2001 Nicktoons Racing Eliza Thornberry as stimaktrise
2002 Nickelodeon Party Blast Eliza Thornberry as stimaktrise
2003 Rugrats Go Wild! Eliza Thornberry as stimaktrise
2005 Bratz: Rock Angelz Kaycee as stimaktrise
2006 Sonic the Hedgehog prinsesse Elise as stimaktrise
2011 Star Wars: The Old Republic Mako as stimaktrise
2013 Star Wars: The Old Republic – Rise of the Hutt Cartel Mako as stimaktrise
2013 Injustice: Gods Among Us Zatanna Zatara as stimaktrise
2013 Young Justice: Legacy Zatanna Zatara
LexCorp Bot
toeriste
as stimaktrise
2014 Star Wars: The Old Republic – Shadow of Revan Mako as stimaktrise
2015 Infinite Crisis Zatanna Zatara as stimaktrise
2015 Star Wars: The Old Republic – Knights of the Fallen Empire   Mako as stimaktrise
2022 Nickelodeon Extreme Tennis Eliza Thornberry as stimaktrise

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.