Alliearde besettingssônes fan Dútslân
|
Skiednis fan Dútslân |
Germaanske Aldheid |
Nei de ein fan de Twadde Wrâldkriich, waard Dútslân beset troch de fjouwer oerwinnende alliearde machten de Feriene Steaten, Grut-Brittanje, Frankryk en de Sovjet-Uny.
Skiednis
bewurkje seksjeBy it Konferinsje fan Jalta waard oanstrúnd yn it ferpartsjen fan Dútslân yn besettingssônes en Berlyn yn sektoaren. Dit wie besletten om sa in lykwicht te krijen tusken de besettingsmachten om te foarkommen dat ien fan de machten gâns Dútslân besette soe. Yn july fan 1945 waard Dútslân ferdield yn de Amerikaanske, Britske en Sovjet-besettingssône. Parten fan de Amerikaanske en Britske sônes waarden omfoarme ta de Frânske besettingssône.
Sûnder syn bûnsgenoaten witte te litten anneksearre de Sovjet-Uny it gebiet beëasten de Oder-Neisse en stie dit gebiet foar it grutste part ôf oan Poalen yn ruil foar it gebiet dy de Sovjet-Uny fan dat lân yn 1939 anneksearre hie. Sa waard Dútslân yn fjouweren dield en de haadstêd Berlyn waard yn fjouwer sektoaren ferdield. Berlyn wie wynliken in enklave yn de Sovjet-besettingssône. De Sovjet-Uny hie Berlyn beset en ûntromme it westlike part fan de stêd foar de westlike machten. De Feriene Steaten hie parten fan Tueringen en Saksen-Anhalt bewesten de Elbe beset en ûntromme dizze gebieten foar de Sovjet-Uny. Militêren fan de fjouwer machten koene harren rûnom bewege yn alle sektoaren fan Berlyn.
Op de Konferinsje fan Potsdam waard troch de alliearden besletten dat Dútslân bestjoerd wurde soe troch de Alliearde Kontrôleried. Allinnich pleatslik bestjoer bleau yn Dútske hannen. Inkele wichtige doelen fan de besetting wiene:
- ûntnazifisearring: it suverjen fan bestjoer, ûnderwiis en propaganda fan de nazi's en it úteinsetten fan de Prosessen fan Neurenberch, wêr hege nazi's berjochte waarden.
- ûntlegering: it ôfskaffen fan it Dútske leger en ûntwapening fan de befolking
- demokratisearring: it oanbringen fan in stabile demokrasy
- desintralisaasje: ta tsjinstelling fan it sintralistysk bestjeorde Nazi-Dútslân, moast Dútslân wer tebek nei in federaal bestjoerd systeem.
Yn 't begjin waard der op oanstrúnd en bestjoer Dútslân as ekonomyske ienheid. Nettsjinsteande wiene de fjouwer machten it op in soad punten net meiïnoar iens. Benammen op it begryp demokratisearring waard troch de Sowjet Uny oars opfette as de trije westlike machten. As in foarm fan skeafergoeding plonderen de Frânsken en Sowjets harren sônes lecch, wilens de Amerikanen oanstrúnen op ekonomysk werstel. De Kâlde Kriich sette sa stadichoan útein en in werstel fan de Dútske ienheid kaam hieltyd fierder fuort te lizzen.
Op 2 desimber 1946 foegen de Britten en Amerikanen harren sônes tegearre, de saneamde Bisône, en op 8 april 1949 sleat de Frânske sône him der ek by oan, de saneamde Trisône. Yn de 3 westlike sônes (sûnder West-Berlyn) waard op 20 juny 1948 de âlde ryksmark ferfongen troch de nije D-mark. Dit hat letter ta in rappe ekonomyske groei laat. Yn andert hjirop waard op 23 juny 1949 yn de Sowjet-sône de Eastmark (Ostmark) ynfierd. Nei't de D-mark ek yn West-Berlyn ynfierd waard begûn de Sowjet-Uny mei de Blokkade fan Berlyn, mei it ôfsluten fan de tagongswegen fan westlike sônes nei West-Berlyn ta. De westlike alliearden stelden in loftbrêge en foarsjoch de stêd fan guod. Nei 8 moanne waard de blokkade opheven.
De westlike alliearden wurken sûnt 1948 yn de Bisône/Trisône oan in demokratyske grûnwet foar it westen fan Dútslân. Mei de ûndertekening hjirfan op 23 maaie 1949 waard wynliken de Bûnsrepublyk Dútslân oprjochte. Op 7 oktober 1949 waard ûnder tasicht fan de Sowjet Uny de Dútske Demokratyske Republyk oprjochte.
Dielsteaten
bewurkje seksjeYn it ramt fan de desintralisearring waard Dútslân, yn east en west, ûnderferparte yn dielsteaten. Dizze dielsteaten wiene yn part lyk mei eardere steaten en Prusyske provinsjes. Prusen sels waard opheven, om't men dat as it sintrum fan it militarisme seach, en waard ferparte yn lytsere dielen. Sa ûntstie in lykwicht yn de dielsteaten wat it oerflak oanbelanget, want it no eardere Prusen besloech mear as de helte fan it grûngebiet fan it eardere Dútske Ryk.
Yn de Amerikaanske sône bleaune Beieren en Bremen sa as wat it wie en waarden de dielsteaten Wuertemberch-Baden en Hessen stifte. Yn de Britske sône bleau Hamboarch wat it wie en waarden de dielsteaten Sleeswyk-Holstein, Nedersaksen en Noardryn-Westfalen stifte. Yn de Frânske sône waarden de dielsteaten Súd-Baden, Rynlân-Palts en Wuertemberch-Hohenzollern stifte. Yn de Sowjet-sône ûntstiene de dielsteaten Brandenboarch, Meklenboarch, Saksen, Saksen-Anhalt en Tueringen.
Yn 1952 fúsearren de dielsteaten Súd-Baden, Wuertemberch-Baden en Wuertemberch-Hohenzollern ta de dielsteat Baden-Wuertemberch. Ek yn dat jier waarden de dielsteaten yn East-Dútslân opheven en ferfongen troch 15 kriten (Bezirke).
Saarlân
bewurkje seksjeIt Protektoraat Saarlân (Frânsk: Protectorat de Sarre, Dútsk: Saarland) wie fan 1947 oant 1957 in Frânsk protektoraat. De oerflak en grinzen wiene gelyk as de hjoeddeiske dielsteat Saarlân. It Saarlân ûntstie as bestjoerlike ienheid yn 1920 by de Frede fan Versailles. It lân bestie út parten fan de Prusyske Rynprovinsje en de Palts. De goa stie foar 15 jier ûnder it bestjoer fan de Folkebûn. Op 13 jannewaris 1935 waard by in folksstimming keazen (90,3% fan de stimmers) keazen foar oansluting by Dútslân. It gebiet waard troch it nazy-regear oantsjutten as Westmark.
Doe't de Bûnsrepublyk yn 1949 foarme waard, kaam Saarlân ûnder Frânsk bestjoer. Yn 1954 hawwe Frankryk en West-Dútslân oanbean en lit it gebiet ûnôfhinklik wurde, dat by in twadde folksstimming mei 67,7% weistimt is. Nei tastimming neffens it Saarferdrach sleat it Saarlân him by de Bûnsrepublyk Dútslân oan op 1 jannewaris 1957.