An Ancient Peace is in science fiction-roman fan 'e hân fan 'e Kanadeeske skriuwster Tanya Huff. De titel betsjut: "In Oerâlde Frede". It boek is it earste diel fan Huff har Peacekeeper-searje, dy't ta de gruttere Confederation-searje heart. Haadpersoan is Torin Kerr, in froulike ûnderofsier by it marinierskorps fan 'e takomstige Konfederaasje fan 'e minskheid mei bûtenierdske rassen. An Ancient Peace, dat skreaun is yn it personele perspektyf, kin los fan 'e oare dielen fan 'e rige lêzen wurde. It boek waard yn 2015 publisearre troch de Amerikaanske útjouwerij DAW Books, mei in omslach dy't makke wie troch Paul Youll. Dy publikaasje waard hast daliks folge troch in werútjefte by de Britske útjouwerij Titan Books.

An Ancient Peace
algemiene gegevens
auteur Tanya Huff
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre science fiction
1e publikaasje 2015, New York
oarspr. útjwr. DAW Books
rige
rige Peacekeeper-searje
● foarich diel The Truth of Valor
● folgjend diel A Peace Divided
kodearring
ISBN 978-0 75 64 11 305

De Confederation-boeken fan Tanya Huff spylje yn in takomst wêryn't de minskheid him oansletten hat by de Konfederaasje, in ûnbidich grut steatsferbân mei alderhanne bûtenierdske rassen. De stifters fan 'e Konfederaasje binne de saneamde Aldere Rassen, dy't in nivo fan beskaving berikt hawwe dêr't geweld, om lykfol hokker reden, as ûntalitber beskôge wurdt. Sterker noch, hja grize fan geweld en kinne harsels der net iens mear ta bringe om geweld te begean. Nei de oprjochting waarden by de tiid lâns stadichoan oare rassen ta de Konfederaasje talitten, de saneamde Middelrassen, sadree't dy itselde nivo fan beskaving berikt hiene. Doe't de Konfederaasje lykwols fiifhûndert jier lyn oanfallen waard troch in oar grut steatsferbân, de Primasy, sieten de Aldere Rassen mei de hannen yn 't hier om't de pasifistyske Konfederaasje net oer in leger of in float beskikte. Harren oplossing wie om 'e minder beskaafde Minsken, Taykan en Krai (de saneamde Jongere Rassen) yn 'e Konfederaasje op te nimmen, dy't gjin swierrichheden hiene om har oan te passen fan planetêre ta ynterstellêre oarlochfiering.

Yn 'e Confederation-searje waard ferteld hoe't Torin Kerr, in ûnderofsier fan it marinierskorps fan 'e Konfederaasje, nei generaasjes fan striid mei de Primasy frijwol eigenhandich in ein oan 'e oarloch makke. Hja ûntdiek dat it hiele konflikt by wize fan sosjaal eksperimint útlokke wie troch selsbewuste polynûmerike molekulêre polyhydrokside alkoholiden, oftewol in soarte fan hyperyntelligint, fan foarm feroarjend, bûtenierdsk plestik. Neitiid waarden der fredesbesprekkings mei de Primasy iepene. Torin gie út it korps wei en joech har by har freon Craig Ryder, in boarger dy't him talein hie op 'e berging fan 'e wrakken fan troch oarlochfiering ferrinnewearre romteskippen fan 'e Konfederearre en Primatyske floaten. It slagge har lykwols net om har bûten saken te hâlden dy't har neat oangiene, en nei ferrin fan tiid waarden Craig en Torin en ferskate oare feteranen troch it Konfederearre Ministearje fan Justysje as eksterne ekspêrs yn 'e earm nommen om ôf te weven mei gewelddiedige kriminelen.

Yn An Ancient Peace wurdt Torin derby roppen as de ynljochtingetsjinst fan it Marinierskorps fan 'e Konfederaasje in tûzenen jierren âlde koekjewaarmer op it spoar komt fan 'e H'san, it ras dat de driuwende krêft wie efter de stifting fan 'e Konfederaasje. It apparaat is in grêfgeskink dat ôfkomstich is fan in planeet dêr't de H'san nei in genosidale oarloch harren wapens mei harren deaden begroeven hawwe yn in reuseftige nekropolis doe't se út kollektyf berou besleaten om tenei pasifisten te wurden. Dy planeet is sitewearre yn it oarspronklike sinnestelsel fan 'e H'san, dat se lang lyn evakuëarre hawwe doe't harren sinne útgroeide ta in reade reus en de planeet fan harren oarsprong opslokte. De nekropolisplaneet sirkele fier genôch oan 'e bûtenkant fan it planetestelsel om 'e sinne, dat dy dat lot besparre bleaun is, mar de krekte lokaasje fan it no ûnbewenne sinnestelsel is in geheim dat sels de ynljochtingetsjinst fan it Marinierskorps net ûntraffelje kinnen hat.

De koekjewaarmer bewiist lykwols dat de lokaasje fan it sinnestelsel net foar eltsenien mear geheim is, om't der dúdlik grêfrôvers aktyf binne. Dat op himsels kin it Marinierskorps it measte net skele, mar de kâns dat de grêfrôvers de oerâlde wapens fan 'e H'san fine, is in stik soarchliker. Kolonel Hurrs, de kommandant fan 'e ynljochtingetsjinst, wol mei dizze saak net nei de H'san of de oare Aldere Rassen ta, om't er derfan oertsjûge is dat de grêfrôvers leden fan 'e Jongere Rassen binne. No't de oarloch foarby is (en der dus gjin direkt ferlet mear is fan 'e oarlochssuchtige Jongere Rassen), geane der yn it parlemint fan 'e Konfederaasje dochs al stimmen op om 'e Minsken, Taykan en Krai guon rjochten as leden fan 'e Konfederaasje te ûntnimmen, en in akkefytsje as dit soe krekt it triuwke wêze kinne dat nedich is om sa'n foarstel troch it parlemint te krijen.

Dus oan Torin de opdracht om yn it djipste geheim it spoar fan 'e koekjewaarmer werom te folgjen, de lokaasje fan it oarspronklike sinnestelsel fan 'e H'san te ûntdekken en dan op 'e troch automatisearre ferdigeningsmeganismen bewekke nekropolisplaneet de grêfrôvers tsjin te hâlden mei lykfol hokker middels oft dêr mar foar nedich binne. Torin set ôf mei har team, besteande út har freon Craig Ryder, de Minsklike skerpskutter Binti Mashona, de Krai-âld-mariniers Werst en Ressk en de Taykan-kompjûterspesjalist Alamber. Hja ûntdekke dat de koekjewaarmer (en ferskate oare grêfgeskinken) oan lûsje antykhannelers ferkocht binne troch in Katrien mei de namme Jamers a Tur fenYenstrakin. It slagget harren lykwols net om 'e lokaasje fan it oarspronklike sinnestelsel fan 'e H'san te ûntdekken, oant der kontakt mei harren opnommen wurdt troch Presit a Tur durValintrisy, de tige yrritante Katrien-ferslachjouster dêr't Torin yn it ferline al ferskate kearen gedoente mei hân hat.

Presit blykt foar de feroaring ris net efter in nijsitem oan te sitten, mar troch it haad fan har clan útstjoerd te wêzen om in oar clanlid, in James a Tur fenYenstrakin, op te spoaren, fan wa't al lange tiid neat fernommen is. Torin wit Presit der, wûnder boppe wûnder, fan te oertsjûgjen dat se dizze kwestje better oan har oerlitte kin, en ûnthjit har om 'e fermiste Katrien werom te bringen as dat fysyk mooglik is. Yn ruil dêrfoar jout Presit de lokaasje fan it oarspronklike sinnestelsel fan 'e H'san priis, dy't mank de Aldere Rassen en Middelrassen algemien bekend blykt te wêzen.

Op 'e nekropolisplaneet oankommen moatte Torin en har team net inkeld automatisearre befeiligingssatelliten yn in baan om 'e planeet hinne ûntwike, mar, as se ienris de nekropolis binnenkrongen binne, ek mûklagen dy't de H'san dêr ynboud hawwe, en dy't ûnder de grêfrôvers al ferskate deadlike slachtoffers makke hawwe. As se úteinlik djip yn 'e nekropolis trochkringe, docht boppedat bliken dat de âlde H'san net tebekskrillen foar it nekroneurologysk animearjen fan harren eigen deaden, en moatte Torin-en-dy it ek noch opnimme tsjin "H'san-sombys".

Tsjin 'e tiid dat Torin mei har team en de oerlibjende (en no arrestearre) grêfrôvers de planeet wer ferlit, is der sa'n skea oan 'e nekropolis oanrjochte, dat dy net mear te ferbergjen is. Mar wichtiger as dat is foar Torin it omtinken dat as men as folwoeksene behannele wurde wol, men jin ek as folwoeksene gedrage moat. Dêrom beslút se de hiele kwestje iepenbier te meitsjen en har finzenen oer te dragen oan it Ministearje fan Justysje. Dêr is men not amused oer it hiele spul, mar der wurdt tajûn dat Torin it bêst mooglike fan in minne saak makke hat. (It helpt dat de H'san ferrassende begrypfol binne.) De konklúzje fan Justysje is dat Torin en har team mar better offisjeel 'warders' (de plysje fan 'e Konfederaasje) wurde kinne, net yn it lêste plak om't se dan better yn 'e rekken holden wurde kinne om't se dúdlik net los fertroud binne.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Confederation-searje
Valor-searje
Valor's Choice • The Better Part of Valor • The Heart of Valor • Valor's Trial • The Truth of Valor
Peacekeeper-searje
An Ancient Peace • A Peace Divided • The Privilege of Peace