The Better Part of Valor

The Better Part of Valor is in science fiction-roman fan 'e hân fan 'e Kanadeeske skriuwster Tanya Huff. De titel betsjut: "It Grutste Part fan Moed" en is ôflaat fan it Ingelske sprekwurd "discretion is the better part of valour" ("foarsichtigens is it grutste part fan moed"). It boek fertelt it ferhaal fan sersjant Torin Kerr, dy't op 'e nij op in drege missy har mariniers yn libben sjen moat te hâlden. The Better Part of Valor is it twadde diel fan 'e fiifdielige Valor-searje, dy't sels wer ûnderdiel útmakket fan 'e gruttere Confederation-searje. De roman waard yn 2002 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij DAW Books, mei in omslach makke troch Paul Youll. Neitiid folgen werútjeften by de Britske útjouwerij Titan Books (ûnder de oanpaste titel The Better Part of Valour) en as ûnderdiel fan 'e omnibusedysje A Confederation of Valor (2006), tegearre mei it foargeande diel út 'e rige, Valor's Choice.

The Better Part of Valor
algemiene gegevens
auteur Tanya Huff
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre science fiction
1e publikaasje 2002, New York
oarspr. útjwr. DAW Books
rige
rige Valor-searje
● foarich diel Valor's Choice
● folgjend diel The Heart of Valor
kodearring
ISBN 978-0 75 64 00 620

De Confederation-searje spilet yn in takomst wêryn't de minskheid him oansletten hat by de Konfederaasje, in ûnbidich grut steatsferbân mei tsientallen bûtenierdske rassen. De stifters fan 'e Konfederaasje binne de saneamde Aldere Rassen, dy't in nivo fan beskaving berikt hawwe dêr't geweld, om lykfol hokker reden, as ûntalitber beskôge wurdt. Sterker noch, hja grize fan geweld en kinne harsels der net iens mear ta bringe om geweld te begean. Nei de oprjochting waarden by de tiid lâns stadichoan oare rassen ta de Konfederaasje talitten sadree't dy itselde nivo fan beskaving berikt hiene. Dy letter talitten rassen binne de saneamde Middelrassen.

Doe't de Konfederaasje lykwols fiifhûndert jier lyn oanfallen waard troch in oar grut steatsferbân, de Primasy, sieten de Aldere Rassen en de Middelrassen mei de hannen yn 't hier om't de pasifistyske Konfederaasje net oer in leger of in float beskikte. Harren oplossing wie om 'e minder beskaafde Minsken, Taykan en Krai (de saneamde Jongere Rassen) yn 'e Konfederaasje op te nimmen, dy't gjin swierrichheden hiene om har oan te passen fan planetêre ta ynterstellêre oarlochfiering.

Yn The Better Part of Valor wurdt sersjant Torin Kerr troch generaal Morris, mei wa't se earder in oanfarring hie (sjoch: Valor's Choice), útkeazen om diel út te meitsjen fan in ekspedysje fan it marinierskorps fan 'e Konfederaasje nei in reuseftich stilhingjend romteskip fan ûnbekende oarsprong, dat yn 'e gerjochtichheid fan 'e Konfederaasje ûntdutsen is. It skip is grut en giel, dat Torin neamt it by harsels 'Grut-en-Giel', in namme dy't al rillegau oernommen wurdt troch oaren. It skip is ûntdutsen troch Craig Ryder, in minsklike boarger dy't him taleit op 'e berging fan 'e wrakken fan troch oarlochfiering ferrinnewearre romteskippen fan 'e Konfederearre en Primatyske floaten. Behalven út Torin en Craig bestiet de ferkenningsmissy út tolve mariniers, tsien wittenskippers en de yrritante Katrien-sjoernaliste Presit a Tur durValintrisy en har kameraman. De hiele ûndernimming stiet ûnder lieding fan kaptein Travik.

Travik is in Krai, en dat in Krai de lieding taskood kriget, is gjin tafal. De Krai hawwe nammentlik de lêste tiid yn it parlemint fan 'e Konfederaasje foar problemen soarge om't se fine dat sy oerslein wurde foar de hegere rangen yn 'e marine en it marinierskorps. As dat net feroaret, driigje se de nije begrutting foar de kriichsmacht te blokkearjen. It marinierskorps hat dêrom kaptein Travik foar dizze missy útsocht mei de bedoeling om him in maklik putsje te jaan sadat er op basis fan 'e goede ôfhanneling in promoasje krije kin. It probleem is dat kaptein Travik in arrogante omkoal is, dy't fan himsels mient dat er geniaal is. Dy selsoerskatting fan him hat yn it ferline alris in hiele ôfdieling mariniers it libben koste, en fan gefolgen wurdt Travik troch de sljochtwei mariniers hate. Generaal Morris jout Torin de opdracht om te soargjen dat Travik himsels net om hals bringt mei in domme opstiging en om te soargjen dat er der oan 'e ein fan 'e missy foar de bûtenwacht útsjocht as in held. Wêrom't Morris Torin krekt foar dizze opdracht útsocht hat, leit er nea út, mar it is nei alle gedachten heal om heal wraak en fertrouwen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Ienris oan board fan Grut-en-Giel wurdt it mystearje oangeande it romteskip, dat 20,8 km lang en 7,3 km breed is, allinnich mar grutter. Alles liket makke te wêzen fan in ûnbekend soarte plestik, besteande út polynûmerike molekulêre polyhydrokside alkoholiden. Fan 'e bûtenierdske wêzens dy't it romteskip boud hawwe, wurdt neat weromfûn; it skip liket leech en ferlitten te wêzen. Al rillegau feroarsaket ien fan 'e wittenskippers in ûntploffing as er troch in wand hinne boarje wol. Dêrby wurdt de luchtslûs totaal ferwuostge, ynklusyf de shuttle dêr't de leden fan 'e ekspedysje mei arrivearre binne op Grut-en-Giel. Boppedat komme acht wittenskippers en Presit har kameraman om it libben, wylst kaptein Travik swierferwûne en bûten bewustwêzen rekket. De lieding fan 'e ekspedysje komt dêrmei yn 'e hannen fan Torin.

De mariniers oerlibben de ûntploffing allegear om't se djipper yn Grut-en-Giel op ferkenning stjoerd wiene. Torin en Craig Ryder wiene wol yn deselde gong, mar koene op 'e tiid fuortdûke efter in krat mei apparatuer fan 'e wittenskippers. Neitiid sakje se lykwols letterlik troch de flier en komme se in ferdjipping leger telâne. Se ûntdekke dêrnei al rillegau dat se dêrby scand binne, mei't se romtes op it skip ûntdekke dy't sa út harren ûnthâld wei oernommen binne. De mariniers keare ûnderwilens op oarder fan Torin werom nei it plak fan 'e ûntploffing, dêr't se twa oare oerlibbenen fine: de wittenskippers Gytha a Tur calFinistraven, in Katrien, en harveer Niirantapajee, in Niln. Fia in liftskacht jouwe se har neitiid by Torin en Craig, dy't tsjin dy tiid Presit en kaptein Travik opspoard hawwe, dy't ek troch de flier sakke binne nei de legere ferdjipping. No't alle oerlibbenen fan 'e ekspedysje wer byinoar binne, bepaalt Torin dat it missydoel no is om de deunbyste funksjonearjende luchtslûs te berikken, 4 km fierderop en 7 ferdjippings leger.

Wylst se troch Grut-en-Giel tsjogge, komme se hieltyd wer problematyske sitewaasjes tsjin wêrby't se it gefoel hawwe in proef ôflizze te moatten, krekt as oft se laboratoariumrotten binne. Underwilens nimt de seksuële spanning tusken Torin en de berger Craig Ryder stadichoan ta. Doe't Torin oan board fan 'e Berganitan, it marineskip dat harren nei Grut-en-Giel ta brocht hat, mei him yn 'e kunde kaam, koe se him earst net útstean, mar de sjarme fan 'e man begjint har sa njonkelytsen oermânsk te wurden. Yn 'e tuskentiid is op 'e Berganitan net dúdlik wat der oan board fan Grut-en-Giel krekt bard is, mei't de kommunikaasje mei de ferkenningsmissy útfallen is. As der in marineskip fan 'e fijân by Grut-en-Giel arrivearret, docht bliken dat de Berganitan de beskikking oer syn oandriuwing ferlern is. Itselde liket koarte tiid letter bard te wêzen mei it skip fan 'e Primasy. Kaptein Carveg fan 'e Berganitan fermoedet dat de ynfloed fan Grut-en-Giel dêr op 'e iene of oare wize debet oan is. It iennichste wat se dwaan kin is gefjochtstastellen útstjoere om it op te nimmen tsjin 'e gefjochtstastellen dy't de fijân útstjoerd hat. De fijân hat blykber ek belangstelling foar Grut-en-Giel, mar hoe't se de lokaasje fan it reuzeskip wisten, is ûndúdlik.

It antwurd op dy fraach ûntdekke Torin-en-dy as se yn Grut-en-Giel op in ferkenningsmissy fan 'e fijân stjitte, besteande út ynsektoïde wêzens fan minskegrutte dy't de mariniers koartwei 'toarren' neame. De tocht nei de wurkjende luchtslûs rint út op in slepend gefjocht mei de toarren, dy't blykber ek dêrhinne ûnderweis binne. Torin fermoedet dat de toarren troch in marineskip fan 'e Primasy op Grut-en-Giel ôfset binne, mar dat it marineskip him dêrnei wer út 'e fuotten makke hat om't Grut-en-Giel him djip yn it territoarium fan 'e Konfederaasje befynt. Dêrút folget dat it fijannige marineskip ek wer weromkomme sil om 'e toarren wer op te pikken.

Underwilens hawwe de Berganitan en it marineskip fan 'e Primasy allebeide besocht om in shuttle nei de wurkjende luchtslûs te stjoeren, mar yn beide gefallen is dy troch de fijân opblaasd ear't er de luchtslûs berikke koe. In twadde kâns gunt Grut-en-Giel harren blykber net, want oare shuttles wolle net mear starte. As Torin-en-dy einlings de luchtslûs berikke, steane se dêrom foar in nij probleem. Kommunikaasje mei de Berganitan is ûnderwilens wer sporadysk mooglik, dat Torin wit teminsten hoe't it lân derhinne leit. In oplossing soe wêze kinne om de Promise, it bergingsfartúch fan Craig Ryder, yn te setten ynstee fan in shuttle. Dat hat mar in hiel lytse kabine, mar Torin ornearret dat de mariniers yn romtepakken de ôfstân fan Grut-en-Giel nei de Berganitan wol oerlibje kinne yn 'e iepen laadromte dy't bedoeld is foar skipswrakken. It probleem is allinnich dat Craig, dy't net sa'n bytsje paranoïde is as it giet om it bewekjen fan syn privacy, de Promise sa hermetysk ôfsletten hat dat nimmen útsein hysels deryn komme kin.

As Torin lykwols by de luchtslûs inkele rêdingskapsules ûntdekt (mar lang net genôch foar alle leden fan 'e missy), komt se op in idee. Se stjoert Craig yn in rêdingskapsule fan Grut-en-Giel ôf. Hy wurdt yn 'e kapsule troch in Konfederearre gefjochtstastel nei de Berganitan ta sleept (wylst it hiele ein de gefjochtstastellen fan 'e fijân war dogge om 'e kapsule op te blazen). Oankommen op 'e Berganitan ûntslút er de Promise, dy't dêr yn in shuttlehangaar stiet, en keart er werom nei Grut-en-Giel (op 'e nij it hiele ein besketten troch de gefjochtstastellen fan 'e fijân). Tsjin dy tiid is kaptein Travik ferstoarn oan syn ferwûnings, en hawwe de lêste fiif toarren harren oerjûn oan Torin, om't se deabenaud binne dat Grut-en-Giel, dat syn motors oan it opstarten is, mei harren fuortfarre sil. Torin stoppet Travik syn lyk yn in romtepak en beart dat hy it is dy't de luchtslûs op 'e Promise oanslút. Dêrnei wurde Presit, de beide wittenskippers en de slimst ferwûne mariniers yn 'e kabine laden, dy't dêrmei oan 'e kop ta fol is. Torin, de oare mariniers, de toarren en it lyk fan Travik nimme plak yn 'e laadromte fan 'e Promise. Dêrmei witte se krekt op 'e tiid fuort te kommen ear't Grut-en-Giel ôfset.

Op 'e weromreis nei de Berganitan wurdt troch fijannige gefjochtstastellen it efterste diel fan 'e laadromte fan 'e Promise derôf sketten, wat de kriichsfinzen toarren it libben kostet. Ek it lyk fan kaptein Travik giet dêrby ferlern. De rest fan 'e missy wit lykwols de Berganitan te berikken, dêr't de ferwûnen einlings en te'n lêsten fersoarge wurde kinne. Generaal Morris is tige tefreden oer de dramatyske helderol fan kaptein Travik, en Torin is noch tefredener dat it marinierskorps foargoed ferlost is fan Travik syn stommiteiten. Sy en Craig Ryder begjinne in hertstochtlike relaasje. Underwilens is eltsenien de rêdingskapsule fan Grut-en-Giel fergetten wêryn't Craig nei de Berganitan reizge is. It ding is ek nearne mear te finen. En net ien merkt de tolve grutte grize plestik containers op dy't yn 'e hangaar fan 'e Berganitan opsteapele steane.

Huff foege oan The Better Part of Valor in neiwurd ta wêryn't se ferhellet oer de oanfal op 'e Japanske stellings op it eilân Peleliu, yn 'e arsjipel fan 'e Karolinen yn 'e Stille Súdsee, dy't de Amerikaanske 1e Mariniersdifyzje yn septimber 1944 yn it ramt fan 'e Twadde Wrâldoarloch útfierde. Troch brekme oan tiid en munysje hiene de besjittings fan it eilân troch de Amerikaanske Marine net folle úthelle, dat doe't de mariniers oan lân giene, waarden se opwachte troch 10.000 swierbewapene en goed tariste Japanske soldaten, dy't har yn it ûne-hjitte klimaat mank steile koraalkliffen en amper begeanbere mangrovemoerassen yngroeven hiene en as earsten de Amerikaanske ofsieren besochten út te skeakeljen.

Nei de slachting dy't de Japanners op it strân ûnder de mariniers oanrjochten, fierden de Amerikanen in rige frontale oanfallen út op 'e kliffen en dêrnei op in skerptoppige heuvelrêch dy't se de namme Bloody Nose Ridge joegen. Op in stuit ûnder de seisdeiske oanfal op 'e heuvels kaam in ûnderhearrige yn panyk by de Amerikaanske befelhawwer, kolonel Chesty Puller, en fertelde him dat der sokke swiere ferliezen west hiene dat se no "neat betters as sersjants" mear hiene om lieding te jaan oan 'e pelotons. "Lit my dy wat útlizze, jonge," sei Puller dêrop kalm. "Yn it marinierskorps bestiet der neat betters as in sersjant." (Dizze anekdoate hie Huff út A Fellowship of Valor: The Battle History of the United States Marine Corps, skreaun troch kol. Joseph H. Alexander, USMC (b. tsj.), publisearre toch Lou Reda Productions foar The History Channel en A&E Television Networks yn 1997.)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Confederation-searje
Valor-searje
Valor's Choice • The Better Part of Valor • The Heart of Valor • Valor's Trial • The Truth of Valor
Peacekeeper-searje
An Ancient Peace • A Peace Divided • The Privilege of Peace