Chesty Puller (wiere namme: Lewis Burwell Puller; West Point (Firginia), 26 juny 1898Hampton (Firginia), 11 oktober 1971) wie in Amerikaansk marinier dy't focht yn 'e Banane-oarloggen (yn Sintraal-Amearika en op Hispanjoala), yn 'e Twadde Wrâldoarloch en yn 'e Koreaanske Oarloch. Hy wie de meast ûnderskate militêr yn 'e skiednis fan it Amerikaanske Marinierskorps, dy't û.m. fiif kear it Navy Cross wûn, trije kear de Air Medal en sawol in Distinguished Service Cross as in Purple Heart.

Chesty Puller
militêr
persoanlike bysûnderheden
namme folút Lewis Burwell Puller
bynamme Chesty
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 26 juny 1898
berteplak West Point (Firginia)
stoarn 11 oktober 1971
stjerplak Hampton (Firginia)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
tsjinsttiid 19181955
yn tsjinst fan Feriene Steaten
legerûnderdiel mariniers
Am. Marinierskorps
heechste rang luitenant-generaal (sûnt 1955)
befel Am. 2e Mariniersdifyzje                  
Am. 3e Mariniersdifyzje
Am. 1e Mariniersrezjimint
konflikt(en) Banane-oarloggen
besetting fan Haïty
besetting fan Nikaragûa
Twadde Wrâldoarloch
Koreaanske Oarloch
treffen(s) Slach by Agua Carta
Slach by El Sauce
Slach om Guadalcanal
Aksje oan de Matanikau
Slach om Henderson Field
Slach by Cape Gloucester
Slach om Peleliu
Slach by Inchon
2e Slach om Seoel
Slach by de Chosin-opslachmar
ûnderskiedings Air Medal (3×)
Bronze Star Medal
Dist. Service Cross
Legion of Merit (2×)
Navy Cross (5×)
Purple Heart
Silver Star Medal

Begjin 1920-er jierren naam Puller diel oan 'e Amerikaanske besetting fan Haïty, en ein jierren tweintich, begjin jierren tritich oan 'e Amerikaanske besetting fan Nikaragûa. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch focht Puller yn 'e Stille Súdsee tsjin 'e Japanners, wêrby't er lange tiid behelle wie yn 'e Slach om Guadalcanal, yn 'e Salomonseilannen. Letter joech er lieding oan 'e Amerikaanske ferovering fan Peleliu, in eilân yn 'e arsjipel fan 'e Karolinen, wat ien fan 'e bloedichste slaggen wie dêr't it Amerikaanske Marinierskorps ea by belutsen west hat. Yn 'e Koreaanske Oarloch naam Puller û.m. diel oan 'e riskante lâningsoperaasje by Inchon. Hy swaaide yn 1955 ôf mei de rang fan luitenant-generaal.

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Puller waard yn 1898 berne yn West Point, yn 'e Amerikaanske steat Firginia, as de soan Matthew Puller, in winkelman, en dy syn frou Martha. Syn heit kaam te ferstjerren doe't er tsien jier wie. Puller waard grutbrocht mei de ferhalen dy't âlde feteranen út 'e Amerikaanske Boargeroarloch yn 'e winkel fan syn âldelju fertelden oer de oarlochshelden fan 'e Konfederaasje, lykas Stonewall Jackson en Robert E. Lee. Dat late derta dat in jonge Chesty Puller yn 1916 besocht om tsjinst te nimmen yn it Amerikaanske Leger, sadat er meifjochtsje koe yn 'e Grinsoarloch mei Meksiko. Hy wie doe lykwols noch net mearderjierrich en hie sadwaande ferlet fan 'e tastimming fan syn mem, en dy woe dêr neat fan witte.

Nei't er achttjin jier wurden wie, skreau Puller him yn oan it Militêr Ynstitút fan Firginia, mar yn augustus 1918 briek er syn oplieding dêr ôf. De Earste Wrâldoarloch rûn op 'e ein, en hy wie bang dat it fjochtsjen dien wêze soe ear't er ôfstudearre wie. Ynspirearre troch de ferhalen oer wat it Amerikaanske 5e Mariniersrezjimint yn 'e Slach by de Belleaubosk út 'e wei set hie, melde er himsels as rekrút oan by it Amerikaanske Marinierskorps. Hy waard oannommen as sljochtwei marinier en folge in algemiene oplieding yn it Rekrutedepot fan Marinierskorps Parris Island, yn Súd-Karolina. Dat duorre likegoed noch 'te lang', sadat Puller nea ynset waard yn 'e Earste Wrâldoarloch. Ynstee died er oanslutend in oplieding foar ûnderofsier, wêrnei't er oan 'e Ofsier-Kandidateskoalle (OCS) yn Quantico trochlearde foar ofsier. Dêr studearre er yn juny 1919 ôf, wêrnei't er mei de rang fan twadde luitenant oan 'e militêre reserve tafoege waard.

 
Chesty Puller (2e fan lofts) ûnder de Amerikaanske besetting fan Nikaragûa.

Militêre karriêre

bewurkje seksje

Tsjin 'e tiid dat Puller foar de ofsiersoplieding slagge, wie de Earste Wrâldoarloch foargoed foarby. Fan gefolgen moast it Amerikaanske Marinierskorps ynkrimpe, en sadwaande rekke Puller syn ofsiersrang kwyt. Earst krige er tsien dagen lang in non-aktive status, en dêrnei waard er yn rang weromset nei korporaal. Koarte tiid letter waard er oersee stjoerd nei Haïty, in lân dat fan 1915 oant 1934 ûnder in Amerikaanske besetting suchte yn it ramt fan 'e Amerikaanske Banane-oarloggen yn Sintraal-Amearika en op Kuba en Hispanjoala. Puller waard dêr mei de tydlike rang fan luitenant tafoege oan 'e Sjendarmery fan Haïty. Yn dy hoedanichheid naam er tusken 1919 en 1924 diel oan mear as fjirtich militêre operaasjes tsjin 'e Caco-rebellen. Yn dyselde tiid besocht er twaris om 'e noch om syn ofsiersrang yn it marinierskorps werom te krijen. Yn 1922 tsjinne er in skoft as adjudant fan majoar Alexander Vandegrift, dy't letter kommandant fan it Amerikaanske Marinierskorps wurde soe.

Begjin 1924 waard Puller weromroppen nei de Feriene Steaten, dêr't er op 6 maart fan dat jier einlings en te'n lêsten wer de rang fan twadde luitenant weromkrige. Neitiid waard er efterinoar stasjonearre op 'e mariniersbasis yn Norfolk (Firginia), oan The Basic School yn Quantico (Firginia), en by it Amerikaanske 10de Mariniersrezjimint, ek yn Quantico. Yn july 1926 waard er oerpleatst nei it Marinestasjon Pearl Harbor, yn Hawaï, en yn 1928 waard er jitris oerpleatst, diskear nei de mariniersbasis yn San Diego, yn súdlik Kalifornje.

Yn desimber 1928 waard Puller, op 'e nij yn it ramt fan 'e Banane-oarloggen, útstjoerd nei Nikaragûa, yn Midden-Amearika, dat fan 1912 oant 1933 krekt as Haïty beset holden waard troch de Feriene Steaten. Hy waard dêr tafoege oan in ôfdieling fan 'e Nikaragûaanske Nasjonale Garde. Tusken 16 febrewaris en 19 augustus 1930 fierde Puller syn manskippen oan yn fiif oanfallen efterinoar, eltse kear tsjin in oermacht fan wapene banditen. Dêrfoar waard him neitiid syn earste Navy Cross takend. Yn july 1931 kearde er werom nei de Feriene Steaten, dêr't er yn Fort Benning (Georgia) de ienjierrige ferfolchoplieding foar ofsieren folge. Nei't er dy mei goed gefolch ôfrûne hie, tsjinne Puller fan 20 septimber 1932 oant 1 oktober 1933 op 'e nij yn Nikaragûa. Dêr hied er de lieding oer de Amerikaanske mariniers en Nikaragûaanske nasjonale gardisten yn it lêste grutte treffen fan 'e Sandinistyske Rebûlje: de Slach by El Sauce, op 26 desimber 1932. Foar syn rol dêre ûntfong Puller neitiid in twadde Navy Cross.

 
Puller mei leden fan 'e Nikaragûaanske Nasjonale Garde.

Nei't er op 'e nij weromkeard wie yn 'e Feriene Steaten, waard er útstjoerd nei Sina, dêr't er it befel krige oer it mariniersdetasjemint dat taheakke wie oan 'e Amerikaanske legaasje te Peking. Letter tsjinne er ek oan board fan 'e USS Augusta, in kruser fan 'e Amerikaanske Aziatyske Float, mei as kaptein de lettere admiraal Chester W. Nimitz. Yn juny 1936 kaam Puller werom yn 'e Feriene Steaten, dêr't er oansteld waard as ynstrukteur oan The Basic School yn Philadelphia. Yn maaie 1939 gied er mei de rang fan majoar werom as kommandant fan it mariniersdetasjemint oan board fan 'e USS Augusta. Nei't er in skoftke yn dy hoedanichheid tsjinne hie, waard er nei Sina stjoerd, dêr't er fan maaie 1940 oant augustus 1941 yn Sjanghai tsjinne as befelhawwer oer it 2e Bataljon fan it Amerikaanske 4e Mariniersrezjimint (2/4). Nei in perioade fan ferlof krige Puller doe, koart foar't de Feriene Steaten troch de Japanske oanfal op Pearl Harbor belutsen rekken by de Twadde Wrâldoarloch, it befel oer it 1e Bataljon fan it 7e Mariniersrezjimint (1/7), in ûnderdiel fan 'e Amerikaanske 1e Mariniersdifyzje, dy't legere wie op it Loftstasjon fan it Marinierskorps New River, yn Noard-Karolina (letter omneamd ta Camp Lejeune).

Twadde Wrâldoarloch

bewurkje seksje

Yn it foarjier fan 1942 waard it 7e Mariniersrezjimint, dêr't Puller syn bataljon ta hearde, by de nije 3e Mariniersbrigade foege. Dy waard útstjoerd om West-Samoä, in Nijseelânske koloanje, te ferdigenjen tsjin in mooglik Japanske oanfal. De brigade arivearre dêr op 8 maaie. Letter waard it 7e Mariniersrezjimint wer fan 'e 3e Mariniersbrigade losmakke, en op 18 septimber 1942 waard it rezjimint oerpleatst nei it eilân Guadalcanal, yn 'e Salomonseilannen, in Britske koloanje yn 'e Stille Súdsee. Op Guadalcanal waard it rezjimint wer opnommen yn 'e 1e Mariniersdifyzje. Op it strategysk leine eilân fûn fan augustus 1942 oant febrewaris 1943 de bloedige Slach om Guadalcanal plak tusken de Amerikaanske mariniers en Japanske troepen.

Puller, ûnderwilens befoardere ta luitenant-kolonel, late koart nei syn oankomst op Guadalcanal syn bataljon yn in ferbiten gefjocht oan 'e Manatikau. Yn dy striid rêde Puller troch fluch tinkwurk trije fan syn kompanjyen fan 'e ferneatiging doe't dy besingele rekken troch in gruttere Japanske legermacht. Puller draafde nei de kust ta, seinde de Amerikaanske torpedoboatjager USS Ballard om help en liet doe syn besingele troepen yn lâningsfartugen evakuëarje wylst de kanonnen fan 'e torpedoboatjager dekkingsfjoer ôfjoegen.

 
Luitenant-kolonel Chesty Puller ûnder de Slach om Guadalcanal.

Letter yn 'e Slach om Guadalcanal wie Puller syn 1e Bataljon fan it 7e Mariniersrezjimint ien fan twa Amerikaanske ienheden dy't yn 'e saneamde Slach om Henderson Field yn 'e nacht fan 24 op 25 oktober 1942 it fleanfjild Henderson Field ferdigenen tsjin in hiel Japansk rezjimint. (De oare Amerikaanske ienheid wie it 3e Bataljon fan it Amerikaanske 164e Ynfanteryrezjimint fan it Amerikaanske Leger.) De fjildslach duorre likernôch trije oeren, wêryn't oan Amerikaanske kant 70 man útskeakele waarden, wylst fan 'e Japanners 1.400 man sneuvelen. De Amerikanen beholden boppedat it besit fan it fleanfjild. Foar syn optreden yn 'e Slach om Henderson Field, krige Puller neitiid syn trêde Navy Cross.

Op 9 novimber rekke Puller licht ferwûne by in skermutseling. Koarte tiid letter waard er befelfierder fan it hiele Amerikaanske 7e Mariniersrezjimint. Yn dy hoedanichheid naam er fan 26 desimber 1942 oant en mei 19 jannewaris 1943 diel oan 'e Slach by Cape Gloucester, dêr't er syn fjirde Navy Cross foar wûn. Yn dy fjildslach, doe't de bataljonskommandanten fan it 3e Bataljon fan it 7e Mariniersrezjimint en dy fan it 3e Bataljon fan it 5e Mariniersrezjimint swier ûnder fjoer kamen te lizzen, late Puller eigenhandich in súksesfolle oanfal op in swier fortifisearre Japanske posysje.

Op 1 febrewaris 1944 waard Puller befoarder ta kolonel, en oan 'e ein fan dy moanne wied er beneamd ta kommandant fan it Amerikaanske 1e Mariniersrezjimint. Yn septimber en oktober fan 1944 hie Puller de lieding oer de Amerikaanske troepen yn 'e Slach om Peleliu, wêrby't besocht waard om it eilân Peleliu, yn 'e arsjipel fan 'e Karolinen (no ûnderdiel fan Palau), op 'e Japanners te feroverjen. Troch brekme oan tiid en munysje hiene de besjittings fan it eilân troch de Amerikaanske Marine net folle úthelle, dat doe't de mariniers oan lân giene, waarden se opwachte troch 10.000 swierbewapene en goed tariste Japanske soldaten, dy't har yn it ûne-hjitte klimaat mank steile koraalkliffen en amper begeanbere mangrovemoerassen yngroeven hiene. Nei de slachting dy't de Japanners op it strân ûnder de mariniers oanrjochten, oardere Puller in rige frontale oanfallen op 'e kliffen en dêrnei op in skerptoppige heuvelrêch dy't de Amerikanen de namme Bloody Nose Ridge joegen. It 1e Mariniersrezjimint ferlear dêrby 1.749 man fan likernôch 3.000, mar Puller joech net op, en úteinlik moast er troch de kommandant fan 'e 1e Mariniersdifyzje oardere wurde om syn tehavene rezjimint út 'e striid werom te lûken.

Puller ûntfong neitiid foar syn oandiel yn 'e Slach om Peleliu in ûnderskieding mei it Legion of Merit. Neffens in anekdoate dy't optekene waard yn it boek A Fellowship of Valor: The Battle History of the United States Marine Corps, fan kol. Joseph H. Alexander, USMC (b. tsj.), kaam der op in stuit ûnder de seisdeiske oanfal op 'e heuvels yn panyk in jonge ofsier by Puller, dy't him fertelde dat der sokke swiere ferliezen west hiene dat se no "neat betters as sersjants" mear hiene om lieding te jaan oan 'e pelotons. "Lit my dy wat útlizze, jonge," sei Puller dêrop kalm. "Yn it marinierskorps bestiet der neat betters as in sersjant."[1]

 
Puller nimt it terrein op ûnder de Koreaanske Oarloch.

Yn novimber 1944 kearde Puller werom nei de Feriene Steaten, dêr't er earst it befel krige oer de ynfanterytraining yn 'e mariniersbasis Camp Lejeune yn Noard-Karolina, en twa wiken letter kommandant fan 'e hiele basis waard. Nei de oarloch waard er oansteld as direkteur fan it 8e Reservedistrikt yn New Orleans, yn Louisiana, en letter hied er it befel oer de mariniers dy't legere wiene yn it Marinestasjon Pearl Harbor, yn Hawaï.

Koreaanske Oarloch en neitiid

bewurkje seksje

Doe't yn 1950 de Koreaanske Oarloch útbriek, waard Puller op 'e nij oansteld as kommandant fan it Amerikaanske 1e Mariniersrezjimint. Yn dy hoedanichheid naam er op 15 septimber 1950 diel oan 'e riskante lâningsoperaasje by Inchon, dêr't generaal Douglas MacArthur opdracht ta jûn hie. Foar syn oandiel yn 'e striid by Inchon krige Puller de Silver Star Medal, en foar syn algehiele liederskip fan 15 septimber oant en mei 2 novimber ûntfong er in twadde ûnderskieding mei it Legion of Merit. Fierders krige er it Distinguished Service Cross fan it Amerikaanske Leger foar heldhaftigens op it slachfjild by operaasjes tusken 29 novimber en 4 desimber, en syn fyfde Navy Cross foar heldhaftigens yn 'e Slach by de Chosin-opslachmar, fan 5 oant 10 desimber. It wie oan it begjin fan dat treffen dat Puller neffens in anekdoate in útspraak die dy't neitiid ferneamd rekke yn it Amerikaanske Marinierskorps: "We binne de fijân al in moai skoft oan it sykjen. No hawwe we him fûn. Hy hat ús besingele. Dat makket foar ús alles in stik ienfâldiger."

Yn jannewaris 1951 waard Puller befoardere ta brigadegeneraal en waard er oansteld as de direkte ûnderhearrige fan generaal-majoar Oliver Prince Smith, de kommandant fan 'e Amerikaanske 1e Mariniersdifyzje. Noch net iens in moanne letter, op 24 febrewaris, waard Smith lykwols hommels oerpleatst om 'e stoarne generaal-majoar Bryant Moore te ferfangen as kommandant fan it IXe Korps. Sa krige Puller it befel oer de 1e Mariniersdifyzje oant der yn maart in ferfanger foar Smith oansteld wurde koe. Puller bleau yn Koreä oant er syn tsjinstjier dêre op 20 maaie 1951 folmakke hie.

Werom yn 'e Feriene Steaten krige er oant jannewaris 1952 tydlik it befel oer de Amerikaanske 3e Mariniersdifyzje op 'e mariniersbasis Camp Pendleton, yn Kalifornje. Dêrnei wied er assistint-kommandant fan dy difyzje, oant er yn juny 1952 it befel krige oer Troop Training Unit Pacific yn Coronado (Kalifornje). Yn septimber 1953 waard Puller befoardere ta generaal-majoar. Yn july 1954 krige er it befel oer de Amerikaanske 2e Mariniersdifyzje op mariniersbasis Camp Lejeune, yn Noard-Karolina, dat er behold oant febrewaris 1955, doe't er dêr plakferfangend basiskommandant waard. Yn it neijier fan 1955 krige Puller lykwols in oerhaal, en op 1 novimber fan dat jier waard er dêrom nei 37 jier militêre tsjinst earfol ûntslein troch it Amerikaanske Marinierskorps, mei in befoardering op it lêste momint ta luitenant-generaal.

 
In pinsjonearre Chesty Puller en de frou op 'e weranda fan harren wente yn Firginia.

Priveelibben

bewurkje seksje

Puller wie troud mei Virginia Montague Evans, mei wa't er twa bern krige: in soan en in dochter. Syn soan Lewis Burwell Puller jr. (oer it algemien oantsjut as Lewis Puller), tsjinne ek yn it Amerikaanske Marinierskorps. Hy focht yn 'e Fjetnamoarloch en rekke dêr swier ferwûne troch de ûntploffing fan in lânmyn, dy't him beide skonken koste en dielen fan syn beide hannen. Lewis Puller wûn yn 1992 in Pulitzer Prize mei syn autobiografy Fortunate Son: The Healing of a Vietnam Vet. Chesty Puller syn dochter, Virginia McCandlish Puller, troude mei kolonel William H. Dabney dy't ek al yn it Amerikaanske Marinierskorps tsjinne, en yn 'e Fjetnamoarloch in rol fan betsjutting spile yn 'e wichtige Slach by Khe Sanh. Puller wie ek in fiere neef fan 'e ferneamde Amerikaanske generaal George S. Patton.

Nei't er ôfswaaid wie út it marinierskorps, fêstige Puller him mei syn frou yn Saluda, yn 'e Amerikaanske steat Firginia. Hy kaam op 11 oktober 1971 yn 'e âlderdom fan 73 jier te ferstjerren yn Hampton (Firginia). Hy waard begroeven op it begraafplak fan 'e episkopaalske Christ Church yn Saluda, dêr't syn frou njonken him begroeven leit.

Neilittenskip

bewurkje seksje

Legidaryske status

bewurkje seksje

Chesty Puller (nimmen is krekt wis wêr't de bynamme wei komt) is yn it Amerikaanske Marinierskorps noch altyd in legindarysk figuer. Net inkeld trochdat er nea fan opjaan witte woe, mar ek om't er de meast ûnderskate militêr yn 'e skiednis fan it Marinierskorps is. In soad marslieten geane oer him, en anekdoates fan syn dieden wurde, faak yn oerdreaune foarm, oanhâldend oaninoar trochferteld troch mariniers.

In bekend ferhaal is bygelyks dat, doe't er yn Hawaï legere wie, Puller himsels in boete fan $100 oplei om't er by de ynspeksje fan in arsenaal by ûngelok binnendoar in .45 kaliber pistoal ôfsketten hie. De boete dy't dêr foar sljochtwei mariniers op stie, wie $20, mar Puller fûn dat sa'n flater in ofsier heger oanrekkene wurde moast. In oar bekend ferhaal is dat Puller ris by in twadde luitenant kaam dy't in marinier oardere hie om him hûndert kear te saluëarjen om't er dat ien kear fergetten wie. Puller sei tsjin 'e jonge ofsier: "Dêr hiene jo folslein gelyk oan, luitenant, om him jo hûndert kear saluëarje te litten. Mar jo witte dat in ofsier alle saluten weromjaan moat dy't er ûntfangt. Dus no jouwe jo se allegear werom, en dan hâld ik de tel wol by."

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Kol. Alexander, Joseph H., USMC (b. tsj.), A Fellowship of Valor: The Battle History of the United States Marine Corps, 1997 (Lou Reda Productions).

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.