At the Watergate
At the Watergate wie in muzykfestival foar jonge muzikanten dat eins de trettjinde edysje wie fan it European Youth Music Festival (EYMF).[1] It waard fan 8 oant en mei 11 maaie 2018 yn Snits en omkriten holden yn it ramt fan it projekt Ljouwert/Fryslân Kulturele Haadstêd fan Jeropa.[1] De namme ferwiisde nei de Snitser Wetterpoarte.[1] At the Watergate bestie út 6.000 jonge musisy út 20 Jeropeeske lannen, dy't krapoan 1.000 konserten joegen op 30 ferskillende poadia yn Snits sels en op satellytpoadia yn omlizzende doarpen en stêden.[1] It evenemint loek nei skatting 55.000 besikers en wie dêrmei in grut súkses.[1]
At the Watergate | ||
plak en tiid | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
plak | Snits (en omlizzende doarpen) | |
holden yn | ferskate lokaasjes | |
datum | 8 o/m 11 maaie 2018 | |
bysûnderheden | ||
oanlieding | LF2018 | |
soarte evenemint | muzykfestival | |
sjenre | klassike muzyk | |
org. troch | Kultuer Kertier Snits | |
offisjele webside | ||
www.friesland.nl/.../at-the-watergate |
At the Watergate hie in budget fan yn totaal €1,5 miljoen. Dat bedrach waard foar in diel ynbrocht troch de organisaasje fan LF2018, de Provinsje Fryslân, de Rabobank en lange rige oare sponsors út it bedriuwslibben. De Gemeente Súdwest-Fryslân joech €175.000 subsydzje oan it evenemint en stelde fierders fergees kantoarromte beskikber foar Kultuer Kertier Snits (CKS), de organisaasje efter it evenemint. Bydragen fan 'e dielnimmers oan en besikers fan At the Watergate dieken de helte fan 'e finansiering.[1]
Yn augustus 2019 kaam lykwols yn it nijs dat CKS by lange nei net út 'e kosten kommen wie, en mei in gat yn 'e begrutting fan €215.000 sitten bleaun wie.[1] Neffens CKS lei dat benammen (foar €165.000) oan 'e hegere kosten dy't makke wurde moasten foar befeiliging, ferkearsregeling en EHBO. Yn 'e oarspronklike begrutting wiene dy kosten net opnommen om't sokke útjeften neffens CKS net nedich wiene. Pas op it alderlêste momint soe de Gemeente Súdwest-Fryslân mei strangere easken kommen wêze.[1] De gemeente woe lykwols hawwe dat de organisaasje rom op 'e tiid op 'e hichte steld wie fan 'e wetlike easken foar sokke eveneminten. Neffens wethâlder Stella van Gent hie CKS "op eigen risiko ferkearde oannames dien oer maatregels en kosten."[1]
De oprop fan CKS oan 'e gemeente om it gat yn harren begrutting te tichtsjen, waard dêrom rislút fan 'e hân wiisd. De ôfdijer fan goed twa ton koste CKS net de kop, want de organisaasje hie in buffer opboud om eventuële risiko's te dekken. Mar dêryn waard no wol in grut gat slein. Fan gefolgen soe CKS, neffens direkteur Wiebren Buma, op takomstige eveneminten besunigje moatte om 'e buffer wer op 'e nij op te bouwen.[1]
Op 25 novimber 2019 waard dúdlik dat de gemeenteried fan Súdwest-Fryslân it stânpunt fan it kolleezje fan B. & W. oangeande At the Watergate net dielde. Mei hast riedsbrede stipe waard in moasje oannommen dy't it kolleezje twong om dochs de helte fan it ferlies fan €165.000 (dus €82.500) te beteljen. De ried fûn dat de gemeente sels mei-ferantwurdlik wie foar it gat yn 'e begrutting fan CKS troch op it lêste momint foar it festival de easken op it mêd fan feilichheid noch hurd even op te skroevjen.[2]
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |