Bunde (Dútslân)
Bunde is in plak en gemeente yn it Eastfryske lânkring Lier yn Nedersaksen. Bunde leit yn it Reiderlân, ien fan de histoaryske goaen fan de lânkring Lier. De gemeente leit oan de Doalert, in bocht yn de Noardsee, en is de iennige gemeente fan it lânkring dat grinzget oan Nederlân.
Bunde (Dútslân) | |
---|---|
Protestantsk-grifformearde tsjerke fan Bunde | |
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Dútslân |
Dielsteat | Leechsaksen |
Distrikt | Lier |
Sifers | |
Ynwennertal | 7.714 (31 desimber 2020) |
Oerflak | 121 km² (ynkl. wetter) |
Befolkingstichtens | 64 / km² |
Hichte | 2 m |
Oar | |
Tiidsône | UTC+1 |
Simmertiid | UTC+2 |
Webside | Webstee Jemgum |
Bunde bestiet yn syn hjoeddeistige foarm sûnt 2001, doe't de fiif eardere doarpsgemeenten dy't lid wiene fan it doetiidske Gemeenteferbân Bunde opgiene yn in nije ienheidsgemeente. Bunde heart by de lytsere gemeenten fan East-Fryslân. Mear as de helte fan de ynwenners wennet yn it haadplak fan de gemeente. Opfallend is it grutte tal Nederlanners dat goed 9% fan de befolking útmakket.
Yn ekonomyske sin is de gemeente benammen ôfhinklik fan de lânbou en toerisme. Sûnt 1998 hat de gemeente de status fan "staatlich anerkannter Erholungsort". Produksjebedriuwen foarmje in tige lyts part fan de ekonomy. De ynwenners fan de gemeente wurkje benammen yn de Kreisstadt Lier. De Nederlânske ynwenners reizgje foar harren wurk meastentiids nei Nederlân.
De wichtichste monuminten fan de gemeente binne de herfoarme Krústsjerke yn it haadplak út de 13 iuw en de stins Bunderhee, ien fan de âldste Eastfryske boargen. Yn de poldergebieten steane útsûnderlik grutte pleatsen.
Yndieling
bewurkje seksjeDe gemeente Bunde bestiet út fiif doarpsgebieten (saneamde Ortschaften):
- Boen
- Bunde (it haadplak)
- Bunderhee
- Dollart (in poldergebiet dat út Bunderhammrich, Ditzumerhammrich, Ditzumerverlaat, Heinitzpolder, Kanalpolder en Landschaftspolder bestiet)
- Wymeer (in doarp dêr't ek de plakken Bunderneuland, Heerenland en Kloster Dünebroek ûnder falle)
Taal
bewurkje seksjeYn de gemeente Bunde wurdt njonken it Heechdútsk ek it Eastfryske Platt praat, dat yn in grut part fan East-Fryslân in tige sterke ynfloed fan it Nederlânsk ûndergien hat. Om't de measte gemeenteleden it Heechdútsk eartiids net machtich wiene, waard tsjin it sin fan de oerheid oant fier yn de 19e iuw yn de tsjerken yn it Nederlânsk preke en waarden der Nederlânske psalmen songen. Ek de tsjerkeboeken waarden yn it Nederlânsk byholden. Pas nei in ferbod yn 1936 ferdwûn it Nederlânsk út de tsjerketsjinsten fan de grifformearde gemeenten. Troch migraasje fan Nederlanners yn de lêste jierren nimt it gebrûk fan it Nederlânsk wer ta as taal yn 'e hûs.
Religy
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Grifformearde tsjerke (Bunde).
De measte minsken yn de gemeente binnen oansletten by de Evangelisch-reformierte Kirche, in kalvinistysk tsjerkegenoatskip dat te fergelykjen is mei de herfoarme tsjerke yn Nederlân.
Polityk
bewurkje seksjeSa as de gemeenten yn it Reiderlân, en East-Fryslân yn it algemien, is yn Bunde mei it stimmen tradisjoneel de SPD de grutste partij.
Gearstalling gemeenteried
bewurkje seksjeDe gemeenteried fan Bunde bestiet út 204 leden. Gearstalling fan de gemeenteried, nei de ferkiezings fan 12 septimber 2021:
Partij | Sitten |
---|---|
SPD | 11 |
CDU | 5 |
Bündnis/Die Grünen | 1 |
FDP | 1 |
BMM | 1 |
Ellen Bahne | 1 |
Totaal | 20 |
Ofbylden
bewurkje seksje-
De stins Bunderhee
-
Mûne Bunde
-
Heide by Wymeer
-
Landschaftspolder
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bunde fan Wikimedia Commons. |
Bunde | ||
---|---|---|
Haadplak: Bunde | ||
Doarpen: Boen • Bunderhee • Dollart • Wymeer | ||
· · |