Haadmenu iepenje
Bighorn-ekspedysje
datum: 1 maart26 maart 1876
plak: noardlik Wyoming en súdlik Montana
útkomst: ympasse
konfliktpartijen
Flagge fan de Noardlike Sjajinne Stamme.PNG Noardlike Sjajinnen
Flagge fan de Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota.PNG Oglala-Lakota
Flag of the United States.svg Feriene Steaten

befelhawwers
Twa Moannen
Lytse Wolf
Houten Skonk
Rikel
George Crook
Joseph J. Reynolds
Anson Mills
Henry E. Noyes
sterkte
±250 883
ferliezen
4-6 deaden
3 ferwûnen
  4 deaden
  8 ferwûnen

De Bighorn-ekspedysje, ek wol stavere as Big Horn-ekspedysje, wie in militêre ekspedysje fan it Amerikaanske Leger tsjin 'e Lakota en de Noardlike Sjajinnen yn it noarden fan Wyoming en it suden fan Montana yn maart 1876. By dizze fjildtocht besochten Amerikaanske troepen ûnder lieding fan brigadegeneraal George Crook yn it ramt fan 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876 om 'e Yndianen te twingen om 'e Black Hills op te jaan en harren te fêstigjen yn 'e reservaten dy't oan harren tawiisd wiene.

FoarskiednisBewurkje

Yn 1874 wie ûnder de Ekspedysje nei de Black Hills oan it ljocht kommen dat yn dat foar de Lakota hillige gebiet goud yn 'e grûn siet. Dêrop besocht it Amerikaanske regear de Lakota derta bringen om dy krite op te jaan, ek al wiene de Black Hills ûnder it Ferdrach fan Fort Laramie, út 1868, 'foar ivich' oan 'e Yndianen tawiisd. De Lakota prakkesearren der lykwols net oer om it hillige lân, dat ûnderdiel útmakke fan harren Grutte Sû Reservaat, te ferkeapjen, en de oanrin fan blanke goudsikers ûnder de Goudkoarts fan de Black Hills makke doe in wapene konflikt ûntsjinkearber.

Om't it Amerikaanske regear net hawwe woe dat it foar it each fan 'e wrâld liek as waarden de Yndianen sûnder provokaasje oanfallen, besleat men ein 1875 ta in list: de Yndiaanske aginten yn 'e Dakota's en Montana waard opdroegen om alle frij omdoarmjende Yndianen yn harren krite derfan op 'e hichte te stellen dat se uterlik op 31 jannewaris 1876 yn harren reservaat weromkeare moasten, en dat se oars as fijannige striders beskôge wurde soene. De Yndiaansk agint fan it Standing Rock Agintskip naam de muoite om oan te jaan dat dy tiidsgrins te krap wie, mei't de djippe snie by 't winter it reizgjen fan grutte kloften folk suver ûnmooglik makke. Hy stelde dêrom út om 'e Yndianen ekstra tiid te bieden, mar dat foarstel waard ôfwiisd om't it it Amerikaanske regear der net om te dwaan wie dat de Yndianen weromkearden nei de reservaten, mar om in reden te skeppen foar it begjin fan 'e oarloch.

Underwilens waard it Amerikaanske ultimatum troch de frije Lakota serieus yn omtinken nommen. Hja waarden it der lykwols oer iens dat it te let yn it jier wie om no noch harren winterkampen te ferpleatsen, temear mei't se it drok hiene mei it oanlizzen fan winterfoarrieden. Sadwaande waard der besletten om 'e folgjende maityd nei it reservaat werom te kearen. Doe't 31 jannewaris foarbygie sûnder dat de Yndianen opdaagjen kamen, wiene yn Washington, D.C. de nije Yndiaansk kommissaris John Q. Smith en minister fan Binnenlânske Saken Zachariah Chandler it der lykwols oer iens dat der no gjin inkele behindering mear bestie om it leger yngripe te litten. Generaal Philip Sheridan joech per tillegraaf syn ûnderhearrigen George Crook en Alfred Terry opdracht om útein te setten mei de oanfal: de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 wie begûn.

De fjildtochtBewurkje

Wylst Terry besocht en win tiid, om't er mei personele swierrichheden oantangele siet, gie Crook daliks yn 'e oanfal. Yn bitter kâld winterwaar sette er op 1 maart ôf út Fort Fetterman, yn 'e neite fan it tsjintwurdige Douglas, yn Wyoming. De ekspedysje hold noardoan, yn 'e rjochting fan it Montana-territoarium en de rivier de Bighorn (dêrfandinne de namme). Crook syn troepemacht bestie út 'e Kompanyen A, B, E, I en K fan it Amerikaanske 2e Kavaleryregimint, de Kompanjyen A, D en F fan it Amerikaanske 3e Kavaleryregimint en de Kompanyen C en I fan it Amerikaanske 4e Ynfanteryregimint. Fierders hied er in stikmannich ferkenners by him, wêrûnder Ben Clark, Frank Grouard, Baptiste Garnier en Baptiste Pourier, en ek de sjoernalist Robert E. Strahorn reizge mei. De fjildtocht waard ûnderstipe troch in bagaazjetrein besteande út troch fuorlju mende kapweinen en bepakte mûldieren dy't troch boargers laat waarden. Yn totaal kaam Crook syn troepemacht dêrmei út op 883 man.

Moarnsier op 3 maart waard der foar it earst kontakt makke mei de fijân, doe't Yndiaanske krigers de bagaazjetrein fan 'e Bighorn-ekspedysje oanfoelen, wêrby't feedriuwer John Wright sa slim ferwûne rekke dat er op 9 april oan syn ferwûnings stjerre soe. It waar spile Crook syn fjildtocht parten: it wie sa kâld dat de termometers fan dy tiid de temperatuer net mear werjaan koene. De soldaten moasten foar it iten harren foarken earst yn it kampfjoer opwaarmje, om't se oars oan har tongen fêstfrearen. Op 5 maart smiet in sniestoarm mear as 30 sm snie del, wat de opmars noch fierder fertrage. Crook folge sadwaande mei in slakkegonkje it Bozeman Trail nei it noarden oant it plak dêr't earder Fort Reno stien hie.

Dêr fûn op 5 maart in twadde skermutseling plak, mei ûnder de Amerikanen ien ferwûne ta gefolch. Dat gefjocht wie bysûnder om't it omtrint 20.00 oere jûns plakfûn, doe't it al tsjuster wie; nachtlike gefjochten wiene seldsum yn 'e oarloggen mei de Yndianen. Crook liet by Fort Reno de beide kompanjyen ynfantery en de bagaazjetrein ûnder lieding fan kaptein Edwin M. Coates in befoarriedingsdepot oanlizze, wylst er sels mei de kavalery fierder (en flugger) opteach. Op 12 maart berikten de Amerikaanske troepen it plak dêr't it beekje de Prairie Dog Creek útmûne yn 'e rivier de Tongue, en dêrwei folgen se dy rivier nei de boarne fan 'e Otter Creek, dêr't se op 16 maart oankamen.

Dy deis murk ferkenner Frank Grouard twa Lakota-krigers op dy't de kolonne yn it each holden. Hy folge harren temûk werom nei harren kamp, dat opslein wie oan 'e Powderrivier. Crook stjoerde kolonel Joseph J. Reynolds der mei seis kompanjyen kavalery op út om mei it kamp ôf te weven, mar de resultearjende Slach oan de Powderrivier, op 17 maart, einige mei in Amerikaanske nederlaach. Want hoewol't Reynolds it kamp wist te feroverjen en plat te baarnen, moast er him ûnder yntins fjoer fan 'e Noardlike Sjajinnen fan Alde Bear, Twa Moannen, Lytse Wolf en Houten Skonk en de Lakota fan Rikel weromlûke fan it slachfjild, wêrby't er in ferwûne soldaat en ferskate stoflike omskotten fan syn mannen efterliet. Reynolds hie wol de hynstekeppel fan it kamp bútmakke, mar ferlear dy op 18 maart hast allegear wer by in oerfal troch de Yndianen.

Balâns en neisleepBewurkje

Neitiid foege Reynolds him wer by Crook en kearde de kolonne werom nei it âlde Fort Reno, dêr't de ferwûnen yn 'e kapweinen fan 'e bagaazjetrein lein waarden. Dêrnei gie it werom nei Fort Fetterman, dêr't de ekspedysje op 26 maart oankaam. De Amerikanen hiene ûnder de Bighorn-ekspedysje 4 deaden en 8 ferwûnen oprûn; de Yndianen 4 oant 6 deaden en 3 ferwûnen, froulju en bern ynbegrepen. Fan 'e oare soldaten hiene 66 troch de kjeld befriezingsferskynsels oprûn. De froulju en bern út it platbaarnde Yndiaanske kamp oan 'e Powderrivier rûnen trije dagen sûnder iten of genôch klean troch de winterkjeld om it doarp fan it Lakota-opperhaad Mâl Hynder te berikken, dêr't se gastfrij ûnthelle waarde. Underweis frearen lykwols ferskaten fan harren dea. Yn jannewaris 1877 waard Reynolds foar de Amerikaanske kriichsried dage om't er by syn hommelse weromlûking ferskate soldaten op it slachfjild efterlitten hie. Hy waard skuldich befûn oan alle trije oanklachten dy't tsjin him ynbrocht wiene, en feroardiele ta opskoarring fan rang en soldij foar de perioade fan in jier.

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Further reading en References, op dizze side.