Slach oan de Powderrivier (1876)

Slach oan de Powderrivier
(ûnderdiel fan 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876)

De Powderrivier mei útsjoch nei it noarden ta oer it slachfjild.
datum: 17 maart 1876
plak: oan 'e Powderrivier, yn Montana (45°05′18″N 105°51′ 28″W)
útkomst: Yndiaanske oerwinning
konfliktpartijen
Noardlike Sjajinnen
Oglala-Lakota
Feriene Steaten

befelhawwers
Twa Moannen
Lytse Wolf
Houten Skonk
Rikel
Joseph J. Reynolds
Anson Mills
Henry E. Noyes

sterkte
60-250 krigers 383
ferliezen
4-6 deaden (ynkl. fr. & bern)
3 ferwûnen
  4 deaden
  6 ferwûnen
kaart
Slach oan de Powderrivier (Montana)
Slach oan de Powderrivier
Lokaasje fan 'e Slach oan 'e Powderrivier yn 'e Amerikaanske steat Montana.

De Slach oan de Powderrivier, of it Reynolds-gefjocht, wie in lytse fjildslach oan 'e igge fan 'e Powderrivier, yn Montana, dy't plakfûn op 17 maart 1876. Dit treffen makke diel út fan 'e Bighorn-ekspedysje fan it Amerikaanske Leger, en foarme de iepening fan 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876. Yn 'e Slach oan 'e Powderrivier foel de Amerikaanske kavalery ûnder lieding fan kolonel Joseph J. Reynolds in doarp oan 'e Noardlike Sjajinnen oan dêr't ek guon Oglala-Lakota taholden. Hoewol't de Amerikanen it doarp wisten te ferwuostgjen, wie de wjerstân fan 'e Yndianen sa grut dat de kavalery him fan it slachfjild weromlûke moast. De oanfal waard min útfierd en sterke de Yndianen nei alle gedachten fuort yn harren ferset tsjin it Amerikaanske besykjen om harren te twingen en fêstigje har yn 'e reservaten.

Under it twadde Ferdrach fan Fort Laramie, dat yn 1868 in ein makke oan 'e Oarloch fan Reade Wolk, wie de Lakota it Grutte Sû Reservaat taparte, dêr't ek de Black Hills diel fan útmakken, in bercheftige krite yn it súdwesten fan wat no Súd-Dakota is, dy't foar de Lakota hillich is. Nei't yn dat lân ûnder de kontroversjele Ekspedysje nei de Black Hills, yn 1874, goud fûn waard, late dat ta de Goudkoarts fan de Black Hills, wêrby't tûzenen blanke goudsikers it gebiet binnenkrongen. Doe't it dúdlik waard dat it Amerikaanske regear neat dwaan soe om dat tsjin te hâlden, griepen de Lakota sels yn, mei deaden ûnder de goudsikers ta gefolch.

It Amerikaanske regear besleat dat de rykdommen yn 'e Black Hills ekploitearre wurde moasten, en sette de Lakota ûnder druk om it gebiet te ferkeapjen. Dy woene dêr lykwols út noch yn net fan witte. Om in ferlechje foar in oarloch te kreëarjen, oardere it regear doe alle Lakota dy't har bûten de grinzen fan it Grutte Sû Reservaat befûnen om har foar 31 jannewaris 1876 by de har tawiisde Yndiaanske agintskippen yn it reservaat te melden, wittende dat reizgjen winterdeis op 'e noardlike Grutte Flakten net praktysk wie. Doe't de datum fan it ultimatum ferrûn sûnder dat de Yndianen yn it reservaat kommen wiene, fielden de Amerikanen har frij om in oarloch te begjinnen.

 
It Sjajinske opperhaad Twa Moannen.

Foarskiednis

bewurkje seksje

Yn bitter kâld winterwaar sette brigadegeneraal George Crook, de kommandant fan it militêre Departemint fan de Platte, op 1 maart ôf út Fort Fetteman, yn 'e neite fan it hjoeddeistige Douglas, yn Wyoming. Syn doel wie om 'e Lakota fan 'e foaroansteande medisynman Sittende Bolle en it opstannige opperhaad Mâl Hynder yn har winterkampen te oerfallen en út te skeakeljen. It wie bekend dat dyselden har earne yn súdlik Montana befine moasten, nei gedachten yn it lân fan 'e rivieren de Powder, de Tongue en de Rosebud. Crook syn troepemacht bestie út fiif kompanjyen kavalery, twa kompanjyen ynfantery, in bagaazjetrein besteande út troch fuorlju mende kapweinen en bepakte mûldieren dy't troch boargers laat waarden, ferskate ferkenners en gidsen ûnder lieding fan Frank Grouard, dy't mank de Lakota libbe hie en harren taal spriek, en ien sjoernalist (Robert Edmund Strahorn) om 'e fjildtocht te ferslaan. Yn totaal kaam dat út op 883 man.

It waar spile Crook syn fjildtocht lykwols parten: it wie sa kâld dat de termometers fan dy tiid de temperatuer net mear werjaan koene. De soldaten moasten foar it iten harren foarken earst yn it kampfjoer opwaarmje, om't se oars oan har tongen fêstfrearen. Op 5 maart smiet in sniestoarm mear as 30 sm snie del, wat de opmars noch fierder fertrage. Crook folge sadwaande mei in slakkegonkje it Bozeman Trail nei it noarden oant it plak dêr't earder Fort Reno stien hie. Dêr oankommen liet er de twa kompanjyen ynfantery en de bagaazjetrein ûnder lieding fan kaptein Edwin M. Coates in befoarriedingsdepot oanlizze, wylst er sels mei de kavalery fierder (en flugger) opteach.

Op 16 maart waarden Crook syn ferkenners twa Yndiaanske krigers gewaar, dy't de Amerikaanske opmars yn 'e gaten holden. Hja identifisearren de Yndianen as Lakota en leauden op basis dêrfan dat it winterkamp fan Mâl Hynder deunby wêze moast. Crook negearre de beide Yndianen, mar de oare moarns om 5.00 oere stjoerde er kolonel Joseph J. Reynolds mei in troepemacht fan 6 kompanjyen (383 man) efter harren oan, wylst er sels 499 man by him hold. Grouard en oare ferkenners folgen de Yndianen nei in plak oan 'e igge fan 'e Powderrivier, dêr't in Yndiaansk doarp opslein wie. Skattings oer it tal krigers dat dêr oanwêzich wie, rinne útinoar fan 60 oant 250. De ferkenners stelden Reynolds op 'e hichte fan it bestean fan it doarp, en de kolonel rekke derfan oertsjûge dat er it doarp fan Mâl Hynder ûntdutsen hie. Yn wurklikheid wie it it doarp fan Alde Bear, in haadman fan 'e Noardlike Sjajinnen, dat bûnsgenoaten fan 'e Lakota wiene, en dêr't sadwaande ek guon Oglala-Lakota taholden.

 
Kolonel Joseph J. Reynolds.

Plan fan oanfal

bewurkje seksje

Yn oanhâldend bitter kâld waar dielde Reynolds syn troepen op yn trije detasjeminten. Ien dêrfan, besteande út 'e Kompanjyen I en K fan it Amerikaanske 2e Kavaleryrezjimint, moast ûnder befel fan kaptein Henry E. Noyes de steile heuvels oan 'e súdkant fan it doarp delgean. Kompanjy K, fan kaptein James Egan, moast dan it doarp fan dy kant ôf oanfalle, wylst Kompanjy I, ûnder Noyes sels, de keppel fan sa'n tûzen mustangs fan 'e Yndianen, dy't oan 'e súdkant fan it doarp weide, fange en fuortdriuwe moast. It twadde detasjemint, besteande út 'e Kompanjyen E en M fan it Amerikaanske 3e Kavaleryrezjimint, moast tagelyk ûnder lieding fan kaptein Anson Mills it doarp út it westen wei oanfalle. It trêde detasjemint, besteande út Kompanjy E fan it 2e Kavaleryrezjimint en Kompanjy F fan it 3e Kavaleryrezjimint, ûnder kaptein Alexander Moore, moast de heuvelrêch noardwestlik fan it doarp besette, en in Yndiaanske ûntsnapping yn dy rjochting ôfsnije.

It plan fan oanfal mislearre lykwols fuortendaliks al, doe't bliken die dat it Yndiaanske doarp hast 1½ km noardliker lei as dat men ynskatten hie. Sadwaande wie inkeld Kompanjy K fan kaptein Egan, dy't begelaat waard troch sjoernalist Robert Edmund Strahorn, yn posysje doe't de oanfal begûn. It gefolch wie dat Egan en syn ûnderbefelhawwer, twadde luitenant John Gregory Bourke, mei harren 47 man sûnder ienige stipe fan 'e oare detasjeminten it doarp bestoarmen. De Yndianen wiene troch de oanfal folslein ferrast. Froulju, bern en âlderein ûntflechten yn noardlike rjochting it doarp, wylst de krigers nei de súdein tastreamden om ûnder lieding fan 'e Sjajinske opperhaden Twa Moannen, Lytse Wolf en Houten Skonk en de Lakota-haadman Rikel de oanfal ôf te slaan.

 
De Oglala-haadman Rikel yn 1877.

Sjajinnen dy't oer gewearen beskikten namen posysjes yn op 'e kliffen dy't oer it doarp útseagen, en namen dêrwei Kompanjy K ûnder fjoer. Ferskate kavaleristen rekken dêrtroch ier yn 'e striid ferwûne en útskeakele. Koart nei't de striid begûn krige Egan fersterking fan ferskate oare kompanjyen kavalery, en wist de Amerikanen it doarp yn te kringen. Doe't Reynolds sels op it slachfjild arrivearre, oardere er om it hiele doarp plat te baarnen, ynklusyf de winteritensfoarrieden fan 'e Yndianen. Mei troch de kjeld en de snie woe it doarp lykwols mar min baarne, oant it fjoer einlings de foarrieden buskrûd fan 'e Yndianen berikte en ferskate tipys eksplodearren. Ek alle winterklean fan 'e Yndianen waarden ferbaarnd, hoewol't de soldaten dy better foar harsels hâlde kinnen hiene, mei't it sa kâld wie dat in grut tal fan harren befriezingsferskynsels oprûnen. Tsjin 14.00 oere wiene der trije soldaten dea en seis ferwûne rekke.

Nei fiif oeren fjochtsjen wie om 14.30 oere de ferwuostging fan it doarp folslein. Reynolds oardere syn troepen doe om har nei it easten ta werom te lûken oer de beferzen Powderrivier. Under de weromtocht rekke soldaat Lorenzo E. Ayers, in lid fan Kompanjy M, 3e Kavalery, slim ferwûne oan in earm en in skonk, en bleau efter oan 'e westkant fan 'e rivier. Hoewol't Jeremiah J. Murphy, fan Kompanjy F, 3e Kavalery, weromgie en besocht om him te rêden, slagge dat net, en Ayers waard letter op ûnmeilydsume wize ombrocht troch wraaksuchtige krigers. Murphy waard foar syn moed yn 1877 de Medal of Honor takend, de heechste Amerikaanske militêre ûnderskieding. De lêste aksje fan it treffen fûn likernôch oardel km besuden it doarp plak, dêr't earste luitenant William C. Rawolle, dy't it befel fierde oer de efterhoede fan 'e kavalery, mei acht fan syn mannen de striid oangie mei de efterfolgjende krigers.

 
Houten Skonk yn 1913.

Nei ôfrin fan 'e slach

bewurkje seksje

Yn syn haast om him werom te lûken liet Reynolds behalven de slim ferwûne Ayers ek de stoflike omskotten fan trije oare Amerikaanske soldaten efter, ien op it slachfjild yn it doarp en twa oaren yn in tydlik fjildhospitaal dat de Amerikanen fuort bûten it doarp opset hiene. Reynolds rêste net ear't er tsjin 21.00 oere jûns in ôfstân fan 32 km tusken syn troepen en it doarp pleatst hie. Doe wied er arrivearre op it plak dêr't er him wer by Crook jaan soe, mar Crook wie net op it ôfsprutsen plak, mei't er 16 km nei it noardeasten ta syn kamp opslein hie, en Reynolds dêr net fan op 'e hichte steld hie. Pas tsjin 'e middei fan 18 maart koe Reynolds him sadwaande wer oanslute by Crook syn troepen. Op 26 maart kearden de Amerikanen werom yn Fort Fetterman.

Hoewol't de Noardlike Sjajinnen en Lakota mar 4 oant 6 deaden (ynkl. froulju & bern) en 3 ferwûnen te betreurjen hiene, wiene se frijwol al har besittings kwytrekke. De froulju en bern rûnen trije dagen troch de winterkjeld om it doarp fan Mâl Hynder te berikken, dêr't se gastfrij ûnthelle waarde. Underweis frearen lykwols ferskaten fan harren dea. Hoewol't de Amerikanen de hiele hynstekeppel fan it doarp bútmakke hiene, ferlearen se dy de oare deis wer, doe't de Lakota alle hynders op in stik as hûndert nei weromstelle koene om't de útputte skyldwachten de kop der net goed by hiene. Oan 'e Amerikaanske kant wiene der fjouwer deaden fallen, ynkl. soldaat Ayers. Fierders wiene der 6 soldaten ferwûne rekke yn 'e striid, wylst 66 oaren troch de kjeld befriezingsferskynsels oprûn hiene.

Yn jannewaris 1877 waard kolonel Reynolds yn Cheyenne foar de kriichsrie fan it Amerikaanske Leger dage. Der waarden trije oanklachten op it mêd fan plichtsfersom tsjin him ynbrocht: om't er de foarrieden yn it doarp ferbrâne litten hie wylst it leger dy goed brûke kinnen hie; om't er de hynstekeppel ferlern hie; en om't er soldaten op it slachfjild efterlitten hie en de earste oanfal net goed ûnderstipe hie. Reynolds waard op alle trije oanklachten skuldich befûn en feroardiele ta in jier opskoarring fan rang en soldij. Presidint Ulysses S. Grant, dy't oan 'e Amerikaanske Militêre Akademy yn deselde klasse sitten hie as Reynolds, sette dat om yn in straf ûnder betingst, mar Reynolds naam yn juny fan dat jier ûntslach út it leger sûnder ea wer yn aktive tsjinst west te hawwen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Further reading en References, op dizze side.