Boppe-Middenryndelling

(Trochferwiisd fan Boppe Middenryndelling)

De Boppe-Middenryndelling (of de Bopperin fan de Middenryndelling) is in lânskip oan 'e Middenryn yn Dútslân. Sûnt 2002 is de Boppe-Middenryndelling oan it wrâlderfgoed fan UNESCO tafoege. It 67 km lange gebiet leit fan Koblenz yn it noarden oant en mei Bingen en Rüdesheim yn it suden. It gebiet leit oan 'e trochbraak fan 'e Ryn troch it Rynlânsk Laaiplato.

Boppe-Middenryndelling
UNESCO-wrâlderfgoed
lân flagge fan Dútslân Dútslân
UNESCO folchnûmer 1066
kritearia (ii)(iv)(v)
ynskriuwing 2002
koördinaten 50°09'N 7°42'E
gebiet 27,250 ha
buffersône 34,680 ha
Webside
www.welterbe-mittelrheintal.de
Kaart
Boppe-Middenryndelling (Rynlân-Palts)
Boppe-Middenryndelling
UNESCO-wrâlderfgoedlist

Sûnt twatûzen jier is it in belangrike ferkearsrûte, dy't it Middellânske Seegebiet mei it noarden fan Europa ferbynt.

It bysûndere fan it gebiet foarmet de grutte rykdom oan 'e troch minsken tafoege monuminten en it tige moaie rivierlânskip. Mei syn 40 kastielen, hellingen dêr't wyn op ferboud wurdt, smelle stripen oan 'e iggen fan 'e rivier dêr't doarpen en stedsjes ûntstiene en oare grutte monuminten, stiet it gebiet model foar de Rynromantyk. Net foar neat ynspirearre it gebiet Heinrich Heine ta it meitsjen fan it Loreleyliet.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Boppe-Middenryndelling fan Wikimedia Commons.