Middenryn
De Middenryn (Dútsk: Mittelrhein) is in kultuerlânskip yn Dútslân. It is it 130 km lang diel fan 'e Ryn tusken de mûning fan 'e Nahe by Bingen en de Sieg by Bonn. De delling dêr't likernôch 450.000 minsken wenje, wurdt yn it west troch de Hunsrück en de Eifel, yn it easten troch de Taunus, it Westerwald en it Siebengebirge, yn it suden troch de Bopperynflakte en yn it noarden troch de Keulske Bocht begrinzge. By de Keulske Bocht giet de Middenryn yn 'e Dútske Nederryn oer.
Middenryn | ||
geografy | ||
lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts, Hessen, Noardryn-Westfalen | |
ûntspringt yn | Giet by de bocht yn 'e Ryn by Bingen/Rüdesheim oer yn 'e Middenryn. | |
lokaasje boarne | 49° 58' N 7° 53' E | |
mûnet út yn | Giet by Bonn oer yn 'e Nederryn. | |
lokaasje mûning | 50° 42' N 7° 9' E | |
sydstreamen | lofts: Ahr, Mûzel, Nahe, Nette rjochts: Lahn, Wied | |
sifers | ||
lingte | 130 km | |
hichte boarne | 89 m | |
hichte mûning | 61 m |
De Middenryn streamt oer de hiele lingte troch it Rynlânsk Laaiplato, dat healwei ûnderbrutsen wurdt troch in ferbreding fan 'e delling dat it Bekken fan Neuwied neamd wurdt.
Sûnt lang ferlyn foarmet de Middenryn ien fan 'e wichtichste ferkearsrûtes tusken Noard- en Súd-Dútslân. Al yn 'e Romeinske tiid fûn der oer de Middenryndelling tusken it noarden fan Europa en de Middellânske Seekrite útwikseling plak. It gebiet leit yn it hert fan Europa en somtiden wie it in grinsgebiet of in brêge fan kultueren en it wjerspegelet dêrmei de skiednis fan it Jûnslân. Karakteristyk foar it kultuerlânskip binne de wynbergen, it grutte oantal kastielen, in grutte rykdom oan oare monuminten en de âlde stêden en doarpen oan 'e smelle iggen fan 'e rivier.
Sûnt de 19e iuw is it gebiet fanwegen de kulturele en natuerlike rykdommen in toeristyske trekpleitser en in toanbyld fan 'e Rynromantyk. Ien fan 'e meast bekende foarbylden dêrfan is it gedicht Die Loreley fan Heinrich Heine.
It súdlike diel fan 'e Middenryn tusken Bingen en Rüdesheim en Koblenz wurdt troch de toeristyske sektor ek wol de Loreleydelling (Tal der Loreley) neamd. Dat gebiet waard yn 2002 oan it UNESCO-wrâlderfgoed tafoege ûnder de namme Boppe Middenryndelling.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Middenryn fan Wikimedia Commons. |