Captain Vorpatril's Alliance
Captain Vorpatril's Alliance is in science fiction-roman fan 'e hân fan 'e súksesfolle en mannichfâld bekroande Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold. It makket ûnderdiel út fan The Vorkosigan Saga, Bujold har populêrste en omfangrykste searje, mar is in ôfrûne ferhaal, dat ek los dêrfan lêzen wurde kin. Captain Vorpatril's Alliance waard foar it earst útjûn yn 2012 en is ûnderwilens al teminsten twaris oerset, wylst oare fertalings sûnder mis op kommendeweis binne.
Captain Vorpatril's Alliance | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Lois McMaster Bujold | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | science fiction | |
1e publikaasje | 2012, New York | |
oarspr. útjwr. | Baen Books | |
prizen | nom. Hugo Award 2012 | |
rige | ||
rige | The Vorkosigan Saga | |
● foarich diel | Diplomatic Immunity | |
● folgjend diel | CryoBurn | |
kodearring | ||
ISBN | 978-1 45 16 38 455 |
Eftergrûn
bewurkje seksjeCaptain Vorpatril's Alliance is (oant no, 2013, ta) it lêst ferskynde diel fan The Vorkosigan Saga, mar neffens de ynterne gronology fan 'e searje is it eins it foarlêste diel. It is ek it earste Vorkosigan Saga-boek dat Ivan Vorpatril yn 'e haadrol hat, dy't foarhinne ornaris mar in byrol ferfolle. Ivan Xav Vorpatril is de neef fan Bujold har wenstige haadpersoan Miles Vorkosigan, en dêrby (neffens harsels) "in tawijde leechrinder", dat troch in boek oer him te skriuwen, kaam se foar hiel oare swierrichheden te stean as mei de hyper-enerzjike Miles.
Bujold begûn oan Captain Vorpatril's Alliance yn novimber 2009, mar waard geandewei opholden troch ûnderwilens oploste sûnensproblemen en dêrnei troch in heechnedige opknapbeurt fan har kantoar. De roman gie lang troch it libben ûnder de wurktitel Ivan, His Booke ("Ivan, Syn Boeck"), en foar de úteinlike titel wie ek noch Entangling Alliance ("Bestrûpend Ferbûn") yn 'e running, mar Bujold keas dochs mar foar Captain Vorpatril's Alliance ("Kaptein Vorpatril syn Ferbûn"), om't dat har nofliker yn 'e mûle lei. Captain Vorpatril's Alliance is skreaun yn it personele perspektyf en kaam yn novimber 2012 út by útjouwerij Baen Books.
Plot
bewurkje seksjeIvan Vorpatril is in grutte loaibûse, dy't it leafst sa min mooglik docht om it maksimale derút te heljen. Hy is al jierren wurksum as adjudant fan admiraal Desplains, it haad fan 'e ôfdieling Operaasjes (Ops) fan 'e Barrayareeske Striidkrêften; yn dy funksje giet er mei syn baas nei Komarr, ien fan 'e trije planeten fan it Barrayareeske Ryk, foar de jierlikse ynspeksje fan 'e troepen en ynstallaasjes dêre. Captain Vorpatril's Alliance iepenet as Ivan nei in wurchsume wurkdei yn syn tydlike appartemint eefkes fan 'e koarte Komarraanske jûn gebrûk meitsje wol om te bekommen en dan folslein ûnwolkomme besite kriget fan Byerley "By" Vorrutyer.
By Vorrutyer is in yn ûngenede fallen telch fan in konservative Barrayareeske aristokratyske famylje, dy't op in kweanamme leit fanwegen syn útspattings op it mêd fan drank, drugs en seks, en sadwaande beskôge wurdt as in folsleine liddichgonger. Ivan hat lykwols in pear jier earder (sjoch: A Civil Campaign) alris ûntdutsen dat By eins in geheim agint fan 'e Barrayareeske geheime tsjinst ImpSec is, dy't de malkontinten ûnder de Barrayareeske elite yn 'e rekken hâlde moat. No belûkt By Ivan, alhiel tsjin dy syn wil, by it ûndersyk dêr't er op 't heden mei dwaande is. Hy fertelt Ivan dat in frommeske hjir op Komarr, in Nanja Brindis, yn grut gefaar ferkeart. By kin lykwols de Komarraanske plysje net ynskeakelje, om't dat syn undercoverûndersyk kompromittearje soe, en om't er sels foar Binnenwrâldske Saken fan ImpSec, op 'e planeet Barrayar sels, wurket, hat er gjin kontakten by de ôfdielings Komarraanske Saken en Galaktyske Saken, dy't hjir op Komarr fêstige binne. Sadwaande freget er Ivan, dy't in reputaasje fan rokkejager hat, om by wize fan needmaatregel eefkes foar him te hantlangjen en juffer Brindis te fersieren, sadat er har mei-iens bewekje kin. Dat, tsjin better witten yn set Ivan dat út nei de winkel dêr't Nanja Brindis wurket. Hja blykt in tige kreaze en wielderige jonge frou te wêzen, mar hja moat alhiel neat fan Ivan hawwe. Mei't By him har adres trochjûn hat, stekt er binnentroch en wachtet har dêr op.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Nanja Brindis, dy't eins Akuti Tejaswini Jyoti ghem Estif Arqua (ropnamme: Tej) hjit, is de jongste dochter fan Shiv Arqua en Udine ghem Estif, de lieders fan Hûs Cordonah, ien fan 'e misdiesyndikaten dy't op 'e anargistyske planeet Jackson's Whole foar master opslane. Koartlyn hat der lykwols in fijannige oername plakfûn (in útdrukking dy't men op Jackson's Whole letterlik nimme moat) troch Hûs Prestene. Foarsafier't Tej wit, binne sy en har healsuster Rish de iennichste leden fan har famylje dy't witten hawwe te ûntkommen. Tegearre binne se op 'e flecht foar de hiermoardners en preemjejagers fan Hûs Prestene, mar fanwegen jildkrapte binne se op Komarr strâne.
Dus as hja Ivan ôfpoeiert en hy dan op har skûladres opdûkt, mient Tej dat er in hiermoardner of ûntfierder is en sjit Rish, fan wa har bestean oft By neat ôfwist, him del mei in ferdôver. Tej en Rish nimme him dêrnei mei nei harren appartemint om him dêr fêst te binen op in stoel, en it misferstân wurdt net opheldere oant midden yn 'e nacht de echte ûntfierders opdûke. Tej en Rish ferdôvje dy beide manlju en naaie mei Ivan út oer de dakken. Ivan wol net dat de ynkringers frij-út geane, mar troch syn anonime oanjefte fan ynbraak rekket ek de Komarraanske plysje yn it spul behelle.
Ivan biedt Tej en Rish ûnderdak yn syn eigen appartemint, dêr't By de oare jûns ek delkomt, alhiel oerémis om't Nanja Brindis ferdwûn is en hy har nearne fine kin. Ivan stelt him dan foar oan Tej en Rish en set him dêrnei ûnder druk om alles priis te jaan dat hy oer de saak wit. By fertelt Ivan dat er op Komarr is mei Theo Vormercier, in aristokratyske trochbringer dy't troch syn heit ûnturven is en dêrom oare ynkomsten sykje moatten hat. Mei syn jongere (ek al ûnturven) broer Roger, dy't kertiermaster by de float is, liedt Theo no in binde dy't ferâldere Barrayareesk militêr materieel, dat eins ferneatige wurde moatte soe, efteroer drukt en oan trêden ferpatst. By, dy't himsels foardocht as ien fan Theo syn neiste meirinders, is genôch bewiismateriaal oan it sammeljen om 'e bruorren en harren trewanten in moai hoart op te bergjen. Mar no is de operaasje fan 'e Vormerciers stil kommen te lizzen fanwegen de ynspeksje fan admiraal Desplains. Dat hat Theo yn finansjele swierrichheden brocht; lokkigernôch foar him hawwe syn galaktyske kontakten oanjûn dat se ek grou jild betelje wolle foar it ûntfieren en oan harren oerdragen fan in Nanja Brindis. Theo hat dy oplossing daliks oangrepen en By opdroegen om it te beävensearjen; dêrop hat By mei de rjochterhân de ûntfiering regele, wylst er mei de lofterhân Ivan ynskeakele hat om 'e ûntfiering te dwerseidzjen.
No't Tej en Rish feilich by Ivan ûnderdûkt sitte, mient By dat er alles ûnder kontrôle hat, mar hy hat bûten Theo Vormercier rekkene, dy't By passearret en de Komarraanske ymmigraasjetsjinst ynljochtet dat Nanja Brindis in yllegale frjemdlinge is. (Hy riddenearret dat se maklikernôch út har sel ûntfierd wurde kinne sil as se ienris fêstsit.) Underwilens is de Komarraanske plysje, dy't de ynbraak yn it appartemint fan 'e spoarleas ferdwûne Nanja Brindis ûndersiket, op grûn fan opnamen fan befeiligingskamera's yn 'e omkriten fan it appartemint ta de konklúzje kommen dat juffer Brindis ûntfierd is troch Ivan (en dêrnei grif in raar gat yngien is). As By ûntdekt wat Theo Vormercier him lapt hat, hastiget er him moarns ier wer nei Ivan syn appartemint ta, dêr't er krekt justjes earder arrivearret as de ymmigraasjetsjinst, dy't de yllegale Nanja Brindis oppakke wol, en de plysje, dy't Ivan arrestearje wol foar de ûntfiering en moard op Nanja Brindis.
Mei beide espels oerheidsfunksjonarissen op syn doar om te bûnzjen en Tej en Rish ree om fan it balkon te springen om't se de foarkar jouwe oan 'e dea boppe in libben as finzene fan Hûs Prestene, betinkt Ivan in drastyske oplossing. Mei't de singeliere houliksbrûkmen fan Barrayar it breidspear yn prinsipe tasteane om harrensels yn 'e echt te ferbinen, freget er Tej om mei him te trouwen. Mei By en Rish as tsjûgen raffelje se de houliksûnthjitten ôf en dan is Tej op slach Frouwe Vorpatril en dêrmei in Barrayareesk steatsboarger wurden, wylst Ivan Rish mei in symboalyske betelling yn 'e tsjinst nimt as tsjinstfaam. Sa binne se dus bûten it berik fan 'e ymmigraasjetsjinst brocht, wylst it ek dúdlik is dat de oanklachten fan 'e plysje tsjin Ivan nearne op basearre binne. Boppedat hat Ivan Tej besward dat it inkeld in tydlike oplossing is en dat se op elts momint dat se wolle in skieding krije kinne fan syn famyljehaad, greve Falco Vorpatril. De argewaasje dy't syn oanfarring mei de pleatslike autoriteiten foar syn baas, admiraal Desplains, opsmiten hat, wit Ivan te fersêftsjen troch him op it spoar te setten fan 'e binde fan 'e Vormerciers, dy't gaueftich oprôle wurdt. Sa liket elkenien baat by de sitewaasje te hawwen.
Dat sadwaande reizgje Tej en Rish mei werom nei Barrayar as admiraal Desplains syn ynspeksje fan Komarr derop sit. Op Barrayar komme hja yn 'e kunde mei Ivan syn mem, frouwe Alys Vorpatril, en dy har freon, Simon Illyan, it eardere haad fan ImpSec. Fierders moetsje se Ivan syn famyljeleden en jeugdfreonen Miles Vorkosigan en keizer Gregor, dy't Tej by harsels De Neef en De Gregor neamt. Nettsjinsteande it tydlik aard fan har houlik begjinne Tej en Ivan hieltyd mear nei inoar ta te groeien, wylst Rish in relaasje mei By kriget. As úteinlik de tiid komt om der in ein oan te breidzjen en in skieding oan te freegjen, docht bliken dat de âlde greve Falco Vorpatril folle tradisjonelere en konservativere ideeën oer it houlik hat as de jongere generaasje: hy lêst harren it leksum oangeande it frivoal omgean mei eden en ûnthjitten en wegeret harren in skieding ta te stean. Ivan en Tej binne der wat mei oan hoe no fierder, mar sette likegoed de plannen troch om Tej en Rish temûk nei Escobar ferfiere te litten troch in ImpSec-koeriersskip.
Dan, op in nacht, wurde Ivan en Tej fan bêd ôf belle om't der op 'e romtehaven fan 'e Barrayareeske haadstêd Vorbarr Sultana guon lju troch de dûane oanholden binne dy't ûnder ferfalske reisdokuminten reizgen en dy't beweare Tej te kennen. Nei't Ivan en Tej har dêrhinne hastige hawwe, blykt it om Tej har hast folsleine, deawaande famylje te gean: heit, mem, beppe, twa susters, twa healsusters, in broer en in healbroer. Shiv Arqua en syn frou Udine ghem Estif, de eardere baron en baronne Cordonah, binne wisberet om alles dat harren ôfnommen is, wer werom te winnen. It docht bliken, sij it net foar Ivan en By, dy't noch in moai hoart ûnkundich holden wurde, dat de Arqua's net inkeld nei Barrayar ta kommen binne om Tej en Rish ôf te heljen, mar ek om oare, snoade redens.
Tej har beppe, frouwe ghem Estif, is nammentlik in 130 jier âlde Cêtagandyske haut (de genetysk manipulearre elite fan it Cêtagandyske Ryk) en de widdo fan generaal ghem Estif, dy't ûnder de Cêtagandyske Besetting fan Barrayar (95-75 jier lyn) hjir op 'e planeet stasjonearre wie. Hoe't harren dochter letter mei de Jacksoniaanske piraat en hierling Shiv Arqua troude en mei him de lieding fan Hûs Cordonah oernaam, is in lang ferhaal, mar wêr't it om giet, is dat frouwe ghem Estif noch weet hat fan dingen út 'e tiid fan 'e Besetting dy't fierders nimmen op Barrayar mear heuge, mei't de haut folle langer libje as Barrayarezen. Sa wit frouwe ghem Estif noch it plak oan te wizen fan in beskate ûndergrûnske bunker. Oan 'e ein fan 'e Besetting is dy troch de Cêtagandyske generaals foltroppe mei alderhanne dingen dy't se net kwyt woene mar ek net meislepe koene, yn it mispleatste fertrouwen dat harren weromlûking fan 'e planeet mar in tydlike tebeksetter wêze soe, sadat se it guod letter wer opsykje kinne soene. Mei dy skat soene de Arqua's harren werovering fan Hûs Cordonah bekostje kinne. Der is allinnich in lyts probleemke. De bunker leit ûnder in parkje lyk foar it meast ûnsjogge gebou fan hiel Barrayar oer. Ivan: "It is ien fan 'e gebouwen fan keizer Yuri Vorbarra syn megalomane arsjitekt, de beruchte hear Dono Vorrutyer. It slagge him om fiif grutte bouwurken ôf te krijen foar't er tsjinholden wurde koe [...] Dat ûnbidige ûnding is Kakkerlak Sintraal sels — en sa wurdt it neamd troch de lju dy't dêr wurkje — de thúsbasis fan ImpSec. It haadkertier fan 'e Barrayareeske Keizerlike Feilichheidstsjinst."
Dat smyt fansels al de kat yn it jern, mar sa maklik jouwe de Arqua's it net op. By in diner by Ivan syn mem thús reitsje Shiv Arqua en Simon Illyan oan 'e praat en, sa docht letter bliken, slute se in weddenskip. As de Arqua's de skat witte op te graven sûnder dat ImpSec der lucht fan kriget, sil Illyan de oare kant út sjen. Mar as se al trappearre wurde troch ImpSec of as de bunker leech blykt te wêzen, sille de Arqua's op beskate manearen hantlangje moatte foar ImpSec. Illyan mient dat er dy weddenskip net ferlieze kin, want yn 'e papierren fan ImpSec stiet de bunker oanjûn as útromme. Mocht dat in fersin of in ferfalsking wêze, dan jout dat de Arqua's noch neat, want it minste leven en de lytste trillings sille yn it ImpSec-haadkertier de alaarmbellen rinkelje litte, dus hoe foarsichtich sille se wol net grave moatte? Boppedat, wêr kinne se yn 'e goedichheid alle opgroeven grûn litte, sûnder dat it yn 'e gaten rint? Dat Illyan giet fol fertrouwen op in bank yn it parkje sitten wylst de Arqua's harren soanyske boaiempeilings kamûflearje as gymnastyske oefenings. Ferskate kearen stekt der immen fan ImpSec de strjitte oer om te sjen wat der te rêden is, mar sadree't se harren âlde sjef sjogge, geane se derfan út dat it wol goed wêze sil.
De Arqua's binne Illyan lykwols te fluch ôf, want frouwe ghem Estif hat fan 'e Ierde, dêr't se ferskate jierren yn ballingskip taholden hat, in eksperiminteel makrobiologysk middel meinommen dat tunnels makket troch grûn op te fretten en der hurde tunnelwannen fan te meitsjen, sûnder dat er meganyske of oarsoartige wurktugen oan te pas komme. Sa grave se dus in tunnel nei de bunker ta út in berchromte yn 'e parkeargaraazje fan it oanswettende gebou wei, sûnder leven, trillings of opgroeven grûn. It eksperimintele guod wurket net alhiel sa't it heart; ferskate fan 'e tunnels rinne folslein de ferkearde kant út. Boppedat fine se net inkeld de bunker, mar ek in âlde bom, dy't blykber bedoeld wie om it ImpSec-haadkertier op te blazen. Mar it spul ferskaft harren al tagong ta de bunker, en dat is wêr't it om giet. Underwilens hat Shiv Arqua in âlde Komarraanske sakepartner, in Vigo Imola, by de saak belutsen om 'e skat aansten fan 'e planeet te smokkeljen.
Tsjin dy tiid hat Ivan einlik útfûn wat de geande is, dat hy nûget himsels út om by it iepenjen fan 'e bunker oanwêzich te wêzen. It docht bliken dat de bunker net útromme wie en dat er yndie fol leit mei skatten: kisten fol goudene munten, antike foarwerpen en keunstwurken fan ûnskatbere wearde en histoaryske dokuminten by 't kroadfol. Mar foar't se begjinne kinne om alles troch de tunnel nei de parkeargaraazje te slepen, falt Vigo Imola mei twa hantlangers de bunker binnen; hy hat besletten dat ien fûgel yn 'e hân better is as tsien yn 'e loft en no is er fan doel om 'e hiele Arqua-clan te oermasterjen en ynferzen yn kryokisten by Hûs Prestene ôf te leverjen om sa de priis te ynkassearjen dy't op harren hollen stiet. Mar trochdat se ferdôvers, wat enerzjywapens binne, brûke om Ivan en de Arqua's mei te bedriigjen, pikt ImpSec no enerzjysynjalen op fan in plak dêr't dy net hearre te wêzen. In ImpSec-tiim dat op ûndersyk útgiet, rint yn 'e parkeargaraazje mear fan Imola syn trewanten tsjin it liif, dy't dêrop de tunnel yn flechtsje. In fjoergefjocht yn 'e tunnel folget, wêrby't de âlde bom rekke wurdt. Dy ûntploft, wat in grut part fan 'e tunnel ferrinnewearret en ek de deunby rinnende wetterlieding, sadat de rest fan 'e tunnel fol begjint te rinnen.
Sa komme Ivan en de Arqua's, dy't ûnderwilens mei Imola-en-dy ôfweefd hawwe, fêst te sitten yn 'e bunker. Mei swier materieel wurdt midden yn 'e nacht yn it parkje in grut gat groeven, wêrnei't der in iepening yn it dak fan 'e bunker boarre wurdt. Op dy manear wurde Ivan en de Arqua's rêden, mar de moard is no fansels wol goed útkommen en it is ImpSec dat de skatten omheech hellet. Mar dat is noch net alles, want it docht bliken dat it yn it wylde wei tunnelgravende guod fan 'e frouwe ghem Estif de fûneminten fan it ImpSec-haadkertier ûndergroeven hat en no spielt it wetter út 'e lekke wetterlieding alle grûn fuort, mei as resultaat dat "Kakkerlak Sintraal" yn syn gehiel begjint wei te sakjen, oant men op 't lêst by wize fan sprekken sa fan it dak op 'e dyk stappe kin.
Neitiid ûnderhannelet keizer Gregor yn eigen persoan mei Shiv Arqua. De ûntdutsen skatten (mei in wearde fan 8 miljard Barrayareeske mark) komme oan 'e Barrayareeske steat, mar de Arqua's krije de wetlik fêstleine 10% finerslean, minus al ûnkosten dy't se feroarsake hawwe, lykas it nije haadkertier dat ImpSec no nedich is, sadat it eins útkomt op 5% oftewol 400 miljoen Barrayareeske mark. Yn ruil dêrfoar en foar it falle litten fan alle strafrjochtlike oanklachten kringt Barrayar de Arqua's in geheim ferbûn op om in brêgehaad foar ImpSec-operaasjes op Jackson's Whole te hawwen en sa op gelikense foet te kommen mei it Cêtagandyske Ryk, dat krekt sa'n oerienkomst mei Hûs Prestene hat. Sa sette de Arqua's ôf, offisjeel om't se it Barrayareeske Ryk útset wurde, mar eins om mei Barrayareeske stipe harren posysje op Jackson's Whole werom te feroverjen. By wurdt oansteld as de Barrayareeske ferbiningsofsier by Hûs Cordonah, en giet, ta blydskip fan Rish, mei harren.
Dan is it tiid foar Gregor om mei de oare skuldigen ôf te weven. Simon Illyan wurdt mei frouwe Alys Vorpatril op in lange cruise troch de bewenne romte stjoerd, in soarte fan tydlike ferballing. Wylst Ivan oansteld wurdt as militêr attasjee fan it Barrayareeske konsulaat op 'e ôfhandige planeet Ylla (dêr't hy ien is fan in totaal konsulaatspersoniel fan twa) en sa mei Tej in pear jier yn tige komfortabele ballingskip stjoerd wurdt. It âlde ImpSec-haadkertier wurdt kocht en wer boppegrûnsk helle troch sakeman Mark Vorkosigan, dy't der in krusing fan in hotel en in pretpark fan makket dêr't de gasten de hiele "ImpSec-ûnderfining" sels belibje kinne.
Oersettings
bewurkje seksjePrizen en nominaasjes
bewurkje seksje- Nominearre foar de Hugo Award foar de bêste roman fan 2012.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Noaten
Boarnen
|