Falling Free
Falling Free is in science fiction-roman fan 'e hân fan 'e súksesfolle en mannichfâld bekroande Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold. It makket loskes ûnderdiel út fan The Vorkosigan Saga, Bujold har populêrste en omfangrykste searje, mar kin sûnder beswier los dêrfan lêzen wurde. Falling Free, dêr't Bujold in Nebula Award mei wûn, waard foar it earst publisearre as in fúljeton yn 1987-1988. It is ûnderwilens oerset yn njoggen talen.
Falling Free | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Lois McMaster Bujold | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | science fiction | |
1e publikaasje | 1987-88, New York | |
oarspr. útjwr. | Baen Books | |
prizen | Nebula Award 1988 nom. Hugo Award 1988 | |
rige | ||
rige | The Vorkosigan Saga | |
● foarich diel | Dreamweaver's Dilemma | |
● folgjend diel | Shards of Honor | |
kodearring | ||
ISBN | 0 67 16 53 989 |
Eftergrûn
bewurkje seksjeFalling Free (frij fertaald: "Sûnder Swiertekrêft") wie de fjirde roman fan 'e Amerikaanske science fiction- en fantasy-auteur Lois McMaster Bujold, dy't se skreau mei help (oangeande de technyske omballingen) fan har heit, har broer Jim en dy syn maat Wally Voreck. De haadpersoan, Leo Graf, in laskyngenieur, is feitliks fierhinne basearre op Bujold har heit, de natuerkundige, yngenieur en perfester laskboukunde en elektroboukunde Robert Charles McMaster. It feit dat har heit ûnder har skriuwen fan dit boek kaam te ferstjerren, makke it foar Bujold dreech om Falling Free ôf te meitsjen, mar nei't se it in pear moanne oan 'e kant lein hie (en ûnderwilens de novelle The Borders of Infinity skreaun hie), slagge it har dochs om it te foltôgjen.[1]
Yn 'e winter fan 1987-1988 ferskynde Falling Free as fjouwerdielich fúljeton yn it tydskrift Analog Magazine, in feit dêr't Bujold tige ferguld mei wie, om't Analog it favorite tydskrift fan har heit west hie.[2] Neitiid waard Falling Free yn april 1988 yn boekfoarm publisearre troch útjouwerij Baen Books. Yn 2008 waard it werútjûn as ûnderdiel fan 'e omnibus Miles, Mutants & Microbes. Mei Falling Free wûn Bujold yn 1989 ek har earste priis, te witten in Nebula Award.[3]
Falling Free is skreaun yn it personele perspektyf en spilet likernôch twahûndert jier foar de berte fan Miles Vorkosigan; it stiet dêrmei eins folslein los fan 'e rest fan The Vorkosigan Saga, behalven dan dat it yn itselde hielal plakfynt.
Plot
bewurkje seksjeDe haadpersoan yn Falling Free is de laskyngenieur Leo Graf, dy't neatfermoedzjend in baan oannimt om op in ôfhandich romtestasjon tafersjoch te hâlden op 'e trening fan 'e wurknimmers fan 'e multinasjonal GalacTech. As er op it plak oankomt, docht lykwols bliken dat it net om gewoane lju giet, mar om saneamde quaddies, genetysk modifisearre minsken mei in twadde pear earms wêr't normaal de skonken sitte.
GalacTech hat quaddies ûntwikkele om te tsjinjen as arbeidskrêften yn 'e romte (d.w.s. yn wurksitewaasjes sûnder swiertekrêft), mei't gewoane wurknimmers yn sokke omstannichheden ferlet hawwe soene fan spesjale fasiliteiten en boppedat om it hoartsje mei ferlof moatte soene om't yn in steat fan gewichtsleazens harren lichems fuortkwine. Quaddies hawwe dy neidielen net; sterker noch, yn mear as de lichtste swiertekrêft kinne sy net iens funksjonearje. Dat betsjut dus ek dat se bûn binne oan it romtestasjon en foar harren libbensûnderstiping folslein fan it bedriuw ôfhinklik binne — in bykommend foardiel fanút it eachpunt fan GalacTech sjoen. Foar de wet hat GalacTech de quaddies trouwens klassifisearje litten as "post-foetale eksperimentele weefselkultueren", sadat se gjin berop dwaan kinne op minskerjochten. De quaddies wurde behannele as slaven en GalacTech hat sels in fokprogramma foar harren opset.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Al hiel gau begjint Graf syn sympaty te ferskowen fan syn wurkjouwer nei de quaddies. Dan ûntdekt er dat hja troch de ûntwikkeling fan in nije keunstmjittige-swiertekrêfttechnology oerstallich wurden binne en dat men by GalacTech net rjocht mear wit wat men mei de quaddies oan moat. Der wurdt diskusjearre oer eutanasy, mar einlings wurdt besletten ta twongen sterilisaasje fan 'e hiele froulike populaasje. Underwilens ûntstiet der stadichoan in bân tusken Graf en de jonge froulike quaddie Silver, mei wa't er úteinlik in relaasje kriget. Graf betinkt in ûntsnappingsplan, dat er tegearre mei Silver, en mei help fan 'e oare quaddies, útfiert. GalacTech komt derefter en besiket harren mei geweld tsjin te kearen, mar wurdt dêrby opholden troch sabotaazje fan guon fan syn eigen (minsklike) wurknimmers. Krekt op 'e tiid witte Graf en de quaddies te ûntkommen troch in wjirmgat, dat nei in ôfhandige úthoeke fan 'e bewenne romte liedt.
It ferfolch dat nea kaam
bewurkje seksjeBujold fertelt yn it foarwurd fan 'e omnibus Miles, Mutants & Microbes dat it earst net har doel wie en lit dit ferhaal op himsels stean. "It wie dúdlik in soarte fan Eksodusferhaal, wat ymplisearre dat miskien fjirtich jier yn 'e woastyn diel twa wêze moatte soe, en de oankomst yn it Unthjitten Lân diel trije, in moai ôfrûne trilogy."[4] Mar hja waard ôflaat troch in oar projekt en kaam der letter nea mear ta om in ferfolch op Falling Free te skriuwen. Se liket har der no by dellein te hawwen dat dat der ek nea mear fan komme sil, want by wize fan ôfsluting liet se Miles Vorkosigan, de haadpersoan fan it grutste part fan The Vorkosigan Saga, yn in ferhaal dat likernôch 230 jier nei de foarfallen fan Falling Free spilet, in besyk bringe oan it nije thús fan 'e quaddies, dêr't se blykber noch lang en lokkich libben (sjoch: Diplomatic Immunity).
Oersettings
bewurkje seksje- Italjaansk (Gravità Zero), fert. Maria Cristina Pietri, 1990;
- Spaansk (En Caída Libre), fert. Claudia Martinez, 1990;
- Japansk (Jiyū Kido), fert. Ayako Ogiso, 1991;
- Dútsk (Die Quaddies von Cay Habitat), fert. Michael Morgental, 1995;
- Poalsk (Stan Niewolności), fert. Anna Doróta Kaminska, 1995;
- Russysk (V Svobodnom Padjenii), fert. A. Kiričenko, 1995;
- Frânsk (Opération Cay), fert. Geneviève Blattmann, 1997;
- Tsjechysk (Cestou Svodody), fert. Marta Prochzkov, 1998;
- Bulgaarsk (Bez Gravitacija), fert. Kremena Jordanova, 1999.[5]
Prizen en nominaasjes
bewurkje seksje- Wûn de Nebula Award foar de bêste roman fan 1988;
- wûn de Prometheus Hall of Fame Award 2014;
- nominearre foar de Hugo Award foar de bêste roman fan 1988;
- nominearre foar in Prometheus Award 1989;
- de Reader's Chair-ûnferkoarte audioproduksje fan Falling Free wûn de Earphones Award fan it tydskrift AudioFile foar it bêste science fiction-audioboek fan 1996;
- de Reader's Chair-ûnferkoarte audioproduksje fan Falling Free wûn de Listen Up Award foar ien fan 'e bêste science fiction-audioboeken fan 1996.[6]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Noaten
Boarnen
|