Mirror Dance is in science fiction-roman fan 'e hân fan 'e súksesfolle en mannichfâld bekroande Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold. It makket ûnderdiel út fan The Vorkosigan Saga, Bujold har populêrste en omfangrykste searje, mar is in ôfrûne ferhaal, dat ek los dêrfan lêzen wurde kin. Mirror Dance, dêr't Bujold in Hugo Award mei wûn, waard foar it earst útjûn yn 1994. It is ûnderwilens oerset yn tolve talen.

Mirror Dance
algemiene gegevens
auteur Lois McMaster Bujold
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre science fiction
1e publikaasje 1994, New York
oarspr. útjwr. Baen Books
prizen nom. Hugo Award 1994
nom. Locus Award 1994
rige
rige The Vorkosigan Saga
● foarich diel Borders of Infinity (ramtferhaal)
● folgjend diel Memory
kodearring
ISBN 0 67 17 22 107

Bujold skreau Mirror Dance, dat oerset wurde kin as "Spegeldûns", yn 1994. It boek is skreaun yn it personele perspektyf en waard foar it earst útjûn yn 1994 troch Baen Books. Yn 2002 waard it werútjûn as ûnderdiel fan 'e omnibus Miles Errant, yn 'e mande mei de roman Brothers in Arms en de novelle The Borders of Infinity.

Mirror Dance spilet twa jier nei Brothers in Arms, wêryn't de Miles Vorkosigan, de haadpersoan yn it grutste part fan Bujold har Vorkosigan Saga, ûntdiek dat er in kloan-broer hie, dy't kreëarre wie as ûnderdiel fan in yngewikkeld komplot om Miles te ûntfieren en te ferfangen sûnder dat immen dat opmerke soe. Hoewol't dy gearspanning mislearre, kaam Miles foar dat syn broer Mark, sa't er him beskôget, derfoar oppakt waard.

Yn Mirror Dance is Mark wer werom, diskear net as in stik ark yn 'e hannen fan oare gearspanners, mar mei in gearspanning fan himsels. Hy nimt Miles syn plak oer as admiraal Naismith, de befelfierder fan 'e Frije Dendarii Hierlingefloat, mei as doel om in ein te meitsjen oan 'e kloan-op-bestellingproduksje fan Hûs Bharaputra, ien fan 'e misdiesyndikaten op 'e anargistyske planeet Jackson's Whole. Hûs Bharaputra hat him nammentlik spesjalisearre yn it transplantearjen fan 'e harsens fan âlde (en rike) lju yn 'e jonge lichems fan harren genetyske kloanen. Soks resultearret fansels yn it fermoardzjen fan 'e kloan, wat de reden is dat sa'n operaasje inkeld op it wetteleaze Jackson's Whole útfierd wurde kin. Mark sels is ek in produkt fan Hûs Bharaputra en al wie hy nea bestimd foar sa'n soarte lot, dochs fettet er it tige persoanlik op. Syn plan is sadwaande om mei de kommando's fan 'e Dendarii de hiele hjoeddeiske produksjeline fan kloanen fan Hûs Bharaputra te befrijen en dan hurd mei harren út te naaien op 'e Ariel, it fluchste romteskip fan 'e Dendarii.

 
Lois McMaster Bujold op 'e Finncon-konvinsje te Tampere, yn Finlân (2012).

Hoewol't kaptein Bel Thorne fan 'e Ariel, in Bêtaanske hermafrodyt, as iennichste al rillegau trochhat dat Mark Miles net is, docht it mei oan Mark syn operaasje. Mar Mark beskikt ienfâldichwei net oer Miles syn taktyske briljantens. De operaasje begjint mis te rinnen as bliken docht dat in stikmannich fan 'e (yndoktrinearre) kloanen hielendal net rêden wurde wol en fan dat punt ôf giet it almar fierder berchôf. As in woeste Miles einlings mei in oar Dendarii-skip op it toaniel ferskynt, moat dy heal taret in drege rêdingsmissy ûndernimme om al syn minsken te ûntsetten. De befeiliging fan Hûs Bharaputra lit dat net samar ta en de oangeande gebouwen feroarje yn in wier slachfjild. Yn it hjitst fan 'e striid wurdt Miles mei in granaat yn it boarst rekke en komt om; syn mannen witte him yn in kryokiste te stopjen, sadat er letter ûnder sikehûsomstannichheden ûntteit en mooglik wer ta libben brocht wurde kin. Mar yn 'e striid en de betizing komt de hospik dy't de kiste begeliedt om en giet de kiste mei Miles deryn ferlern. En neitiid blykt it ûnmooglik om dy wer op te spoaren.

Dêrop beslút kaptein Elli Quinn, Miles syn ûnderbefelhawster by de Dendarii, om 'e hiele brot mar oan 'e Barrayareeske geheime tsjinst ImpSec oer te dragen, Mark ynbegrepen. Op dy manear komt Mark foar it earst yn 'e kunde mei de planeet Barrayar en syn eigen biologyske famylje. Grevinne Vorkosigan, Miles syn mem (en dus eins Mark sines ek), dy't berne is op it foarútstribjende Bêta Koloanje, akseptearret him sûnder mear as har soan, en op har oanstean docht har man, greve Aral Vorkosigan, itselde. Mar it ferlies fan Miles is tige dreech foar harren, krekt sa't it dat is foar al Miles syn freonen. En Mark ûntdekt ta syn ôfgriis dat hysels no de erfgenamt fan greve Vorkosigan is, mei alle tesmoarende maatskiplike en sosjale ferplichtings dy't dat meibringt. As de greve dan in hertoanfal kriget dy't er mar kwealk oerlibbet en guon lju Mark dêrom wer begjinne te wantrouwen, wylst er sels merkt dat ImpSec lang safolle minsken en materieel net ynsette kin om nei Miles te sykjen as dat hy needsaaklik achtet, beslút Mark úteinlik om sels de syktocht op him te nimmen. Hy wit syn mem, grevinne Vorkosigan, oer te heljen om dat te bekostjen en guon wichtige Dendarii (Elli Quinn, Taura en Bel Thorne) om him te helpen. Yn in priveejacht set er dan wer koerts nei Jackson's Whole.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Underwilens is Miles bykommen yn it sikehûs op Jackson's Whole dêr't men him wer ta libben brocht hat. Hy is earst tige swak en lijt oan ûnthâldsferlies, wat alhiel net ûngewoan is foar kryoanika-oerlibbenen. It sikehûs is in priveeklinyk dreaun troch de Durona's, in famylje fan op medysk mêd geniale kloanen. Lilly Durona, de matriarch fan 'e famylje, hat heard hoe't admiraal Naismith jierren earder de ûndersiker dr. Hugh Canaba fan Jackson's Whole ôf smokkele hat (sjoch: Labyrinth), en sy hat Miles, dy't se foar Naismith oansjocht, ferburgen holden foar sawol syn fijannen as syn freonen om't sy en har famylje ek fan Jackson's Whole ôf wolle.

Tsjin 'e tiid dat Mark-en-dy op Jackson's Whole oankommen binne, hat Mark útfigelearre wat der mei Miles bard wêze moat en is er derfan oertsjûge rekke dat er yn 'e hannen fan 'e Durona's ferkeare moat. As er lykwols mei Quinn en in besyk oan 'e klinyk bringt en op it punt stiet om in oerienkomst mei Lilly Durona te sluten, wurdt er oerfallen en ûntfierd troch befeiligingslju fan Hûs Ryoval, op befel fan baron Ry Ryoval, in âlde fijân fan admiraal Naismith (sjoch: Labyrinth). Miles sels wit oan Ryoval syn mannen te ûntkommen, mar wurdt dan grepen troch de ûnderhearrigen fan baron Vasa Luigi fan Hûs Bharaputra.

Sawol Ryoval as Luigi binne derfan oertsjûge dat se admiraal Naismith te pakken hawwe, in persoan dy't, iroanyskernôch, net bestiet. Mark wurdt yn 'e tsjerkers fan Ryoval ûnderwurpen oan 'e meast útsochte foarmen fan tramtearring, wylst Miles inkeld fêstholden wurdt om oan 'e heechste bieder trochferkocht te wurden. Dy heechste bieder is Ryoval, mar as Miles nei dyselde tabrocht wurdt, blykt er dea te wêzen. De dieder is Mark, dy't ommers oarspronklik as slûpmoardner treend wie, in feit dat Ryoval út it each ferlern wie.

Yn 'e neisleep fan it aventoer wit Mark, dy't miskien net geskikt is as militêr befelhawwer, mar oer nammenste mear saaklike feardichheden beskikt, baron Fell, de jongere broer fan Ryoval, 10% fan 'e wearde fan 'e besittings fan Hûs Ryoval ôfhandich te meitsen yn ruil foar de ring mei baron Ryoval syn kodearrings en wachtwurden. By dyselde oerienkomst betinget er ek in frije ôftocht foar de Durona's nei de planeet Escobar.

Miles syn dea en kryoanyske weropstanning sille bliuwende negative gefolgen foar syn lichaamlike sûnens hawwe. Mark hat syn eigen, psychyske swierrichheden, feroarsake troch de mishanneling dy't er yn syn jonkheid te ferduorjen hân hat en noch slimmer makke troch de tramtearring troch baron Ryoval. Grevinne Vorkosigan stjoert him nei Bêta Koloanje foar spesjalisearre behanneling.

  •   Frânsk (La Danse du Miroir), fert. Paul Benita, 1994;
  •   Bulgaarsk (Ogledalen Tanc), fert. Georgi Stojanov, 1995;
  •   Italjaansk (I Due Vorkosigan), fert. Gianluigi Zuddas, 1995;
  •   Spaansk (Danza de Espejos), fert. Margara Auerbach, 1995;
  •   Russysk (Tanjec Otraženij), fert. T. Čerjezova, 1996;
  •   Dútsk (Spiegeltanz), fert. Michael Morgental, 1997;
  •   Roemeensk (Dans în Oglindă), fert. Gabriel Stoian, 1997;
  •   Kroätysk (Ples Zrcala), fert. Milena Benini-Getz, 2000;
  •   Japansk (Mirā Dansu), fert. Ayako Ogiso, 2002;
  •   Poalsk (Lustrzany Taniec), fert. Lukasz Praski, 2002;
  •   Tsjechysk (Zrcadlový Tanec), fert. Helena Soukupová, 2003;
  •   Sineesk (?), fert. ?, 2004.[1]

Prizen en nominaasjes

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Bernardi, Michael, Full Translated Bibliography (www.dendarii.com).
  2. Bernardi, Michael, Awards and Nominations (www.dendarii.com).

Boarnen

The Vorkosigan Saga
Dreamweaver's Dilemma • Falling Free • Shards of Honor • Barrayar • The Warrior's Apprentice • The Mountains of Mourning • The Vor Game • Cetaganda • Ethan of Athos • Labyrinth • The Borders of Infinity • Brothers in Arms • Borders of Infinity (ramtferhaal) • Mirror Dance • Memory • Komarr • A Civil Campaign • Winterfair Gifts • Diplomatic Immunity • Captain Vorpatril's Alliance • The Flowers of Vashnoi • CryoBurn • Gentleman Jole and the Red Queen