Gentleman Jole and the Red Queen

Gentleman Jole and the Red Queen is in roman fan 'e hân fan 'e súksesfolle en mannichfâld bekroande Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold. Dit boek, dat de sjenres fan science fiction en romantyk kombinearret, makket ûnderdiel út fan The Vorkosigan Saga, Bujold har populêrste en langst rinnende searje, mar is in ôfrûne ferhaal, dat ek los fan 'e oare dielen lêzen wurde kin. Yn Gentleman Jole and the Red Queen grypt Bujold werom op it personaazje fan Cordelia Vorkosigan, mei wa't hja de searje ea úteinsette (hoewol't har soan Miles yn it grutste part fan 'e romanrige de haadrol spilet). Bujold sels omskreau dit boek as: "gjin oarlochsferhaal. It giet oer folwoeksenen." Gentleman Jole and the Red Queen waard foar it earst (op papier) publisearre yn 2016, by de Newyorkske útjouwerij Baen Books (hoewol't it e-boek ein 2015 al beskikber wie).

Gentleman Jole and the Red Queen
algemiene gegevens
auteur Lois McMaster Bujold
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre romantyk, science fiction
1e publikaasje New York, 2016
oarspr. útjwr. Baen Books
rige
rige The Vorkosigan Saga
● foarich diel CryoBurn
● folgjend diel <noch gjint>
kodearring
ISBN 978-1 47 67 81 228

Cordelia Vorkosigan is de ûnderkeninginne fan 'e planeet Sergyar, ien fan 'e trije wrâlden dy't it Keizerryk Barrayar foarmje. Har man, Aral Vorkosigan, dy't trije jier lyn ferstoarn is, wie biseksueel, en ûnderhold njonken syn houlik mei har ek in homoseksuële relaasje mei syn adjudant, Oliver Jole. Yn 'e konservative Barrayareeske kultuer is homoseksualiteit net ferbean, mar is it wol wat om jin foar te skamjen. Cordelia komt lykwols fan 'e foarútstribjende planeet Bêta Koloanje; hja hat altyd witten fan sawol de seksuële oriïntaasje fan har man as fan syn relaasje mei Jole, en moedige him wat dat lêste oangie sels oan. Hja beskôge Jole as de trêde partner yn harren houlik, hoewol't hy nea as sadanich nei bûten te trede koe.

Troch de ûnlijige politike karriêre fan har man, dy't earst minister-presidint fan Barrayar wie, doe regint en neitiid ûnderkening fan Sergyar, is it der nea fan kommen om in grut gesin te stiftsjen, wat altyd Cordelia har winsk west hat. Dat is alhiel yn 'e ferdrukking kommen nei't harren iennichste soan, Miles, as gefolch fan in oanfal mei gifgas op 'e Vorkosigan-residinsje yn 'e Barrayareeske haadstêd Vorbarr Sultana slim lichaamlik beheind rekke wie. No, lykwols, nei trije jier fan rou nei de it ferstjerren fan har man, hat Cordelia de ynferzen aaisellen en siedsellen fan har beiden ophelle fan Barrayar en is se fan doel om as noch in grut gesin te stiftsjen. It docht bliken dat troch ferâldering fan it genetysk materiaal en oare omtinkens in grut part fan 'e sellen net mear libbensfetber is, mar it slagget de laboranten om seis aaisellen te befruchtsjen. Om't de fâdij fan famkes ûnder de Barrayareeske wet altyd oan 'e mem tawiisd wurdt en se gjin fâdijswierrichheden hawwe wol, beslút Cordelia om mei tuskenskoften fan in pear jier seis dochters te wrâld komme te litten út saneamde uterusreplikators (keunstmjittige limoeren).

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

As har dokter yn it replikaasjesintrum har ferteld dat der behalven de seis befruchte aaisellen ek noch in fjouwertal sellen binne wêrfan't de selwanden beholden bleaun binne mar it eigentlike genetyske materiaal net, beslút Cordelia dy oan Oliver Jole oan te bieden. Yn it laboratoarium fan it replikaasjesintrum kin oan 'e lege sellen nammentlik genetysk materiaal fan Aral Vorkosigan tafoege wurde, wêrnei't Jole de resultearjen aaisellen mei syn eigen siedsellen befruchtsje litte kinne soe, sadat hy en Aral tegearre ek bern krije kinne. Jole is ûnderwilens opklommen ta admiraal en kommandant fan 'e Barrayareeske romtefloat yn it sinnestelsel fan Sergyar. Cordelia har oanbod komt him alhiel oer it mad en set syn hiele libben op 'e kop.

Tsjin 'e eftergrûn fan it bestjoer fan Sergyar, in planeet dy't net foar neat bekendstiet as de Gaoskoloanje, groeie de biseksuële Jole en de 76-jierrige Cordelia, dy't der fanwegen har genetyske manipulearre langere Bêtaanske libbensspanne lykwols útsjocht as in frou fan 50, stadichoan nei inoar ta. De ferhuzing fan 'e koloniale haadstêd fan 'e berchskeante fan in aktive fulkaan nei in ferstanniger oard, de frustrearjende keunsten fan op winst beluste ûnderoannimmers, de tariedings foar de fiering fan Jole syn oankommende fyftichste jierdei (dy't er dom genôch út hannen jûn hat en dy't almar healwizere proporsjes oannimme), it oanbod fan wat Jole in healjier earder as syn dreambaan beskôge hawwe soe en de oankomst fan Cordelia har nijsgjirrige, oer-enerzjike soan Miles, dy't neat fan syn heite dûbellibben ôfwit, foarmje hindernissen foar de him ûntjaande românse, mar kinne dy net tsjinkeare.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

The Vorkosigan Saga
Dreamweaver's Dilemma • Falling Free • Shards of Honor • Barrayar • The Warrior's Apprentice • The Mountains of Mourning • The Vor Game • Cetaganda • Ethan of Athos • Labyrinth • The Borders of Infinity • Brothers in Arms • Borders of Infinity (ramtferhaal) • Mirror Dance • Memory • Komarr • A Civil Campaign • Winterfair Gifts • Diplomatic Immunity • Captain Vorpatril's Alliance • The Flowers of Vashnoi • CryoBurn • Gentleman Jole and the Red Queen