Labyrinth (novelle fan Lois McMaster Bujold)
Labyrinth is in science fiction-novelle fan 'e hân fan 'e súksesfolle en mannichfâld bekroande Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold. It makket ûnderdiel út fan The Vorkosigan Saga, Bujold har populêrste en omfangrykste searje, mar is in ôfrûne ferhaal, dat ek los dêrfan lêzen wurde kin. Labyrinth waard foar it earst útjûn yn 1989 as ûnderdiel fan 'e novellebondel Borders of Infinity. It is ûnderwilens oerset yn trettjin talen.
Labyrinth | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Lois McMaster Bujold | |
taal | Ingelsk | |
foarm | novelle | |
sjenre | science fiction | |
1e publikaasje | 1989, New York | |
oarspr. útjwr. | Baen Books | |
bondel | Borders of Infinity | |
prizen | AnLab Award 1989 nom. Locus Award 1989 | |
rige | ||
rige | The Vorkosigan Saga | |
● foarich diel | Ethan of Athos | |
● folgjend diel | The Borders of Infinity | |
kodearring | ||
ISBN | 0 67 16 98 419 |
Eftergrûn
bewurkje seksjeLois McMaster Bujold hie yn 1987 de novelle The Borders of Infinity skreaun, en dat wie har sa goed befallen (want in novelle koe se yn twatrêde fan 'e tiid skriuwe dy't se oan in roman kwyt wie), dat se as ûnderdiel fan har folgjende kontrakt foar trije boeken mei har útjouwer Jim Baen betinge dat se The Borders of Infinity recyclje mocht en der twa oare novelles oan tafoegje soe, sadat dy trije mei-inoar langernôch wêze soene om as ien gehiel út te jaan.[1] As twadde fan 'e beide nije novelles ûntstie doe Labyrinth, in koartswilich ferhaal wêryn't Bujold op humoristyske toan ûndersiket hokker gefolgen it hawwe kinne soe as der gjin inkele beheining steld waard oan genetyske manipulaasje.[2]
Labyrinth, dat fansels gewoan "Labyrint" betsjut, is skreaun yn it personele perspektyf. It ferskynde yn 1989 foar it earst yn Analog Magazine en waard datselde jiers noch útjûn troch Baen Books as ûnderdiel fan 'e bondel Borders of Infinity, yn 'e mande mei twa oare novelles, The Borders of Infinity en The Mountains of Mourning, en mei in ferbinend ramtferhaal deromhinne. Yn 2001 waard Labyrinth werútjûn as ûnderdiel fan 'e omnibus Miles, Mystery & Mayhem, mei de romans Cetaganda en Ethan of Athos. De trêde printinge (oftewol de twadde paperbackprintige) dêrfan kaam út yn 2006. Labyrinth makket ek diel út fan 'e omnibus Miles, Mutants & Microbes út 2008, yn 'e mande mei de romans Falling Free en Diplomatic Immunity.
Plot
bewurkje seksjeDe haadrol yn Labyrinth wurdt spile troch Miles Vorkosigan, de lichaamlik beheinde soan fan 'e minister-presidint fan 'e planeet Barrayar, dy't foar de Barrayareeske geheime tsjinst ImpSec wurket ûnder de momkape fan admiraal Miles Naismith, de befelhawwer fan 'e Frije Dendarii Hierlingefloat. Diskear bejout Miles him nei de anargistyske planeet Jackson's Whole, dêr't misdiesyndikaten foar master opslane. Sabeare om nije munysje foar syn float oan te skaffen by Hûs Fell, de galaktyske wapenhanneler, leit er mei it flugge skip de Ariel, fan kaptein Bel Thorne, in Bêtaanske hermafrodyt, oan by it romtestasjon fan Hûs Fell. Syn wiere reden om dêrhinne is syn ImpSec-opdracht om 'e geniale wittenskipper dr. Hugh Canaba, dy't wurksum is foar Hûs Bharaputra, dêr't men wêze moat foar yllegale genetika, fan 'e planeet te smokkeljen en yn Barrayareeske hannen oer te dragen.
Al daliks nei harren oankomst wurde Miles en Bel Thorne útnûge foar in resepsje by baron Fell, dêr't se de musika Nicol moetsje. Hja is in quaddie, in lid fan in twa iuwen earder troch genetyske manipulaasje kreëarre ras fan romtebewenners mei in twadde pear earmen dêr't gewoane minsken skonken hawwe (sjoch: Falling Free). Nicol hat sa dom west om in mearjierrich kontrakt oan te gean mei baron Fell, mar wol dêr no wol graach fanôf, mei't se oer fiif jier, as it kontrakt ôfrint, sa djip by Fell yn 'e skuld stean sil, dat se har skulden nea ôfbetelje kinne sil. Bel Thorne wurdt daliks smoar op har en kriget wurden mei de ek op 'e resepsje oanwêzige baron Ryoval, fan Hûs Ryoval, dat him spesjalisearret yn prostitúsje, as dyselde besiket Nicol har kontrakt fan baron Fell oer te keapjen. Letter komt Nicol del by it oanlisplak fan 'e Ariel mei de bedoeling om 'e Dendarii yn te hieren om har fan Stasjon Fell en by Jackson's Whole wei te smokkeljen. Hoewol't it him, mei it each op syn missy, min útkomt, stiet Miles ta dat Bel Thorne har opdracht oannimt foar de symboalyske priis fan ien Bêtaanske dollar.
It wie de bedoeling dat dr. Canaba op eigen gelegenheid nei Stasjon Fell reizgje soe om dan op 'e Ariel oan te meunsterjen as hospik. Hy nimt lykwols kontakt mei Miles op en fertelt dat in stikmannich weefselkultueren, dy't krúsjaal binne foar syn ûndersyk, ûnferwachts oan syn tagong ûntlutsen binne, en oft Miles dy mar eefkes foar him weromhelje wol, want oars kin er net mei. De weefselkultueren hied er op- en ferburgen yn in libben wêzen, it lêste oerlibjende prototype fan in al lang lyn op 'e non rûn projekt om troch genetyske manipulaasje de ultime soldaat te kreëarjen. It is in meunsterlik wêzen, mei in mingsel fan minsklike en dierlike genen, dat Canaba fan doel wie om ynsliepe te litten ear't er ôfsette, mar dat in pear dagen lyn ynienen troch Hûs Bharaputra ferkocht is oan Hûs Ryoval. No moat Miles útsykje wêr't it ûnderbrocht is, dêr ynbrekke, eutanasy útfiere op it wêzen, en dan de lofterkûtspier derút snije en meinimme, want dat is wêr't Canaba syn weefselkultueren ynspuite hie.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Miles, dy't not amused is dat syn soarchfâldige plannen sa yn it hûndert jage wurde, besiket earst gewoan it meunster fan Hûs Ryoval te keapjen, mar Bel Thorne hat baron Ryoval op 'e resepsje fan Hûs Fell sasear fan 'e Dendarii ferfrjemde, dat Ryoval no by wize fan wraak wegeret it wêzen oan Miles te ferkeapjen. Dêrop nimt Miles dochs mar de taflecht ta in nachtlike ynbraak, wêrby't er lykwols al rillegau trappearre wurdt troch Ryoval syn befeiliging. Hy wurdt dan foar de rest fan 'e nacht opsletten yn in tsjerkereftige ûnderkelder (it labyrint út 'e titel) dêr't ek it meunster finzen holden wurdt.
Dat meunster blykt in sechstjinjierrich famke te wêzen, sij it ien fan suver reuseftige grutte, mei klauwen en slachtosken en refleksen as de wjerljocht. Miles wit har skeinde fertrouwen te winnen, wat nochal wat fuotten yn 'e ierde hat en as ûnderdiel wêrfan't er dy nachts mei har de leafde bedriuwt om te bewizen dat er har net as in bist beskôget, sa't de measte lju dogge. Se wurdt "Njoggen" neamd om't se it njoggende prototype wie, mar Miles neamt har Taura (in dúdlike ferwizing nei it labyrint fan 'e minotaurus, út 'e Grykske mytology).
Troch gear te wurkjen witte Miles en Taura fia ûnderhâldstunnels te ûntsnappen nei de hegere dielen fan it gebou, wêrby't se by tafal yn it laboratoarium belânje dêr't baron Ryoval syn ûnferfangbere weefselkultueresamling opslein hat. Ear't se fierder geane, sabotearret Miles it koelsysteem fan 'e friezers dêr't dat spul yn goedholden wurdt. Neitiid binne se hàst ûntkommen, as se dochs noch wer betrape wurde troch de befeiliging. Mar dan arrivearret ek Bel Thorne, dy't baron Fell frege hat om te bemiddeljen by it bepalen fan in lospriis foar Miles. Sadwaande is Miles no wer frij man, mar Taura falt net ûnder dy regeling. Hoewol't se fier yn 'e minderheid binne, jout Miles dêrom it befel om oan te fallen ynstee fan fierder te ûnderhanneljen. Taura, blykt in wiere fjochtmasine te wêzen en allinne om't sy oan harren kant stiet, slagget it Miles-en-dy om te ûntkommen út 'e klauwen fan Hûs Ryoval.
Letter, feilich op 'e Ariel ûnderweis nei de ynterstellêre romte, wit Miles troch lange-ôfstânskommunikaasje mei sawol in yrritearre baron Fell as in breinroere baron Ryoval de Huzen Fell, Ryoval en Bharaputra sa tsjininoar út te spyljen, dat se noch jierren dwaande wêze sille om al syn leagens te ûnttiizjen. Dr. Canaba en syn weefselkultueren wurde dêrop oerdroegen oan Barrayar; Nicol en Bel Thorne belibje in românse ear't sy fierder reizget dat út nei hûs, nei de Quaddie-Uny; en Taura nimt tsjinst by de Dendarii, dêr't se einlik in wier thús fynt.
Oersettings
bewurkje seksje- Italjaansk (Il Labirinto), fert. Annarita Garnieri, 1992;
- Spaansk (Laberinto), fert. Margara Auerbach, 1992;
- Japansk (?), fert. Ayako Ogiso, 1994;
- Russysk (Labirint), fert. T. Čerjezova, 1995;
- Dútsk (Labyrinth), fert. Michael Morgental, 1996;
- Bulgaarsk (Labirint), fert. Georgi Stojanov, 1998;
- Frânsk (Le Labyrinthe), fert. Bernadette Emerich, 1998;
- Poalsk (Labirynt), fert. Magdalena Gawlik, 1998;
- Kroätysk (Labirint), fert. Martina Gračanin, 2000;
- Tsjechysk (Labyrint), fert. Hana Volejníková, 2002;
- Sineesk (?), fert. ?, 2005;
- Koreaansk (?), fert. ?, 2008;
- Estysk (Labürint), fert. Allan Eichenbaum, 2011.[3]
Prizen en nominaasjes
bewurkje seksje- Wûn de Analytical Laboratory Award, útrikt troch it tydskrift Analog Magazine, foar de bêste novelle fan 1989;
- trêde plak foar de Locus Award foar de bêste novelle fan 1989.[4]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Noaten
Boarnen
|