CryoBurn is in science fiction-roman fan 'e hân fan 'e súksesfolle en mannichfâld bekroande Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold. It makket ûnderdiel út fan The Vorkosigan Saga, Bujold har populêrste en omfangrykste searje, mar is in ôfrûne ferhaal, dat ek los dêrfan lêzen wurde kin. CryoBurn waard foar it earst útjûn yn 2010 en is ûnderwilens al oerset yn seis talen.

CryoBurn
algemiene gegevens
auteur Lois McMaster Bujold
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre science fiction
1e publikaasje 2010, New York
oarspr. útjwr. Baen Books
prizen nom. Hugo Award 2011
nom. Locus Award 2011
rige
rige The Vorkosigan Saga
● foarich diel Captain Vorpatril's Alliance
● folgjend diel Gentleman Jole and the
   Red Queen
kodearring
ISBN 978-1 43 91 33 941

Neffens de ynterne gronology fan The Vorkosigan Saga is CryoBurn (oant no, 2013, ta) it lêste diel, en Bujold hat oanjûn dat se, sjoen de grutte feroarings dy't se oan 'e ein fan it ferhaal ynboud hat yn it libben fan har populêre haadpersoan Miles Vorkosigan, yn elts gefal op dit stuit noch net ree is en gean mei him fierder. Oer CryoBurn sels seit se: "[Dit boek] hat ús allebeide [harsels en Miles Vorkosigan] twongen om kwestjes oangeande ferâldering en stjerlikens ûnder eagen te sjen, dy't ik al sân boeken lang út 'e wei gien wie — yn sekere sin is hiele CryoBurn ien lange meditaasje oer de dea, tematysk sjoen, mar ik leau dat we allebeide einlings ree wiene om dêrmei om te gean."[1]

CryoBurn, dat oerset wurde kinne soe as "FroastBrân", is skreaun yn it personele perspektyf. It waard yn oktober 2010 útjûn troch útjouwerij Baen Books yn in hardcoveredysje. Frijwol tagelyk kaam it ek út as audioboek, by Blackstone Audio Books. De earste e-boekferzje ferskynde yn novimber 2010.

Yn CryoBurn docht Miles Vorkosigan, de haadpersoan yn it grutste part fan Bujold har Vorkosigan Saga, yn syn hoedanichheid fan ryksauditeur ûndersyk nei in saneamde kryokorporaasje, de White Chrysanthemum Cryonics Corporation, ornaris ôfkoarte ta WhiteChrys. Dat bedriuw, dat him talein hat op it ynfriezen fan minsken krekt foar of nei harren dea (kryoanika) yn ôfwachting fan in medyske oplossing foar harren deadsoarsaak, wol nammentlik in dochterûndernimming opsette op Komarr, ien fan 'e trije planeten fan it Barrayareeske Ryk, en hat dêrby yn negative sin de oandacht lutsen fan in famyljelid fan keizerinne Laisa. Keizer Gregor fynt dat der in ferkearde lucht oan 'e saak sit en hat Miles nei de planeet Nije Hope II, better bekend as Kibou-daini, ta stjoerd, de thúswrâld fan WhiteChrys, om te sjen wat er ûntdekke kin.

 
Lois McMaster Bujold op 'e Finncon-konvinsje te Tampere, yn Finlân (2012).

Op Kibou-daini is WhiteChrys fier fan 'e iennichste kryokorporaasje. Sterker noch, de hiele befolking is dêr obsedearre troch kryoanika en it is der al hast twahûndert jier de normaalste saak fan 'e wrâld om jin koart foar of nei jins dea ynfrieze te litten. It systeem is lykwols ûntspoard trochdat alle ynferzenen harren stimrjocht behâlde, dat se by it ynfriezen tydlik oerdrage oan 'e kryokorporaasje dêr't se by ynskreaun binne. Op dy manear hawwe de grutte kryokorporaasjes hûnderttûzenen, miskien wol miljoenen, folmachten (en dêrmei politike macht) opgarre en hawwe se witwat oantrún om klanten yn te friezen, mar net om harren dan nei ferrin fan tiid wer te ûntteien. Tsjin 'e tiid dat Miles op Kibou-daini oankomt, wurdt de planeet efter de skermen fierhinne troch de grutte kryokorporaasjes regearre.

Miles en syn kriichsman (liifwacht anneks butler) Roic dogge har foar as Barrayareeske fertsjintwurdigers op in ynterplanetêre konferinsje oer kryoanika yn 'e stêd Northbridge (of Kitahashi), mar dêr krije se fan 'e grutte kryokorporaasjes inkeld reklamepraatsjes te hearren. As de WhiteChrys-direksje einlings en te'n lêsten risselwearret om Miles om te keapjen (en dêrmei dus tajout dat se it ien of oar te ferbergjen hawwe), fynt der in oerfal plak troch de NHLL, in radikale anty-kryoanikabeweging, dy't besiket om 'e galaktyske ôffurdigen op 'e konferinsje te ûntfieren. Yn it gefal fan Roic, Raven Durona (in Escobareeske kryorevival-dokter dy't Miles ken fan ien fan syn eardere aventoeren; sjoch: Mirror Dance) en guon oaren slagget dat. Mar Miles is allergysk foar it guod dêr't se him mei besykje te ferdôvjen en wurdt der alhiel hoteldebotel fan; hy wit him los te skuorren en naait út troch de earste de bêste doar dy't er sjocht.

CryoBurn begjint as Miles berôve fan al syn persoanlike besittings, op hoasfuotling en hallusinearjend fan it ferdôvingsmiddel troch de katakomben (de saneamde kryokomben) ûnder de stêd doarmet, dy't fol lizze mei withoefolle ynferzen kryo-liken. As er dêr úteinlik út wit te ûntkommen, is er in hiel ein ôfdwaald fan it kreas ûnderholden stedssintrum nei in fertutearze yndustryterrein dêr't er fûn wurdt troch de alvejierrige strjitjonge Jin. Dy biedt him ûnderdak yn syn eigen ûnderkommen yn in ôftanke kryoklinyk. De oare deis, as er wat bekommen is fan syn allergyske reäksje, ûndekt Miles dat de leechsteande klinyk kreake is troch hiele kliber ferearmoede swalkers, dy't der in yllegale kryokoöperaasje fêstige hawwe wêrmei't hja harren eigen mienskip betsjinje; fanwegen de kosten soene se oars sels in kryoanyske behanneling nea opbringe kinne. De bewenners fan 'e klinyk binne hast allegear âldere lju en Jin is dan ek wat in frjemde ein yn 't byt. Hy fertelt Miles dat syn âldelju dea binne (syn heit echt dea en syn mem sûnt oardel jier ynferzen) en dat er by syn omke en muoike weirûn is om't dy syn samling bisten (in kat, in falk, in skyldpodde, in espel nuete rotten en in stik as wat hinnen) fuortdwaan woene.

Miles hat grutte belangstelling foar de yllegale kryoklinyk, dy't er beskôget as in ûnûntkombere útwaaks fan 'e macht en de kommersje fan 'e grutte kryokorporaasjes, en dy't teffens syn earste blik efter de skermen fan Kibou-daini is, nei it soarchfâldich goreografearre toanielstikje dat him op 'e konferinsje foarset is. Hy beslút om der noch in pear dagen te bliuwen om dit nuveraardige ferskynsel wat better te bestudearjen en stjoert Jin mei in boadskip nei it Barrayareeske konsulaat ta, oan 'e oare kant fan 'e stêd. Konsul Stefin Volynkin, dy't mei syn assistint luitenant Johannes en noch in Kiboudainyske administratyf meiwurker it petiterige konsulaatsje runt, falt in stien fan it hert as er einlik wat fan Miles heart. Nammenste mear om't de ûntfierde konferinsjegongers koartlyn (grutdiels troch tadwaan fan Roic) befrijd binne en om't Miles dêr net by bliek te wêzen. Vorlynkin stjoert Jin werom mei in antwurd, mar de jonge wurdt ûnderweis oppakt troch de plysje, dy't earst mient dat er oan it skoaltsjeskûljen is, mar dan útfynt dat er fuortrûn is en him wer oerdraacht oan syn omke en muoike.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

As Jin net weromkomt, giet Miles dochs sels mar werom nei it konsulaat, dêr't se dan al op 'e hichte binne fan Jin syn swierrichheden en de jonge ek wol helpe wolle, mar wetlik sjoen gjin poat hawwe om op te stean. Miles ferfettet dêrop syn ûndersyk nei WhiteChrys en lit him troch de direksje omkeapje. Troch eat dat Ron Wing, de grutte baas fan 'e kryokorporaasje, tafallich opmerkt, ûnttizet Miles dan einlik hoe't de direksje fan WhiteChrys mei in yngewikkelde gearspanning, dy't te krijen hat mei it nuveraardige Komarraanske kiesstelsel en harren plan om harsels yn te friezen oant se genôch folmachtstimmen opgarre hawwe, fan doel is om 'e macht op Komarr te gripen. "It stadichste, subtylste en, ik moat sizze, it grizelichste feroveringsplan foar in planeet dat ea optocht is!", neffens Miles. Dêrmei is Miles eins klear mei syn ûndersyk, want no't er wit wat WhiteChrys fan doel is, sil it maklikernôch wêze om 'e wet sa oan te passen dat harren in stôk yn 'e speaken stutsen wurdt.

Mar ûnderwilens is Jin op 'e nij fuortrûn by syn omke en muoike wei, en diskear is syn sânjierrige suske Mina meikommen. Tegearre steane se no wer op 'e stoepe fan it konsulaat. Miles hat tuskentroch tiid nommen om him te ferdjipjen yn alle beskikbere ynformaasje oer Jin en syn famylje en is der doe efter kommen dat Jin en Mina harren mem, Lisa Sato, de lieder wie fan in aksjegroep dy't it tsjin 'e macht fan 'e grutte kryokorporaasjes yn 'e kant sette. Doe't se te gefaarlik waard, is se oppakt, geastlik siik ferklearre en ynferzen oant har "psychyske oandwaning" te genêzen wêze soe. It bestiet fansels net dat Miles sa'n kwestje gewurde litte kin. Om himsels te rjochtfeardigjen, beslút er dat it tsjûgenis fan Lisa Sato fan krúsjaal belang is foar syn saak, en dêrop betinkt in snoad plan.

Mei Roic, luitenant Johannes en Raven Durona ûntfiert/befrijt/stelt Miles in pear dagen letter Lisa Sato by NewEgypt, de kryokorporaasje dêr't se opslein leit. Se wikselje har ynferzen lichem om mei dat fan in oare (al lang ynferzen) frou en bringe har nei de yllegale kryoklinyk om har dêr wer ta libben te bringen. It docht lykwols bliken dat Miles de twadde is dy't op har de ferwikseltrúk tapast, en dat se sadwaande it ferkearde lichem hawwe. Nei noch wat speurwurk komme Miles en Roic dr. Seiichiro Leiber op it spoar, it iennichste foaroansteande lid fan frou Sato har aksjegroep dat net ynferzen is of in "ûngelok" krigen hat. By him thús yn it sûterrain treffe se in kryokiste oan mei dêryn Lisa Sato.

Nei't frou Sato ûntteit en wer ta libben brocht is, komt út de ûnderfreging fan har en dr. Leiber it folgjende ferhaal nei foarren. Tusken 45 en 30 jier lyn is foar it ynfriezen fan miljoenen minsken in kryofloeistof brûkt dy't nei in jier as tritich, sa docht no bliken, begjint te ûntbinen. Dat betsjut dat de kryokorporaasjes miljoenen net wer by te bringen kryo-liken yn 'e laden hawwe. As dat útkomme soe, soene se yn it foarste plak al dy miljoenen folmachtstimmen ferlieze, en dêrnjonken nochris skeaclaims temjitte sjen kinne fan 'e neibesteanden fan alle troffenen. Der is har dus alles oan gelegen om dit stil te hâlden, en doe't dr. Leiber, dy't by NewEgypt wurket, dizze ynformaasje oan Lisa Sato trochdie, besleaten se yn te gripen. Dr. Leiber ûntkaam as iennichste oan 'e reperkusjes om't NewEgypt miende dat se him, as wurknimmer, mei drigeminten en omkeapsommen wol ûnder de tomme hâlde koene. Mar Leiber hie ûnderwilens Lisa Sato al omwiksele en wie fan doel om mei har de planeet te ûntflechtsjen.

De direksje fan NewEgypt kriget lucht fan Miles syn "ûndersyk" en stjoert in espeltsje swiere jonges om 'e yllegale kryoklinyk plat te baarnen en Leiber en Sato te ûntfieren, mar troch fluch yngripen fan Roic en konsul Vorlynkin wurdt dat foarkommen en kin men de dieders by de kladden krije. Dy lappe neitiid by plysje-ûnderfregings ûnder ynfloed fan wierheidssearum harren bazen derby, sadat de hiele saak wiid iepen brutsen wurdt. Underwilens binne Miles syn kloan-broer Mark Vorkosigan en dy syn partner Kareen Koudelka op it toaniel ferskynd, dy't, op oanrieden fan Raven Durona, de yllegale kryoklinyk opkeapje foar de Durona Groep, in Escobareeske medyske korporaasje dêr't Mark foar de helte eigner fan is. Miles rûnet syn affearen op Kibou-daini ôf en begjint oan 'e weromreis nei Barrayar. Yn 'e lêste blik dy't it boek de lêzer op Jin biedt, wurdt suggerearre dat syn mem en konsul Vorlynkin mear oan it wurden binne as inkeld goekunde of freonen. CryoBurn einiget as Miles by syn tuskenstop op Escobar de tynge kriget dat syn heit stoarn is oan in oerhaal, en dat hysels no greve Vorkosigan is.

  •   Bulgaarsk (Kriožega), fert. Milena Ilieva, 2010;
  •   Kroätysk (Ledene Opekline), fert. Dubravka Petrović, 2010;
  •   Frânsk (Cryoburn), fert. Sandy Julien, 2011;
  •   Russysk (Krioožog), fert. Sjergjej Lobakov, 2011;
  •   Spaansk (Criopolis), fert. Rafael Marín Trechera, 2011;
  •   Italjaansk (La Criocamera di Vorkosigan), fert. Flora Staglianò, 2012.[2]

Prizen en nominaasjes

bewurkje seksje
  • Nominearre foar de Hugo Award foar de bêste roman fan 2011;
  • twadde plak foar de Locus Award foar de bêste science fiction-roman fan 2011.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Carl, Lillian Stewart, A Conversation with Lois McMaster Bujold, yn The Vorkosigan Companion.
  2. Bernardi, Michael, Full Translated Bibliography (www.dendarii.com).
  3. Bernardi, Michael, Awards and Nominations (www.dendarii.com).

Boarnen

The Vorkosigan Saga
Dreamweaver's Dilemma • Falling Free • Shards of Honor • Barrayar • The Warrior's Apprentice • The Mountains of Mourning • The Vor Game • Cetaganda • Ethan of Athos • Labyrinth • The Borders of Infinity • Brothers in Arms • Borders of Infinity (ramtferhaal) • Mirror Dance • Memory • Komarr • A Civil Campaign • Winterfair Gifts • Diplomatic Immunity • Captain Vorpatril's Alliance • The Flowers of Vashnoi • CryoBurn • Gentleman Jole and the Red Queen