Shards of Honor is in science fiction-roman fan 'e hân fan 'e súksesfolle en mannichfâld bekroande Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold. It makket ûnderdiel út fan The Vorkosigan Saga, Bujold har populêrste en omfangrykste searje, mar is in ôfrûne ferhaal, dat ek los dêrfan lêzen wurde kin. Shards of Honor waard foar it earst útjûn yn 1986. It is ûnderwilens oerset yn fjirtjin talen. De epilooch Aftermaths stiet eins hielendal los fan 'e rest fan it ferhaal en is ek ferskate kearen selsstannich útjûn.

Shards of Honor
algemiene gegevens
auteur Lois McMaster Bujold
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre science fiction
1e publikaasje 1986, New York
oarspr. útjwr. Baen Books
prizen nom. Compton Crook Award
   1986
nom. Locus Award 1986
rige
rige The Vorkosigan Saga
● foarich diel Falling Free
● folgjend diel Barrayar
kodearring
ISBN 0 67 17 20 872

Shards of Honor

bewurkje seksje

Shards of Honor ("Skerven fan Ear") wie Bujold har earste roman, dêr't hja yn desimber 1982 oan begûn. Se skreau de hiele winter warber troch, en ek de dêropfolgjende maityd en simmer fan 1983, mei as gefolch dat it boek eins te lang waard foar in inkele roman. Dit wie foar't Bujold sels mar úteinset wie mei har syktocht nei in útjouwer, mar se hie al wol heard dat in tinner boek mear kâns makke om troch in útjouwer tusken alle oare romans fan hoopfolle ûnútjûne skriuwers wei pakt en lêzen te wurden. Dat, op grûn fan marketing-omtinkens besleat se der in ein oan te breidzjen; sterker noch, der moast in stik skrast wurde. Mei in protte bodzjen en help fan har freondinnen en kollega-skriuwsters Lillian Stewart Carl en Pat Wrede wist Bujold úteinlik de ein fan it ferhaal om te wurkjen en ôf te rûnjen. De earste útjouwer nei wa't se it stjoerde, retoernearre it lykwols mei de suggestje dat se it better wat ynkoartsje koe. Sadwaande redigearre se yn it neijier fan 1984 nochris tachtich siden fuort, almeast troch yn sinnen en alineä's te snijen, mei as resultaat dat Shards of Honor ûntstie yn 'e foarm wêryn't Baen Books it yn 1985 opkocht en in jier letter útjoech.[1]

 
Lois McMaster Bujold op 'e Finncon-konvinsje te Tampere, yn Finlân (2012).

Nei de earste publikaasje as selsstannige roman, yn 1986, is Shards of Honor yn 1987 al útkommen yn in omnibusedysje mei as titel Test of Honor, tegearre mei in oare romann fan Bujold, The Warrior's Apprentice. Test of Honor is al hiel lang net mear te besetten, mar yn 1996 hat Baen in nije omnibusedysje op 'e merk brocht (mei ûnderwilens teminsten fjouwer werprintingen, de fjirde yn 2008) ûnder de titel Cordelia's Honor, diskear tegearre mei de roman Barrayar.

Shards of Honor is skreaun yn it personele perspektyf en spilet in jier foar de berte fan Miles Vorkosigan, de haadpersoan yn it grutste part fan 'e Vorkosigan Saga. De haadpersoan yn dit boek is Miles syn mem, Cordelia Naismith. It is miskien nijsgjirrich om te witten dat in personaazje mei persiis deselde namme in wichtige rol spilet yn Bujold har Sherlock Holmes-imitaasje The Adventure of the Lady on the Embankment.

Cordelia Naismith is, as befelfierster fan in romteskip fan 'e Astronomyske Kartearring fan Bêta Koloanje, belutsen by ûndersyk op in nij ûntdutsen planeet. Wat sy net wit, is dat dy planeet, Sergyar, al troch de Barrayarezen ûntdutsen is en dat dy dêr foarrieden opslein hawwe foar harren plende ynfaazje fan 'e planeet Escobar, mei't de stjerrestelsels fan dy beide planeten ferbûn wurde troch in dan noch inkeld oan 'e Barrayarezen bekend wjirmgat.

De Barrayareeske ofsier Aral Vorkosigan late yn it ferline de ferovering fan 'e planeet Komarr troch de Barrayarezen, mar fanwegen it dêrby troch syn ûnderhearrigen begiene Bloedbad fan Solstice is er yn opspraak rekke en degradearre ta kaptein. No is er belêstge mei it oppakken en fêstsetten fan eltse gleskegnuver dy't op Sergyar omsnuffelet, mar troch in muiterij ûnder syn eigen bemanning reitsje hy en Cordelia isolearre op 'e planeet, dêr't se in stikmannich dagen tegearre sjen moatte te oerlibjen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Cordelia en Aral fiele harren ta-inoar oanlutsen, reitsje fereale en hy docht sels in wraam op har, al kin op dat stuit fan trouwen fansels neat komme, want Bêta Koloanje is in bûnsgenoat fan Escobar. Sy helpt him om 'e muiterij del te slaan, dêrby behindere troch de goedbedoelde tsjinwurking fan har eigen, finzennommen, ûnderhearrigen, en wit yn 'e betizing mei har skip en bemanning te ûntkommen.

Haadstik 7 iepenet likernôch in fearnsjier letter, as kaptein Cordelia Naismith, fan 'e Bêtaanske Ekspedysjemacht, by Escobar oankomt yn in romtefartúch wêrmei't hja de skippen fan 'e Barrayareeske blokkade by it wjirmgat nei Bêta Koloanje wei lokket, sadat de har folgjende transportskippen in nij Bêtaansk superwapen by de Escobareeske ferdigeners ôfleverje kinne. Cordelia wurdt kriichsfinzen makke, tramtearre troch de sadistyske admiraal Vorrutyer en dan ûnferwachts rêden troch dy syn geastlik ynstabile oppasser, serzjeant Bothari, dy't de admiraal deadocht.

De Barrayarezen wurde troch de Escobarezen ferslein mei it Bêtaanske superwapen, wêrby't it Barrayareeske flaggeskip mei kroanprins Serg, de lieder fan 'e ynfaazje, fergiet. Aral Vorkosigan, tsjin dy tiid wer promovearre ta kommodoar en as lid fan 'e Barrayareeske generale stêf oan board fan itselde skip dêr't Cordelia (yn 't earstoan bûten syn witten om) ek op fêstholden wurdt, nimt dan it befel oer en organisearret de weromtocht fan 'e float. Wylst der fredesbesprekkings fierd wurde, wurdt Cordelia mei oare kriichsfinzenen yn in kamp op Sergyar pleatst. Dêr hat hja noch ferskate kearen kontakt mei Vorkosigan, dy't û.m. oan har opbychtet dat de hiele oarloch en ynfaazje fan Escobar troch de Barrayareeske keizer Ezar beknopedraaid is om syn eigen soan Serg in earfolle dea te skinken en ûnderwilens de machtige oarlochspartij in swiere slach ta te bringen. De kroanprins wie nammentlik in noch gruttere sadist as Vorrutyer en folslein ûngeskikt om keizer te wurden; boppedat hied er al twa mislearre moardoanslaggen op syn heit dwaan litten.

As Cordelia en de oare kriichsfinzenen út it kamp einlings en te'n lêsten útwiksele wurde tsjin 'e Barrayarezen dy't op Escobar fêstsitte, rekket de psycholooch oan board fan it skip dat har nei hûs bringt, der oan 'e hân fan har op ferskate ûnwierskynlike manearen oprûne ferwûnings fan oertsjûge dat se troch Vorkosigan martele is. Dat sy dat sels ûntkent, betsjut fansels inkeld dat se psychologysk yn 'e war is en wurdt taskreaun oan it Stokholmsyndroom. Cordelia wit dat as de wiere tadracht oer de gong fan saken oan Barrayareeske kant bekend rekket, it op Barrayar in boargeroarloch útlokje sil. Se wegeret dêrom mei te wurkjen oan in behanneling dy't bedoeld is om har psychyske remmings wei te nimmen, sadat men derefter komme kin wat der no echt foarfallen is tusken har en Vorkosigan. Dat ropt dan by har behannelders en superieuren wer de fertinking op dat se alhiel harsenspield is en no spionnearret foar de Barrayarezen. It einiget dermei dat se útnaait nei Barrayar, dêr't se mei Vorkosigan trout. Op 'e ein fan it boek twingt de (fan âlderdom) stjerrende keizer Ezar Vorkosigan om regint te wurden foar syn fjouwerjierrige pakesizzer Gregor, Serg syn soan.

Aftermaths ("Neisleep"), de epilooch fan Shards of Honor, stiet los fan it eigentlike ferhaal en is eins in koart ferhaal op himsels. It waard dan ek los fan Shards of Honor publisearre, te witten yn it foarjier fan 1986, yn it tydskrift Far Frontiers. Neitiid waard it werútjûn as selsstannich ferhaal yn 'e bondel Commando Brigade 3000, yn 1994 publisearre troch Ace Books ûnder redaksje fan Martin H. Greenberg en Charles Waugh. It makke ek ûnderdiel út fan 'e e-boekbondel Proto Zoa, dy't yn 2012 útkaam.

Aftermaths docht tynge fan 'e berging en identifikaasje fan 'e liken yn it stjerrestelsel fan Escobar, nei't de striid dêr striden is.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Falco Ferrell is as piloat tafoege oan 'e — yn syn eagen — wat aparte medysk technikus Tersa Boni, dy't it eigentlike identifisearjen en ôflizzen docht. Nei't se it stoflik omskot fan in jonge frou burgen hawwe, nimt har eksintrikens skynber sljochtsinnige foarmen oan, as se it lyk yn in breidsjurk klaait. Syn foaroardielen ferdwine lykwols as er einlings beseft dat it har eigen sneuvele dochter is.

Los ferskynde oersettings fan Aftermaths

bewurkje seksje
  •   Poalsk (Po Walce), fert. Paulina Braiter-Ziemkiewicz, 1996.

Oersettings fan Shards of Honor as gehiel

bewurkje seksje
  •   Dútsk (Scherben der Ehre), fert. Michael Morgental, 1993;
  •   Frânsk (Cordelia Vorkosigan), fert. Michel Deutsch, 1994;
  •   Russysk (Oskolki Česti), fert. T. Čerjezova, 1995;
  •   Italjaansk (L'Onore dei Vor), fert. Gianluigi Zuddas, 1996;
  •   Poalsk (Strzępy Honoru), fert. Paulina Braiter-Ziemkiewicz, 1996;
  •   Bulgaarsk (Za Čestta na Vor), fert. Nikolai Vasilev, 1997;
  •   Japansk (Meiyo no Kakera), fert. Ayako Ogiso, 1997;
  •   Hebriuwsk (Resisim Shel Kavod), fert. Boaz Weiss, 1998;
  •   Kroätysk (Krhotine Časti), fert. Dubravka Petrović, 2002;
  •   Spaansk (Fragmentos de Honor), fert. Rafael Marín Trechera, 2003;
  •   Hongaarsk (Maréknyi Becsület), fert. István Nemes, 2007;
  •   Estysk (Au Riismed), fert. Piret Marvet, 2008;
  •   Tsjechysk (Cáry Cti), fert. Michael Střelec Pešťák, 2008;
  •   Finsk (Kunnian Sirpaleita), fert. Mervi Hämäläinen, 2009.[2]

Prizen en nominaasjes

bewurkje seksje
  • Nominearre foar de Compton Crook Award foar de bêste roman fan 1986;
  • twadde plak foar de Locus Award foar de bêste earste roman fan 1986;
  • de Reader's Chair-ûnferkoarte audioproduksje fan Shards of Honor wûn de Earphones Award fan it tydskrift AudioFile foar it bêste science fiction-audioboek fan 1997;
  • de Reader's Chair-ûnferkoarte audioproduksje fan Shards of Honor waard keazen ta romantyske favoryt 1998 troch de lêzers fan AudioFile.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Bujold, Lois McMaster, Author's Afterword, yn 'e omnibus Cordelia's Honor, s. 592-594.
  2. Bernardi, Michael, Full Translated Bibliography (www.dendarii.com).
  3. Bernardi, Michael, Awards and Nominations (www.dendarii.com).

Boarnen

The Vorkosigan Saga
Dreamweaver's Dilemma • Falling Free • Shards of Honor • Barrayar • The Warrior's Apprentice • The Mountains of Mourning • The Vor Game • Cetaganda • Ethan of Athos • Labyrinth • The Borders of Infinity • Brothers in Arms • Borders of Infinity (ramtferhaal) • Mirror Dance • Memory • Komarr • A Civil Campaign • Winterfair Gifts • Diplomatic Immunity • Captain Vorpatril's Alliance • The Flowers of Vashnoi • CryoBurn • Gentleman Jole and the Red Queen