Carry the Kettle Nakoda Naasje

(Trochferwiisd fan Carry the Kettle Earste Naasje)

De Carry the Kettle Nakoda Naasje (Ingelsk: Carry the Kettle Nakoda Nation; Assiniboin: Ceģa'kin Nakoṫa Oyáṫe, útspr. [ʧeɡʰaʔkin nakʰoda ojaːde], likernôch: "tsjeek-ha-kyn nak-hoo-da oo-jaa-dee") is in Yndiaanske stamme-organisaasje yn Kanada, mei eigen reservaten yn it suden fan 'e provinsje Saskatchewan. Foarhinne wie de namme Carry the Kettle Earste Naasje (Carry the Kettle First Nation), en dy oantsjutting wurdt ek no noch wol brûkt. ("Earste naasje" is in Kanadeeske oantsjutting foar in Yndianestam of -troep.) De Carry the Kettle Nakoda Naasje bestiet as offisjele stamme-organisaasje sûnt 1877, en hie neffens gegegevens út 2006 2.188 leden. It haadkertier is fêstige yn Sintaluta, yn Saskatchewan. De leden fan 'e Carry the Kettle Nakoda Naasje besteane út etnyske Assiniboin (Assiniboine), in folk dat nau besibbe is oan 'e (Sioux).

Carry the Kettle Nakoda Naasje
Ingelsk Carry the Kettle Nakoda Nation
lânseigen Ceģa'kin Nakoṫa Oyáṫe
flagge
algemiene ynformaasje
lân Kanada
provinsje Saskatchewan
haadkertier Sintaluta (Saskatchewan)
etnisiteit Assiniboin
ledetal 2.200 (2006)
oprjochting 1877
status erkend
erkenning Kanada
reservaat
reservaat Assiniboin Reservaat 76
Carry the Kettle Res. 76-18,19,22
Ferdrach Nû. 4 Reservaatgrûnen
lokaasje súdeastlik Saskatchewan
oerflak 167,8 km²
ynwennertal 760 (2006)
offisjele webside
cegakin.com
kaart
Carry the Kettle Nakoda Naasje (Saskatchewan)
Carry the Kettle Nakoda Naasje
Lokaasje yn Saskatchewan.

De Carry the Kettle Nakoda Naasje hat in eigen reservaat, te witten: it Assiniboin Reservaat 76 (Assiniboine 76 Reserve), 18 km besuden Sintaluta en 80 km eastlik fan Regina, mei in oerflak fan 165,9 km². Fan 'e krapoan 2.200 stamleden wennen der yn 2006 757 yn dat reservaat, dêr't op it mêd fan foarsjennings û.m. in legere skoalle, in klinyk, in tradisjonele healing lodge, in benzinepomp en in eko-toerisme-ûndernimming fêstige binne. De stamme hat ek noch in lytser reservaat, it Carry the Kettle Reservaat 76-18,19,22 (Carry the Kettle 76 Reserve-18,19,22), dat 21 km noardeastlik fan Sintaluta leit en likernôch 192½ ha beslacht. Mei 34 oare stammen út súdlik Saskatchewan en Manitoba dielt de Carry the Kettle Nakoda Naasje fierders it Ferdrach Nû. 4 Reservaatgrûnen Yndianereservaat 77 (Treaty No. 4 Reserve Grounds 77 Indian Reserve). De stamme is lid fan 'e Federaasje fan Yndiaanske Naasjes fan Saskatchewan, in yntertribaal gearwurkingsferbân.

Hoewol't de Assiniboin fan wat letter de Carry the Kettle Nakoda Naasje wurde soe, net by de oarspronklike ûndertekening fan it Ferdrach Nû. 4 mei fertsjintwurdigers fan 'e Britske Kroan belutsen wiene, tekenen se op 25 septimber 1877 dat ferdrach dochs noch. Se setten yn op in reservaat bewesten Cypress Mountain, en yn 't earstoan liek it dêr ek op ta te gean, mar yn juny 1882 waarden se twongen om nei Indian Head te ferhúzjen. Trije jier letter, yn juny 1885, waard harren dan einlings in reservaat tawiisd, besuden Sintaluta.

De lieder fan 'e Assiniboin-troep, Lange Tinte, waard opfolge troch Man-dy't-de-Jas-Naam, en dy waard yn 1891 wer opfolge troch Draach-de-Tsjettel (Carry the Kettle), nei wa't de troep ferneamd waard. De Carry the Kettle Nakoda Naasje boude in skoandere keppel kij op, en hold fierders ek skiep, foar de wol. De froulju breiden sokken, wanten en earwaarmers foar eigen gebrûk en foar de ferkeap, en wurken fierders ek as húshâldsters, wylst de manlju kachelhout en hea ferkochten, en as deihierarbeiders en boufakkers wurken.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

(in) Offisjele webside fan 'e Carry the Kettle Nakoda Naasje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.