Lewis Carroll

(Trochferwiisd fan Charles Lutwidge Dodgson)

Lewis Carroll (it pseudonym fan Charles Lutwidge Dodgson, Daresbury, 27 jannewaris 1832Guildford, 14 jannewaris 1898) wie in Britsk skriuwer, dichter, wiskundige, logikus, fotograaf, útfiner en anglikaansk deken. Hy is it bekendst wurden troch syn berneboeken Alice's Adventures in Wonderland (letter troch de Disney-ferfilming better bekend wurden as Alice in Wonderland) en it ferfolch dêrop, Through the Looking-Glass. Syn fantasij en grutte talint foar wurdboarterijen en logika meitsje syn ferhalen bysûnder foar sawol bern as folwoeksenen. Carroll syn wurk is sûnt de earste publikaasje, yn 'e njoggentjinde iuw, altyd populêr bleaun en hat in grutte ynfloed útoefene op lettere skriuwers, net inkeld op it mêd fan 'e jeugdliteratuer, mar ek wat oare sjenres oanbelanget, lykas fantasy.

Lewis Carroll
skriuwer
Lewis Carroll yn 1863.
Lewis Carroll yn 1863.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Charles Lutwidge Dodgson
nasjonaliteit Britsk
berne 27 jannewaris 1832
berteplak Daresbury (Ingelân)
stoarn 14 jannewaris 1898
stjerplak Guildford (Ingelân)
etnisiteit Ingelsk
wurk
taal Ingelsk
sjenre berneboeken, fantasy, poëzij,
non-fiksje
perioade 2e helte 19e iuw
bekendste
  wurk(en)
Alice's Adventures in Wonderland
Through the Looking-Glass
jierren aktyf ±18501898
offisjele webside
www.lewiscarroll.org

Jonkheid en iere folwoeksenens

bewurkje seksje

Carroll kaam út in begoedige Noardingelske famylje dy't benammentlik bestie út legerofsieren en anglikaanske geastliken. Sa wie syn oerpake, dy't krekt as hy fan Charles Dodgson hiet, biskop fan Elphin, wylst syn pake (ek in Charles Dodgson) in legerkaptein wie dy't yn 1803 omkaam yn Ierlân. Syn heit, alwer in Charles Dodgson, wie in anglikaansk pastoar dy't troude mei Frances Jane Lutwidge. Carroll waard op 27 jannewaris 1832 berne yn it doarpke Daresbury, yn it greefskip Cheshire, dêr't syn heit doedestiden stie. Hy wie it trêde bern en de âldste soan yn in gesin mei alve bern. Yn 1843, doe't Carroll alve jier wie, waard syn heit beroppen yn Croft-on-Tees, yn noardlik Yorkshire.

Carroll wie in foarlik jonkje, dat op 'e âldens fan sân jier al The Pilgrim's Progress lies. Mar al koed er goed leare, hy hie net in protte kammeraten en sosjale ynteraksje foel him faak swier. Dêrby spile mei dat er behindere waard fan in stikmannich krupsjes. Sa wie syn stammerjen wat dêr't er syn hiele libben lêst fan hold, al liket it (op grûn fan wat syn kunde oer him skreau) himsels mear yn 'e wei west te hawwen as oaren. As in jong bern wied er troch in earûntstekking oan ien kant dôf wurden. Doe't er santjin wie, krige er kinkhoast, wat makke dat er neitiid altyd wat koartamich en smûgerich wie. Fierders hied er ek lêst fan migrêne-oanfallen en hied er letter yn syn libben sels twa setten wêrby't er it bewustwêzen ferlear. Dat lêste waard doedestiden diagnostisearre as in foarm fan epilepsy.

Yn 1846 waard Carroll nei de jongeskostskoalle fan Rugby ta stjoerd, dêr't er in minne tiid hie en troch syn mei-learlingen bot narre waard, al hie dat gjin direkte ynfloed op syn learprestaasjes. Fan 1849 oant 1854 studearre er yn Oxford, oan Christ Church, itselde kolleezje dêr't syn heit ek syn oplieding genoaten hie. Hy studearre ôf yn 'e wiskunde en krige neitiid in oanstelling oan Christ Church as wiskundedosint. Hoewol't it eins ferplichte wie foar dosinten oan it Christ Church-kolleezje om in preesterwijing te ûndergean, skode Carroll in rol yn 'e Anglikaanske Tsjerke hieltyd mar wer foar him út, oant er op 22 desimber 1861 úteinlik ta deken wijd waard. Mar ta de preesterwijing dy't dêrop folgje moast, kaam it nea.

Skriuwkarriêre

bewurkje seksje

Fan jongs ôf oan skreau Carrol al poëzij en koarte ferhalen, dy't er mei midsmjittich súkses yn in ferskaat oan tydskriften besocht te publisearjen. Ek skreau er in stikmannich marionettetoanielstikjes foar syn jongere bruorren en suskes, dêr't ien, La Guida di Bragia, fan oerlevere is. Yn 1856, by it publisearjen fan it romantyske gedicht Solitude, yn it lanlike tydskrift The Train, brûkte er foar it earst it pseudonym Lewis Carroll. It is in omdraaiïng fan in feringelsking fan in latinisearring fan syn beide echte foarnammen: Charles Lutwidge wurdt yn it Latyn Carolus Ludovicus, en dat wurdt yn it Ingelsk Carroll Lewis, wat omdraaid Lewis Carroll is.

Yn datselde jier, 1856, krige Christ Church in nije rektor, te witten Henry Liddell. Dyselde soe mei syn gesin yn 'e dêropfolgjende jierren in tige grutte ynfloed op Carroll, syn skriuwen en syn hiele libbensrin útoefenje. Carroll rekke goed befreone mei Liddell syn frou en mei syn bern, it jonkje Harry en benammen de trije suskes Lorina, Edith en Alice. Op in roeitochtsje, op 4 july 1862, betocht Carroll in teltsje om 'e bern te fermeitsjen, en Alice smeke him neitiid suver om it foar har op te skriuwen. Carroll liket earst net in protte fidúsje yn syn eigen ferhaal hân te hawwen mar doe't er fan oare kanten oanmoedige waard, sette er him der úteinlik dochs ta. Yn novimber 1864 koed er dan op 't langelêst Alice Liddell mei it hânskreaun en eigenyllústrearre manuskript bejeftigje, dat as titel droech: Alice's Adventures Under Ground. Yn 1865 waard dat útjûn as Alice's Adventures in Wonderland ("Alice Har Aventoeren yn Wûnderlân"), mei yllústraasjes fan 'e profesjonele tekener sir John Tenniel. Hoewol't lang tocht is dat Carroll de haadpersoan fan dit ferhaal basearre hie op Alice Liddell, hat er dat sels altyd ûntstriden.

 
In yllústraasje fan Alice's Adventures in Wonderland, troch sir John Tenniel, út 1865: Alice sil kroket spylje mei in flamingo as hammer en in oprôle stikelbaarch as bal.

Troch it ûnbidige súkses fan dit boek feroare Carroll syn libben hiel bot. Fan it iene op it oare stuit wied er wrâldferneamd wurden yn 'e hiele Angelsaksyske wrâld en hy waard oerspield troch fanmail. Neffens ien ferhaal hie de Britske keninginne Fiktoaria Alice's Adventures in Wonderland sels mei sa'n soad nocht lêzen, dat se him in wink jaan liet dat er syn folgjende boek wol oan har opdrage mocht, en dêrop prompt de wiskundige tekst An Elementary Treatise on Determinants ("In Elemintêr Traktaat oangeande Determinanten") opdroegen krige. (Carroll bestried dit ferhaal sels trouwens fûleindich en hold út dat neat dat der sels mar op liek ea foarfallen wie.)

Ein 1871 ferskynde der mei Through the Looking-Glass and What Alice Found There ("Troch de Spegel en Wat Alice Dêr Untdiek") in ferfolch op Alice's Adventures in Wonderland. Dat boek wie wat dûnkerder fan toan, wat mooglik feroarsake wêze kin troch de depressiviteit dêr't Carroll oan litte sûnt syn heit yn 1868 kommen wie te ferstjerren (syn mem wie yn 1849 al tige hommels stoarn oan in "ûntstekking fan 'e harsens" — miskien harsensfluesûntstekking of in oerhaal — doe't se noch mar 47 jier âld wie). Syn lêste grutte wurk, The Hunting of the Snark ("De Jacht op de Snark"), publisearre Carroll yn 1876. It is in wûnder gedicht oer de eksploaten fan in bizarre kliber ambachtslju en in bever dy't mei-inoar op jacht geane nei de mytyske "snark".

Yn 1856 sette Carroll útein mei wat doe in nije keunstfoarm wie: fotografy. Al rillegau blonk er deryn út, en hy ûntjoech him ta in bekende keunstfotograaf, dêr't er sa'n jild mei fertsjinne, dat er it, nei't it skynt, in hoartsje yn him omgean litten hat om der syn berop fan te meitsjen. Dat died er lykwols net, en yn 1880, doe't profesjonele fotografen mei nije techniken folle makliker en goedkeaper foto's produsearje koene as hy, joech er dizze leafhawwerij der hielendal oan. Oer in snuorje fan 24 jier hied er doe omtrint trijetûzen foto's makke, wêrfan't likernôch in trêdepart de tiid en willensmoedse ferneatiging trochstien hawwe.

Carroll die geandewei syn libben ek ûnderskate útfinings, lykas in postsegelhâlder wêryn't postsegels fan gelikense wearde byinoar yn in stikmannich fakjes opburgen wurde koene, wylst it gehiel yn 'e bûse meinommen wurde koe. Ek betocht er de nyktograaf, dat in skreauboerd wie om nachts yn it tsjuster lêsbere oantekenings te meitsjen (yn in tiid dat men noch op bewurklike wize mei tonder en fjoerslach in flam meitsje moast om in kjers mei oan te stekken). Oare foarbylden binne in iere foarrinder fan it spultsje scrabble; in middel om op typmasines de rjochtermarzje út te foljen; en in stjoer foar in beskaat soarte fan trijetsjiller.

Wiskundich wurk

bewurkje seksje

Op syn beropsmjittich mêd fan 'e wiskunde hold Carroll him benammen dwaande mei geometry, matriksalgebra en wiskundige logika. Hy skreau mear as tsien boeken oer dy ûnderwerpen, dy't er publisearre ûnder syn wiere namme, Charles Lutwidge Dodgson. In part fan syn wiskundich wurk waard pas nei syn dea útjûn. Oan 'e ein fan 'e tweintichste iuw ûntstie der nije belangstelling foar syn wiskundige ideeën.

De lêste tweintich jier fan Carroll syn libben feroare der net in soad foar him, ek al waard er almar riker en ferneamder. Hy gie oant 1881 troch mei les te jaan oan Christ Church, en bleau dêr wenjen oant syn dea. Syn lêste roman, Sylvie en Bruno, waard yn twa dielen útjûn yn 1889 en 1893, mar wie net botte súksesfol; der waarden mar trettjintûzen eksimplaren fan ferkocht. Lewis Carrol stoar op 14 jannewaris 1898 yn it hûs fan ien fan syn susters, te Guildford, oan in longûntstekking dy't folge op 'e gryp. Hy wie doe fjirtjin dagen fan syn 66ste jierdei ôf.

Beskuldigings fan pedofily

bewurkje seksje

Sûnt likernôch de tritiger jierren fan 'e tweintichste iuw binne der beskuldigings, of alteast teoryen, op 't aljemint brocht dat Carroll in pedofyl wie, sij it ien dy't syn nigings ûnderdrukte en selibatêr libbe. Benammen guon resinte biografyen lykas dy fan Michael Bakewell (Lewis Carroll: A Biography, 1996), Donald Thomas (Lewis Carroll: A Portrait with Background, 1995) en Morton N. Cohen (Lewis Carroll: A Biography, 1995) beweare dit. Dêrby wurde Carroll syn withoefolle freonskippen mei jonge famkes oanhelle, en teffens basearje de neamde biografen har op psychologyske ynterpretaasjes fan syn skriuwwurk. Mar fral wurdt ferwiisd nei de foto's dy't er in soad makke fan neakene of healneakene prepuberale famkes. Yn in stúdzje út 2002 troch Roger Taylor en Edward Wakeling waard rûsd dat likernôch 50% fan Carroll syn foto's fan lytse famkes wêze soe, hoewol't dat dreech yn te skatten is mei't twatrêde part fan syn foto's ferlern gien is. Morton N. Cohen en oare biografen beweare ek dat it hommelse en mysterieuze ferbrekken fan 'e freonskip tusken Carroll en it gesin Liddell yn juny 1863 it gefolch wie fan Carroll syn winsk om mei de doe alvejierrige Alice Liddell te trouwen.

 
In foto fan Alice Liddell, nommen troch Lewis Carroll yn 1858.

Sûnt 1999 hâldt in espeltsje oare ûndersikers, mei dêrûnder Karoline Leach, Hugues Lebailly en Sherry L. Ackerman, út dat de beskuldigings fan pedofily nearne op basearre binne, mar dat se no sa wiid útstruid binne dat der suver gjin krûd mear tsjin woeksen is. Leach sprekt yn dit ferbân fan "de Carroll-myte". De neamde skriuwers hawwe de ûnderbouwing fan 'e beskuldigings punt foar punt wjerlein.

Wat de fotografy oanbelanget, Carroll fotografearre ek folwoeksen froulju, manlju, jonges, hûnen, stânbylden, skilderijen, beammen en lânskippen. En de foto's dy't er fan bern naam wie altiten ien fan 'e âldelju by oanwêzich, wylst it fanwegen it ljocht yn 'e regel yn 'e tún of earne oars bûtendoar plakfûn. Dêrby wiist Lebailly op de saneamde Fiktoriaanske bernekultus. Hoewol't de Fiktoriaanske Tiid ûnbidige kein en keken wie as it om folwoeksen froulju gie, lei dat by bern hiel oars. Berneneakenens waard as in teken fan ûnskuld sjoen en hie neffens de moraal fan dy tiid gjin inkele konnotaasje mei it seksuële. Neakenfotografy fan bern wie doedestiden sadwaande "yn" en sels modieus, en net allinne Carroll die deroan mei mar ek withoefolle oare foaroansteande fotografen út dy tiid. Foto's fan neakene bern waarden sels as Fiktoriaanske krystkaarten brûkt, wat in hiel oare maatskiplike en estetyske wurdearring foar sok materiaal ymplisearret as dat hjoed de dei bestiet.

Fierdersoan is Katherine Leach yngien op Carroll syn bewearde pedofily sels. Neffens har komt it idee dat er in pedofyl wie, fuort út sawol in folslein misbegryp fan 'e Fiktoriaanske noarmen en wearden, as út it misferstân dat er gjin belangstelling hân hawwe soe foar folwoeksen froulju. Hja hat wiisd op withoefolle bewiismateriaal út Carroll syn deiboeken en brieven dat oantoant dat er him wis al oanlutsen fielde ta folwoeksen froulju, as dy no troud wiene of net, en dat er sels ferskate foar dy tiid skandalige relaasjes mei sokken hie. Ek tsjutte Leach oan dat in protte fan 'e fammen dy't Carrol syn "bernefreondintsjes" (child friends) neamt, eins tusken de achttjin en de ienentweintich wiene en hjoed de dei as mearderjierrich beskôge wurde soene. Se wol hawwe dat de ferhalen oer pedofily pas nei Carroll syn dea begûnen rûn te gean, en foar in grut part ek feroarsake binne trochdat syn famylje in grut part fan syn deiboeken fuortsmiten hat (der misse teminsten fjouwer folsleine dielen en in stikmannich siden út oaren). Iroanyskernôch besocht men dêrmei krekt syn goenamme te beskermjen, troch alle bewizen fan syn (bûtenechtlike) sekslibben te ûnderdrukken.

It ferbrekken fan 'e freonskip tusken Carroll en de Liddells, ta einbeslút, is yn in hiel oar ljocht kommen te stean doe't Leach yn 1996 yn 'e famyljebibleteek fan 'e Dodgsons in kladsje ûntdiek dat bekend wurden is as it Cut Pieces in Diary-dokumint ("Skuor Stikken út Deiboek"-dokumint), en wêrfan't de tekst nei Carroll syn dea troch mear as ien hân delkwattele is. Dit bryfke (dat begjint mei de fjouwer wurden dêr't it nei neamd is) jout in koarte opsomming fan 'e ynhâld fan twa missende deiboeksiden, wêrûnder dy fan 27 juny 1863, de deis dat Carroll syn houliksoansyk oan 'e alvejierrige Alice Liddell dien hawwe soe. Dêrút docht bliken dat frou Liddell Carroll dy deis fertelde dat der rabberij gie oer him en de gûvernante fan 'e Liddell-bern, en teffens oer him en "Ina". Dy lêste soe Lorina, Alice har fjirtjinjierrige suster west hawwe kinne, mar frou Liddell hiet sels ek fan Lorina. Alice har namme komt yn 'e tekst net ien kear foar. Nei't men oannimme mei wie de neamde rabberij, oft dy no al of net earne op basearre wie, de reden dat de freonskip beëinige waard.

  • La Guida di Bragia: A Ballad Opera for the Marionette Theatre (omtrint 1850)
  • A Tangled Tale
  • Alice's Adventures in Wonderland (1865)
  • Facts
  • Rhyme? And Reason? (ek wol publisearre ûnder de titel Phantasmagoria)
  • Pillow Problems
  • Three Sunsets and Other Poems
  • Through the Looking-Glass, and What Alice Found There (ynkl. Jabberwocky en The Walrus and the Carpenter; 1871)
  • The Hunting of the Snark (1876)
  • Sylvie and Bruno (1889)
  • Sylvie and Bruno Concluded (1893)
  • What the Tortoise Said to Achilles (1895)

Wiskundige wurken

bewurkje seksje
  • The Fifth Book of Euclid Treated Algebraically (1858 en 1868)
  • A Syllabus of Plane Algebraic Geometry (1860)
  • An Elementary Treatise on Determinants, With Their Application to Simultaneous Linear Equations and Algebraic Equations
  • Euclid and his Modern Rivals (1879)
  • Symbolic Logic Part I
  • The Alphabet Cipher (1868)
  • The Game of Logic
  • Some Popular Fallacies about Vivisection
  • Curiosa Mathematica I (1888)
  • Curiosa Mathematica II (1892)
  • Symbolic Logic Part II (postúm)
  • The Theory of Committees and Elections (samle, redigearre en útjûn yn 1958 troch Duncan Black)
  • The Principles of Parliamentary Representation (1884)

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Cohen, Morton N., Lewis Carroll: A Biography, Londen, 1995 (Macmillan), ISBN 0 33 36 29 264.
  • Leach, Karoline, In the Shadow of the Dreamchild: A New Understanding of Lewis Carroll, Londen, 1999 (Peter Owen) ISBN 0 72 06 10 443.


Foar fierdere boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en References and further reading, op dizze side.