Coen Flink (folút: Coenraad Flink; Amsterdam, 24 april 1932Blaricum, 29 juny 2000) wie in Nederlânsk toaniel-, tillefyzje- en filmakteur, dy't yn 'e 1950-er en 1960-er jierren namme makke mei grutte rollen yn it teäter en ek meiwurke oan ferskate harkspullen op 'e radio. Fan 'e jierren tachtich ôf wied er benammen te sjen yn komeedzjesearjes op 'e tillefyzje. In protte minsken sille him fral noch kenne as ien fan 'e pakes yn 'e searje Oppassen!!!, dy't útstjoerd waard troch de VARA.

Coen Flink
akteur
Coen Flink (m.) mei Caro van Eyck (l.) en Sigrid Koetse (rj.) yn Ritmeester Buat (1968).
Coen Flink (m.) mei Caro van Eyck (l.) en Sigrid Koetse (rj.) yn Ritmeester Buat (1968).
persoanlike bysûnderheden
echte namme Coenraad Flink
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 24 april 1932
berteplak Amsterdam (Noard-Hollân)
stoarn 29 juny 2000
stjerplak Blaricum (Noard-Hollân)
etnisiteit Nederlânsk
jierren aktyf 19532000
offisjele webside
Coen Flink yn 'e IMDb

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonge jierren

bewurkje seksje

Flink waard yn 1932 yn Amsterdam berne as de soan fan 'e akteurs Richard Flink en Mieke Verstraete. Hy folge in oplieding oan 'e Amsterdamske Toanielskoalle, dêr't er yn 1953 ôfstudearre. Yn 1959 boaske er oan Ellen fan Hemert, de dochter fan regisseur Willy van Hemert.

Oan it begjin fan syn karriêre spile Flink benammen yn it teäter; sa wurke er by toanielselskippen as de Haachske Komeedzje en by it Nij Rotterdamsk Toaniel. Dêrby makke er namme yn grutte rollen, lykas yn 'e toanielstikken De Keapman fan Feneesje, Julius Caesar en Antonius en Kleopatra fan Shakespeare. Teffens spile er yn ferskate harkspullen foar de radio.

Yn 1966 swarde Flink it toaniel lykwols ôf, en begûn er mei syn frou, dy't sels oerstapt wie fan aktearjen nei skilderjen, oan in frij libben. Yn 1976 kearde er noch ien kear werom yn it teäter, om mei syn neef Jules Croiset de frije produksje Grote Bek en Grote Buik te spyljen. Troch it toanielspyljen op te sizzen, moast Flink finansjeel frijwat ynleverje, en bestie er sels in hoart fan 'e bystân, mar hy ferkeas earmoede boppe de swierrichheden dy't mank giene mei maatskiplik súkses. Yn dy tiid reizge er yn 'e mande mei syn frou en harren trije bern Margje, Jesse en Jeroen yn twa caravans troch Jeropa.

Nei jierren omswalke te hawwen, fêstige Flink him úteinlik yn it Goai. Neitiid fertsjinne er syn lean mei it ynsprekken fan reklamespotsjes foar radio en tillefyzje. Teffens waard er yn 'e 1980-er jierren almar aktiver as tillefyzje-akteur. Ien fan syn bekendste rollen wie datoangeande dy fan buorman Buys yn 'e VARA-tillefyzjesearje Zeg 'ns Aaa, fan 1989 oant 1993. Dêr kaam letter ek de noch bekendere rol fan pake Henry Buys yn 'e komeedzjerige Oppassen!!! út fuort, in searje dy't makke waard troch deselde produsinten.

Fierders wie Flink ek wurksum as stimakteur, wêrby't er meiwurke oan 'e Nederlânsktalige neisyngronisearrings fan in grut tal Disney-tekenfilms, lykas The Jungle Book (Baloo), Robin Hood (Lytse Jan), Snow White and the Seven Dwarfs (Grumpy) en The Lion King (Mufasa).

Coen Flink kaam yn 2000 yn 'e âlderdom fan 68 jier yn syn wenplak Blaricum te ferstjerren oan alfleisklierkanker. Hoewol't syn famylje en neiste freonen fan syn sykte ôfwisten, hied er it foar de bûtenwrâld fierders stil holden, sadat it berjocht fan syn ferstjerren foar in protte minsken as in folsleine en ûnoangename ferrassing kaam. Flink waard yn besletten fermidden kremearre op deselde deis dat syn dea bekendmakke waard.

As live action-akteur

bewurkje seksje
Filmografy as live action-akteur
jier titel rol of funksje opmerkings
films
1957 De Vliegende Hollander ?
1975 Flanagan ?
1978 Pastorale 1943 Hammer
1987 Havinck Bork
1988 Honneponnetje Desiderius
1993 De Tussentijd Felix
2001 Storm in Mijn Hoofd Lucas Bron postúm útbrocht
tillefyzje
1959 Die Jongen van Winslow Dickie Winslow tillefyzjefilm
1961 De Dood van een Handelsreiziger    Biff tillefyzjefilm
1962 De Vuurtorenwachter Streeter tillefyzjefilm
1967 Adieu Richard Clotaire tillefyzjefilm
1968 Ritmeester Buat ritmaster Buat tillefyzjesearje
1970 De Kleine Waarheid Jos Boswinkel tillefyzjesearje
1971 Karakter mr. De Gankelaar tillefyzjesearje
1971 Klatergoud Gilles tillefyzjesearje
1974 Pipo in Marobia keizer Kalief tillefyzjesearje
1977 Hollands Glorie kaptein Sjemonov tillefyzjesearje
1985 De Appelgaard Jan Blom tillefyzjesearje
1987 Moordspel ynspekteur Maarschalk    tillefyzjekwis mei toaniel
1988–1990 Laat Maar Zitten Jack de Noorman tillefyzjesearje
1989–1993 Zeg 'ns Aaa buorman Buys tillefyzjesearje
1991–2000 Oppassen!!! pake Henry Buys tillefyzjesearje; behalven de haadrol fan pake Henry Buys spile Flink ek de weromkearende rol fan omke Eugène
1991 Bij Nader Inzien Paul tillefyzjesearje
1992 Op Afbetaling Grewestein tillefyzjefilm
1993 Kinderen voor Kinderen 14 omke Harrie presintator fan in tillefyzjespecial
1998 Het Jaar van de Opvolging Willem Rahusen tillefyzjesearje

As stimakteur

bewurkje seksje

N.B.: De jiertallen ferwize nei it jier dat Flink de neisyngronisearring ynspriek. Yn ferskate gefallen bestie de film doe as desennia.

Filmografy as stimakteur
jier titel rol of funksje opmerkings
harkspullen
1952 De Familie Doorsnee Fred de winkelbetsjinde
1973 Michael Strogoff, Koerier van de Tsaar    ?
1977 Zomaar een Breimachine ?
1988 Asterix in Indus-land Obelix
films
1959 Sleeping Beauty prins Philip Nederlânsktalige titel: Doornroosje
1963 The Sword in the Stone sir Ector Nederlânsktalige titel: Merlijn de Tovenaar
1967 The Jungle Book Baloo (Baloe) Nederlânsktalige titel: Jungle Boek
1972 Deputy Dawg brigadier Dog Nederlânsktalige titel: Brigadier Dog
1972 Tintin et le Lac aux Requins kaptein Haddock Nederlânsktalige titel: Kuifje en het Haaienmeer
1973 Robin Hood Lytse Jan Nederlânsktalige titel: Robin Hood
1975 Trapito kaptein Houtpoot Nederlânsktalige titel: Trapito
1976 La Flûte à Six Schtroumpfs Matthijs Voddezak Nederlânsktalige titel: De Fluit met de Zes Smurfen
1982 The Last Unicorn kening Haggard Nederlânsktalige titel: De Laatste Eenhoorn
1982 Heidi's Song pake
1984 Snow White and the Seven Dwarfs Grumpy Nederlânsktalige titel: Sneeuwwitje en de Zeven Dwergen
1985 The Black Cauldron de hoarnde kening Nederlânsktalige titel: Taran en de Toverketel
1987 The Wind in the Willows meneer Pad Nederlânsktalige titel: De Wind in de Wilgen
1994 The Lion King Mufasa Nederlânsktalige titel: De Leeuwenkoning
1996 The Adventures of Pinocchio Geppetto Nederlânsktalige titel: De Avonturen van Pinokkio
1997 Hercules Seus Nederlânsktalige titel: Hercules
tillefyzjesearjes
1971 Animal Treasure Island kaptein Long John Silver    Nederlânsktalige titel: De Vrolijke Piraten van Schateiland; oarspronklike Japansktalige titel: Dōbutsu Takarajima
1985 The Wuzzles Dwark Nederlânsktalige titel: De Wuzzels
1986 An American Tail Tijger Nederlânsktalige titel: Een Avontuur met een Staartje
1984 Seabert Zuurmeijer Nederlânsktalige titel: Seabert
1984–1988 Snorks gûverneur Nathals Nederlânsktalige titel: De Snorkels
1985–1991 Adventures of the Gummi Bears Gruffi Nederlânsktalige titel: Gummi Beren
1986–1987 De Bluffers Berezoet
Slimpie de foks
Dans de knyn
1988 Oliver & Company Fagin Nederlânsktalige titel: Oliver & Co.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Externe links, op dizze side.