Creed is in Amerikaanske sportdramafilm út 2015 ûnder rezjy fan Ryan Coogler, mei yn 'e haadrollen Michael B. Jordan en Sylvester Stallone. De titel is de efternamme fan 'e haadpersoan. De film is sawol in ferfolch op as in spin-off fan 'e Rocky-searje. It ferhaal giet oer de jonge bokser Adonis Johnson, de oerwûne soan fan boksleginde Apollo Creed, dy't oankloppet by Rocky Balboa, de âlde rivaal en freon fan syn heit, om him te trainen. Creed waard troch de filmkritisy rûnom mei lof ûntfongen en woeks yn 'e bioskopen út ta in grut kommersjeel súkses. Stallone waard foar syn rol nominearre foar in Oscar yn 'e kategory bêste byrol fan in akteur, en wûn de Golden Globe yn dyseldichste kategory. In ferfolchfilm, Creed II, kaam út yn 2018.

Creed
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Ryan Coogler
produsint Irwin Winkler
Robert Chartoff
Charles Winkler
William Chartoff
David Winkler
Kevin King-Templeton
Sylvester Stallone
senario Ryan Coogler
Aaron Covington
kamerarezjy Maryse Alberti
muzyk Ludwig Göransson
filmstudio Metro-Goldwyn-Mayer
Warner Bros.
New Line Cinema
Chartoff-Winkler Productions
distribúsje Warner Bros.
spilers
haadrollen Michael B. Jordan
Sylvester Stallone
byrollen Tessa Thompson
Anthony Bellew
Graham McTavish
Phylicia Rashad
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 19 novimber 2015
foarm langspylfilm
sjenre sportdramafilm
taal Ingelsk
spyltiid 133 minuten
budget en resultaten
budget $35-40 miljoen
opbringst $173,6 miljoen
prizen Golden Globe 2016
filmsearje
filmsearje Rocky
● foarich diel Rocky Balboa
● folgjend diel Creed II

Adonis Johnson, ropnamme Donnie, is de oerwûne soan fan boksleginde Apollo Creed. Syn heit kaam noch foar syn berte om by de bokswedstryd tsjin Ivan Drago. Syn mem ferstoar doe't er noch mar in beuker wie, en syn iere jonkheid brocht er sadwaande as wees troch yn gesinsferfangende tehuzen, pleechgesinnen en tuchthuzen. Dêr kaam in ein oan doe't Creed syn widdo Mary Anne him oannaam. Neitiid libbe er yn wielde, en as folwoeksene hat er in goeie baan yn 'e finansjele sektor yn Los Angeles. Mar it bloed krûpt dêr't it net gean kin, en Donnie dreamt fan in karriêre as bokser.

Op in stuit beslút er te besykjen en ferwêzentlikje dy dream. Hy nimt er ûntslach en freget Tony "Little Duke" Evers, de soan fan Tony "Duke" Evers, de trainer fan Apollo Creed, om him te trainen. Dy stegeret him lykwols ôf, om't er fan tinken is dat Donnie syn libben yn rykdom him weak makke hat. As Donnie oan syn pleechmem fertelt wat er dien hat en wat er fan doel is, kantet dy har fûleinich tsjin syn plannen oan. Se is har man ferlern yn 'e ring, en se wol net op deselde manear ek noch har soan ferlieze. As Donnie trochset, seit se dat er har net mear hoecht te skiljen.

Donnie reizget nei Philadelphia ta, dêr't er kontakt siket mei syn heite âlde rivaal en freon, de rêstend bokskampioen Rocky Balboa. Dat is in widner dy't in restaurant eksploitearret, en hy fielt der neat foar om him wer yn 'e bokswrâld te bejaan. Donnie hâldt lykwols oan as kâld wetter, en úteinlik jout Rocky stikje by bytsje ta. Underwilens rekket Donnie fereale op syn ûnderbuorfrou Bianca, in kreaze sjongster en lietsjeskriuwster mei in progressive earoandwaning dy't har úteinlik dôf meitsje sil. Uteinlik jout Rocky belies en lit er Donnie by him ynlûke sadat er de jonge dei en nacht begeliede kin; hy jout him de keamer fan syn sweager Paulie silger.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Donnie makket gebrûk fan 'e efternamme Johnson, de namme fan syn mem, om't er it yn 'e bokswrâld meitsje wol sûnder de reputaasje fan syn biologyske heit as opstapke te brûken. As er lykwols yn syn earste bokswedstryd mei Rocky as trainer Leo Sporino ferslacht, in gâns ûnthjittende pleatslike bokser, docht dy syn trainer en heit Pete Sporino yn Los Angeles neifraach nei him. Sa komt oan it ljocht dat Donnie de soan fan Apollo Creed is, en hoewol't Rocky Sporino freget om dat stil te hâlden, stiet it al rillegau yn koweletters op 'e omslach fan alle sportblêden.

Neitiid wurdt Rocky opskille troch Tommy Holiday, de trainer fan 'e Ingelske bokser Ricky Conlan. Dy Conlan is de wrâldkampioen boksen yn 'e lichte swiergewichtklasse. Om't er feroardiele is ta it útsitten fan in finzenisstraf moat er him mei koarten twongen út it boksen weromlûke, mar der is tiid foar noch ien wedstryd. Mei de tsjinstanner dy't dêrfoar útsocht wie, wurdt it lykwols neat mear, om't Conlan him by in mienskiplike parsekonferinsje in brutsen kaak slein hat. Holliday biedt no Donnie de kâns oan om it op te nimmen tsjin Conlan, op betingst dat er syn namme feroaret fan Johnson yn Creed. Donnie fielt dêr neat foar, mar nei't Bianca op him ynpraten hat, bynt er yn.

Wylst er Donnie traint foar de wedstryd tsjin Conlan, falt Rocky der op in stuit samar hinne. As er him yn it sikehûs ûndersykje lit, komt oan it ljocht dat er oanhelle is mei non-hodgkinlymfoom, in foarm fan kanker. Syn dokter wol dat er gemoterapy ûndergiet, mar dêr wol Rocky neat fan witte. Syn frou Adrian silger hie ek kanker en hoewol't se gemoterapy naam, joech it har neat en kaam se dochs te ferstjerren. Rocky is iensum en fynt dat er alles berikt hat dat er berikke woe, dat it is him wol bêst om te stjerren. Donnie is poerrazen oer dy hâlding. Hy wegeret him fierders noch troch Rocky traine te litten en siket boppedat rûzje mei Bianca, dy't neitiid harren relaasje beëiniget. As er wat ôfkuolle is, slút Donnie mei Rocky in oerienkomst: hy sil wer by Rocky yn training gean foar de kommende wedstryd, mar yn ruil dêrfoar moat Rocky tsjin 'e kanker fjochtsje en gemoterapy folgje. Rocky jout ta en fan dy tiid ôf fynt de training foar in grut part plak yn it sikehûs.

De wedstryd tsjin Ricky Conlan wurdt holden yn it Ingelske Liverpool. De jûns foar de wedstryd komt Bianca dêr opdaagjen, dy't troch Rocky bepraat is om Donnie noch in kâns te jaan. Letter ûntfangt Donnie in pakje fan syn pleechmem Mary Anne, dêr't in boksbroek yn 'e kleuren fan 'e Amerikaanske flagge yn blykt te sitten, krekt as de boksbroek dy't Apollo Creed droech. Foarôfgeande oan 'e wedstryd ferwachtet nimmen dat Donnie Creed, dy't dúdlik inkeld om syn namme as tsjinstanner keazen is, in kâns hat om fan Conlan te winnen.

Yn de ring docht lykwols bliken dat Donnie ûnder training fan Rocky hiel wat byleard hat. Nei in drege earste omgong komt er werom om it Conlan dreech te meitsjen, en úteinlik slacht er Conlan sels tsjin it kanvas, de earste kear yn syn karriêre dat dat Conlan oerkommen is. Mar hy bliuwt net lizzen, en oan 'e ein fan it gefjocht wurdt de oerwinning troch in net unanime sjuerybeslissing oan Conlan jûn. Donnie hat lykwols freon en fijân ferrast, en Conlan seit foar de mikrofoan dat Donnie de takomst fan it licht-swiergewichtboksen is. De film einiget as Donnie Rocky helpt om 'e treppens te beklimmen fan it Philadelphia Museum of Art, dêr't de âlde bokser krapoan fjirtich jier lyn de training foar syn earste wedstryd tsjin Apollo Creed begûn.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Michael B. Jordan.
 
Sylvester Stallone.
 
Tessa Thompson.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Adonis Johnson Creed Michael B. Jordan
Rocky Balboa Sylvester Stallone


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Bianca Tessa Thompson
Ricky Conlan Anthony Bellew
Tommy Holiday Graham McTavish
Mary Anne Creed Phylicia Rashad
Tony "Little Duke" Evers Wood Harris
Pete Sporino Ritchie Coster
Leo Sporino Gabriel Rosado
Danny Wheeler Andre Ward
himsels Tone Trump
James Brian Anthony Wilson
himsels Jacob Duran
himsels presintator Liev Schreiber
himsels oankundiger Michael Buffer
himsels presintator Jim Lampley
himsels kommentator Tony Kornheiser
himsels kommentator Michael Wilbon
harsels kommentatrise Hannah Storm
himsels kommentator Max Kellerman
Apollo Creed Carl Weathers (inkeld argyfbylden)

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Creed waard regissearre troch Ryan Coogler nei in senario fan himsels en Aaron Covington dat basearre wie op in idee fan himsels. As produsinten wiene by de film belutsen Irwin Winkler, Robert Chartoff, Charles Winkler, William Chartoff, David Winkler, Kevin King-Templeton en Sylvester Stallone foar de filmstudio's Metro-Goldwyn-Mayer, Warner Bros., New Line Cinema en Chartoff-Winkler Productions. De kamerarezjy waard dien troch Maryse Alberti, en de filmmuzyk kaam fan 'e Sweedske komponist Ludwig Göransson. Foar Creed wie in budget beskikber fan $35 oant 40 miljoen. De opnamen setten op 19 jannewaris 2015 útein yn it Ingelske Liverpool. Yn febrewaris gie it filmjen fierder yn Philadelphia.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Creed waard fersoarge troch Warner Bros. De premiêre fûn plak op 19 novimber 2015 yn Los Angeles, wêrnei't de film op 25 novimber yn 'e Amerikaanske bioskopen iepene. It soundtrackalbum fan Creed waard fiif dagen earder, op 20 novimber, publisearre troch Atlantic Records.

Creed waard troch de filmkritisy tige goed ûntfongen. Herman Dhaliwal fan A.V. Wire skreau dat de film "alles wie dat ik wollen hawwe soe dat er wie en mear." Hy neamde Creed "emosjoneel, grappich, ynnimmend en optein stimmend," en hie benammen in protte lof foar regisseur Ryan Coogler. Yn it tydskrift Variety skreau Andrew Barker dat de Creed him mjitte koe mei syn foargongers út 'e Rocky-searje. Hy fûn dat fral haadrolspilers Sylvester Stallone en Michael B. Jordan treflike prestaasjes leveren. Op IGN joech John Lasser Creed as sifer in 81/2. Hy neamde de film "in spegel fan it ferhaal fan Rocky," en fûn ek dat "Cooglers film neat bûten it fêste stramyn [fan 'e searje] docht."

 
Haadrolspilers Sylvester Stallone, Tessa Thompson en Michael B. Jordan by in parsekonferinsje oer Creed yn Philadelphia.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Creed in tige heech goedkarringspersintaazje fan 95%, basearre op 284 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, karakterisearre Creed as: "in ferrassend effektive sânde omgong dy't dizze bokskroniken útwreidet yn ynteressante nije rjochtings mar dochs trou bliuwt oan 'e woartels fan syn foargongers." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Creed in goedkarringspersintaazje fan 82%, basearre op 42 resinsjes.

Creed brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $109,8 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $63,8 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $173,6 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $35 oant 40 miljoen betsjut dat in winst fan teminsten $133,6 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Creed waard nominearre foar de MTV Movie Award foar film fan it jier, de Teen Choice Award foar favorite dramafilm en de NAACP Image Award foar treflike spylfilm. Regisseur Ryan Coogler waard nominearre foar de Empire Award foar bêste regisseur en de NAACP Image Award foar treflike regisseur fan in spylfilm. Titelrolspiler Michael B. Jordan waard nominearre foar de Empire Award foar bêste akteur, de MTV Award foar bêste manlike akteur, de Teen Choice Award foar favorite filmakteur yn in dramafilm en de NAACP Image Award foar treflike akteur yn in spylfilm.

Sylvester Stallone wûn mei syn rol fan Rocky Balboa de Golden Globe en de Critics' Choice Award foar bêste byrol fan in akteur. Yn dyselde kategory waard er ek nominearre foar de Oscar en de Satellite Award. Tessa Thompson waard nominearre foar de Teen Choice Award foar favorite filmaktrise yn in dramafilm en foar de NAACP Image Award foar treflike byrol fan in aktrise yn in spylfilm. Dy lêste priis waard wûn troch Phylicia Rashad foar har rol fan Mary Anne Creed, de pleechmem fan Adonis.

Creed wie sawol it sânde diel fan 'e Rocky-filmsearje, as in spin-off fan dy rige. De film folget op Rocky Balboa en giet foarôf oan Creed II, dy't yn 2018 útkaam.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Rocky (filmsearje)
Rocky (1976) • Rocky II (1979) • Rocky III (1982) • Rocky IV (1985) • Rocky V (1990) • Rocky Balboa (2006) • Creed (2015) • Creed II (2018)