Daor Klept de Klokke Weer
Daor Klept de Klokke Weer is in Nederlânske histoaryske koarte film mei in spyldoer fan 30 minuten, dy't yn 2019 makke waard troch Thomas Rovers. It wie de earste Stellingwerfsktalige film, en it inisjatyf ta de produksje gie út fan 'e Stellingwarver Schrieversronte. It ferhaal, dat basearre is op 'e roman mei deselde namme fan H. Hoogeveen, giet oer de frijheidsstriid dy't yn 'e Stellingwerven omtrint 1500 fierd waard tsjin 'e Saksyske oerhearsking.
Daor Klept de Klokke Weer | ||
film | ||
makkers | ||
regisseur | Thomas Rovers | |
produsint | Thomas Rovers | |
senario | Thomas Rovers | |
basearre op | de roman fan H. Hoogeveen | |
kamerarezjy | Thomas Rovers | |
filmstudio | Stellingwarver Schrieversronte | |
distribúsje | Stellingwarver Schrieversronte | |
spilers | ||
haadrollen | Dirk Nijk Lute Evert Wedekind Emma Winter Evert Pultrum | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Nederlân | |
premiêre | 21 febrewaris 2019 | |
foarm | koarte film | |
sjenre | histoaryske film | |
taal | Stellingwerfsk | |
spyltiid | 30 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | €24.500 |
Plot
bewurkje seksjeYn 1499 tsjogge Dútske hierlingen yn 'e tsjinst fan hartoch Albrecht fan Saksen, dy't it in jier earder yn Fryslân foar it sizzen krigen hat, al plonderjend troch de Stellingwerven. De boer Franke beslút mei in groepke lyksinnigen de wapens op te nimmen tsjin 'e útlânske ynkringers, om derfoar te soargjen dat de Stellingwerven harren selsstannigens behâlde sille. Dat is lykwols om 'e nocht, om't de oermacht fan 'e Saksers te grut is. Franke-en-dy moatte harren striid opjaan, en de Stellingwerven komme foargoed by Fryslân te hearren.
Produksje
bewurkje seksjeIt inisjatyf foar it meitsjen fan Daor Klept de Klokke Weer kaam fan 'e Stellingwarver Schrieversronte, dy't it meitsjen fan in Stellingwerfsktalige film seach as in middel om it sprekken fan it Stellingwerfsk te ûnderstypjen en it dialekt by bern ûnder de oandacht te bringen. It ûnderwerp waard keazen om't Stellingwervers oer it algemien hast neat ôfwitte fan it yn 'e film beljochte part fan harren eigen skiednis. De roman Daor Klept de Klokke Weer, út 1959, fan auteur H. Hoogeveen, waard dêrom as útgongspunt foar de film nommen.
Fia-fia kaam direktrise Sietske Bloemhoff fan 'e Schrieversronte yn kontakt mei de jonge histoarikus Thomas Rovers út Grins, dy't as masterskripsje in histoarysk filmsenario skreaun hie oer Italjaanske hierlingen dy't ûnder de Tachtichjierrige Oarloch yn it Spaanske leger yn 'e Súdlike Nederlannen tsjinnen. Rovers lies it boek fan Hoogeveen en skreau op basis dêrfan in filmskript. Hy folge in koarte oplieding kamerafiering en filmmontaazje, en makke dêrnei de film hast hielendal eigenhandich.
De haadrolspilers Dirk Nijk, Lute Evert Wedekind, Emma Winter en Evert Pultrum reägearren op in oprop dy't de Schrieversronte yn pleatslike kranten, op Facebook en fia amateurtoanielferienings dien hie. Op deselde manear kaam Rovers ek oan 'e figuranten dêr't er foar syn film ferlet fan hie. Daor Klept de Klokke Weer waard yn 'e simmer fan 2017 yn acht dagen opnommen op lokaasjes op 'e Dellebuorsterheide, yn 'e Keale Dunen, by de klokkestoel fan Nijeberkeap, op it kastiel Old Stoutenburght yn Blesdike en yn it Drintske museumdoarp Orvelte (fanwegen it sechstjinde-iuwske boerespultsje dat dêr noch stiet).
Neitiid hie Rovers in goed jier de tiid nedich om út it opnommen materiaal de film yninoar te setten. Dêrby makke er foar de gefjochtssênes gebrûk fan special effects. It wie wat behelpen mei it budget fan €24.500, mar lokkigernôch wiene ferskate organisaasjes, bedriuwen en persoanen ree om sûnder foarm fan betelling harren meiwurking oan it projekt te ferlienen. Sa joech It Fryske Gea tastimming foar de opnamen op 'e Dellebuorsterheide, dat eins in beskerme natoergebiet is. Daor Klept de Klokke Weer gie op 21 febrewaris 2019 yn premiêre by Slieker Film yn Ljouwert en waard dêrnei fertoand op alle basisskoallen en middelbere skoallen yn East- en Weststellingwerf.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|