David Midthunder (folút: David Paul Midthunder; it Fort Peck Yndianereservaat, 1962) is in Amerikaansk akteur fan Yndiaansk komôf.

David Midthunder
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme David Paul Midthunder
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 1962
berteplak Fort Peck Yndianereservaat (MT)
etnisiteit Assiniboin (Assiniboine)
(Sioux)
jierren aktyf 1986 – no
offisjele webside
David Midthunder yn 'e IMDb

Libben en karriêre bewurkje seksje

Midthunder waard yn 1962 berne yn it Fort Peck Yndianereservaat yn 'e Amerikaanske steat Montana. Hy in registrearre lid fan 'e Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana (in stamme mei federale erkenning), en is fan mingd etnysk komôf, foar in part Hûnkpapa-Lakota, foar in part Sisseton-Dakota en foar in part Hûdesjabina-Assiniboin.

Midthunder waard yn 'e tradysje fan syn folk grutbrocht. Hy lei it sinnedûnsritueel ôf (in inisjaasjerite), besiket noch altyd swithutten en nimt diel oan tradisjonele dûnsen.

As akteur hat Midthunder bekendheid krige mei rollen yn tillefyzjesearjes as Into the West (2005) en Comanche Moon (2008). Ek hat er beskieden roltsjes yn in stikmannich films hân, wêrûnder Hidalgo (2004), Terminator: Salvation (2009), The Last Stand (2013), The Lone Ranger, Transformers: Age of Extinction (2014) en Hostiles (2017).

Dêrnjonken is er fral ek wurksum efter de skermen, as adviseur oangeande de Lakota-kultuer by in ferskaat oan Hollywoodproduksjes. Fierders hâldt er lêzings oer syn folk en kultuer, en is er in feardich surfer. Syn frou Angelique Midthunder, wurket ek yn 'e filmyndustry (as aktrise, stuntfrou en casting director), en harren dochter Amber Midthunder is ek aktrise.

Filmografy bewurkje seksje

Filmografy as akteur
jier titel rol of funksje opmerkings
tillefyzje
1986 Dream West ûnbekend minysearje
1986 Louis L'Amour's Down the Long Hills ûnbekend tillefyzjefilm
1996 The Lazarus Man Ishatai gastrol; ôfl. The Rescue
1997 Rough Riders Indian Tom Isbell minysearje
2005 Into the West White Crow minysearje
2008 Comanche Moon Famous Shoes minysearje
2009 Doc West Yndiaanske foaroanman tillefyzjefilm
2011 In Plain Sight Yancy gastrol; ôfl. The Art of the Steal
2013 The Sixth Gun ophongen Yndiaanske kriger tillefyzjefilm
2013–2014 Longmire David Ridges weromkearende rol; 6 ôfl.
2014 Manhattan Aniceto gastrol; 2 ôfl.
2014 Salem Mohâk gastrol; 2 ôfl.
2016 Roots Nansemond-rekrút minysearje
2016 Graves Harlan Pratt gastrol; ôfl. The Careless Giant
2017 The Son Hungry Owl gastrol; ôfl. Scalps
2017 Midnight, Texas Catori gastrol; ôfl. Riders on the Storm
2018 Westworld Takoda gastrol; 2 ôfl.
2019 Chambers Peter gastrol; ôfl. Trauma Bonding
2022 1883 Two Feathers minysearje
2022 Dark Winds Dillon Charley gastrol; ôfl. The Male Rain Approaches
films
1988 My Neighbor Totoro bykommende stimmen as stimakteur
1995 East Meets West opperhaad Red Hair
2001 The Homecoming of Jimmy Whitecloud   Jimmy Whitecloud
2002 Deadly Species Kalûsa-kriger direkt-op-fideo útbrocht
2002 Florida City Johnny Tiger
2003 Nate and the Colonel Kills the Enemy
2003 Last Stand broer fan Goes Alone koarte film
2003 The Missing Apache-ferkenner
2003 DreamKeeper Eagle Boy as stimakteur
2004 Hidalgo Black Coyote
2004 Reservation Warparties omke koarte film
2007 Ghosts of the Heartland Ray
2007 Intervention barkeeper
2008 The Burrowers Stomp Mês
2009 The Only Good Indian Nawkaw
2009 Terminator: Salvation soldaat #1
2010 The Book of Eli soldaat op Alcatraz
2010 Passion Play oanfierder fan 'e Tarahûmara
2011 Cowboys Apache-kriger #1
2011 The Reunion Yndiaanske trewant
2011 You Don't Know Bertha Constantine High Bear koarte film
2013 The Last Stand Cohan
2013 Chasing Shakespeare Nazuni Redhawk
2013 The Lone Ranger ferkenner foar Fuller
2013 Dust of War Dark Horse
2013 Banshee Chapter Raoul
2014 Transformers: Age of Extinction skyldwacht op Arktyske lokaasje  
2015 Bone Tomahawk misfoarme hoalebewenner
2016 The Lost Pueblo medisynman koarte film
2017 Hostiles Buffalo Man
2017 Woman Walks Ahead Shell King
2018 Making a Killing Coyote Jim
2019 Running Shadow Shane koarte film
2019 The Lightning Patch Alan Moon koarte film
2019 Maleficent: Mistress of Evil wâldgeast #2
2022 Canyon del Muerto ûnbekend
2022 Rude Girl pake Lee koarte film
2023 On Sacred Ground Terry
fideospultsjes
2018 Red Dead Redemption II ferskaat as stimakteur

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: