De Fryske Beweging

De Fryske Beweging (DFB) (offisjeel: Stifting Ried fan de Fryske Beweging), foarhinne en noch altyd better bekend as de Ried fan de Fryske Beweging, is in belange-organisaasje foar minsken dy't wiis binne mei Fryslân en har ynsette wolle foar mear romte foar it Frysk en de Fryske kultuer. DFB is in ûnôfhinklike frijwilligersorganisaasje. De Fryske Beweging is in stifting, dêr't in tal organisaasjes en goed 500 stipers (donateurs) by oansletten binne.

It logo fan De Fryske Beweging
Net te betiizjen mei de Fryske Beweging, in brede maatskiplike beweging.

By De Fryske Beweging (DFB) binne ferskate kulturele organisaasjes yn Fryslân oansletten. De statutêre namme is Stifting Ried fan de Fryske Beweging. Mienskiplik ûndernimme de organisaasjes aktiviteiten op it mêd fan de Fryske taal en kultuer. De namme fan de organisaasje ferwiist nei de Fryske Beweging, dêr't sûnt de 19e iuw it gehiel fan persoanen en organisaasjes mei bedoeld wurdt, dy't har ynsette foar it behâld en fersterkjen fan de Fryske taal en kultuer.

Oarspronklik wie de Fryske Beweging in reaksje op sintralisaasje fan de politike macht yn Nederlân. De foarrinners fan de Fryske beweging fersetten har net tsjin gebrûk fan it Nederlânsk, mar leine de klam op de Fryske bydrage oan it ûntstean fan de Nederlânske naasje. Yn 1844 waard it Selskip foar Fryske Taal- en Skriftekennisse (letter Selskip 1844) oprjochte. Om 1900 hinne kaam de Fryske taal sintraal te stean yn de striid fan de Fryske beweging foar lykberjochtiging fan it Frysk en de Friezen.

Nederlân ferpyldere oan it begjin fan de tweintichste iuw. Fansels barde dat yn Fryslân ek. Njonken it 'algemiene' Selskip 1844 ûntstiene ferskate nije organisaasjes, lykas it Kristlik Frysk Selskip en it Roomsk Frysk Boun. Al yn 1916 waard in Algemiene Fryske Rie oprjochte, dy't lykwols net lang bestien hat. De ferdieldheid binnen de Fryske beweging wie min oerhinne te kommen. Dochs waarden yn dat tiidrek grutte stappen set troch aktiviteiten fan de Fryske Beweging ûnder te bringen by de oerheid. Hjoeddeiske ynstellings lykas de Fryske Akademy, Tresoar en Afûk hawwe woartels yn de Fryske Beweging.

De organisearre Fryske Beweging kaam út de besettingstiid wei sûnder blaam, mar ek sûnder folle yllegale glâns. Frij fluch nei de befrijing yn 1945 is de stichting Ried fan de Fryske Beweging oprjochte. It moast in kontaktpunt tusken de Fryske beweging en de oerheid wurde. Troch gearwurking besochten de lidorganisaasjes de Fryske taal steviger yn 'e wet te ferankerjen. It Nederlânske regear hie oant dy tiid foar it Frysk sa goed as neat juridysk regele.

De earste fyftich jier fan de Ried

bewurkje seksje

Oansletten selskippen fan de earste oere wiene it Selskip 1844, it Kristlik Frysk Selskip (KFS), it Roomsk Frysk Boun (RFB) en it Boun fan Frysk-Nasjonale Jongerein. Al gau waard in Kultuerried oprjochte. Yn ’e oarloch wie it fersetsblêd Frysk & Frij ûntstien. Dat soe it mienskiplike blêd wurde moatte foar de oansletten selskippen. Al rillegau kamen dêrneist oare blêden, lykas de Stim fan Fryslân, dy't oant yn ’e tweintigste iuw bestien hat. It wykblêd Frysk & Frij ferskynde ynearsten oant 1966. It makke letter in trochstart bûten de selskippen om. Jierrenlang wie De Stiennen Man it orgaan fan de Fryske beweging. Dêryn waarden bytiden snedige stikken publisearre oer fan alles wêr’t de Fryske Beweging him mei dwaande hâlde.

De Ried sette yn op emansipaasje fan it Frysk. Belangrykste striidpunt fan de Ried wiene gelikense rjochten fan it Frysk neist it Nederlânsk, útgeande fan in twatalich Fryslân. Bewustwurding is in wichtich tema. Ut de Frysk-Nasjonale jongerein wei waard de Folkshegeskoalle Skylgeralân oprjochte. Fan 1949 ôf waard de Betinking fan de Slach by Warns yn 1345 op it Reaklif organisearre. Dat gie letter oer yn in aparte stifting. De Ried wie fan it begjin ôf lid fan de FUEN. Yn 1950 organisearren de Friezen it earste ynternasjonale kongres fan dy koepelorganisaasje. Oare striidpunten fan de Fryske Beweging wiene it oersetten fan de bibel yn it Frysk en it befoarderjen fan it Frysk yn de provinsjale en gemeentlike polityk. Yn 1951 moast beweger Fedde Schurer foar it rjocht komme. De saak gie oer it brûken fan it Frysk. De opskuor op it Saailân, tsjinoer de rjochtbank giet de boeken yn as Kneppelfreed. It is bepalend wurden foar de posysje fan it Frysk yn it bestjoerlik ferkear. Neist strideraasje foar it Frysk, lykas it befoarderjen fan de Fryske stavering en Frysktalich ûnderwiis, wie ek de Fryske kultuer en de posysje fan Fryslân wichtich. Sa hat de Fryske Beweging him ynset foar it ôfsluten fan de Lauwersee. Dat doel wie twadderlei: mear feilichheid en bettere libbensmooglikheden yn in gebied mei in lytser wurdend ynwennertal.

Stadichoan waard it ynstânhâlden fan it Frysk in taak fan de oerheid. De selskippen jûgen har hieltyd mear ta op it ferdivedearjen fan har eigen leden mei útjeftes en toaniel. It KFS brocht sûnt 1976 in Frysktalich bûsboekje út. Nei’t it KFS ophâlde en part waard fan  Krúspunt stiet de Ried boarch foar de ûnôfhinklike redaksje. Mids jierren tachtich waard it Europeesk Buro foar de Lytse Talen oprjochte. De Ried hold him doe foaral noch dwaande mei ynterne oangelegenheden en it skriuwen fan protestbrieven.   

Delgongen en nije koersen

bewurkje seksje

Begjin jierren 90 wiene ferskate lidorganisaasjes sliepend. It besef ûntstie dat de Ried feroarje moast om rillevant te bliuwen. Dy feroaring kaam nei it fyftichjierrich bestean yn 1995. Der waard mear ynset op wervingsaksjes by it grutte publyk. Sa woene se in gruttere achterban oan de Fryske Beweging bine. Dy koersferoaring soarge foar in oplibbing. Ferskate nije organisaasjes waarden lid. De Ried krige mear it karakter fan in foarum dat him liende foar alderhande kulturele aktiviteiten op it mêd fan de Fryske taal en kultuer. Ek it tal stipers groeide.

De Ried organisearre fan 1995 oant 1999 alle jierren it Frysktalige popfestival Princessehof. In kommisje wist ferskate gemeentebestjoeren derta te bewegen om har gemeente- of doarpsnammen offisjeel yn it Frysk fêst te stellen. Ek waard de Ried útwreide ta de net-Frysktalige streken fan Fryslân, de Stellingwerven en It Bilt. De Ried begûn yn dy jierren mei it priizgjen fan inisjativen foar it Frysk. Neist it ferstjoeren fan plombrieven waard yn 1996 de Fear yn'e Broek ynsteld. Dy priis wurdt noch altyd alle jierren útrikt oan in persoan of organisaasje dy’t goed dwaande is mei de Fryske taal.

Yn 1498 waard Fryslân in bestjoerlike ienheid. De provinsje woe in feestlik barren fan it jubileum meitsje. It organisaasjekomitee Fryslân 500 rôp op 20 juny 1998 op, om mei in flaggespektakel de rest fan de wrâld te groetsjen. Net in soad flaggen waarden útstutsen. Guon minsken hongen de flagge sels healstôk. Yn Bitgum wie der in rel om’t de koster in swarte flagge op ’e tsjerke sette. It 'feest' wie dus net tige slagge. It soarge lykwols al foar in tsjinbeweging fan ûnderen op: Simmer 2000.

Mei Simmer 2000 waarden yn ’e simmer fan it jier 2000 Friezen om utens útnûge om nei it heitelân werom te kommen foar in reüny. Der waarden troch de hiele provinsje allegear aktiviteiten en festiviteiten organisearre, fan boerehynderraces en blijspullen oant reünys, tsjerketsjinsten en foto-eksposysjes. Yn dat jier waard ek de earste Slachtemaraton rûn. De belutsenens fan de Ried by Simmer 2000 wie lykwols beheind. Se wiene mear mei har sels dwaande as mei de Fryske befolking. Yn 2006 die in wurkgroep in tal útstellen foar fernijing. Der moasten mear organisaasjes lid wurde fan de Ried, wêrûnder sportklups. De namme moast feroarje yn Frysk ferbân. Ek moast der in Frysk Hûs as moetingsplak komme. De ferskillen tusken wurkgroep en it bestjoer fan de Ried wie net oerhinne te kommen. Dêrmei bleau it sa’t it wie.  

Nije kânsen

bewurkje seksje

Nei 2009 krige de Ried troch in erfskip mear finansjele earmslach. Dat makke it mooglik om te wurkjen mei betelle krêften. Ek koene nij projekten opstart wurde, lykas it taallearprojekt VoLANGteers, it boerdspul Euregua, startside.frl en de Fryske taal- en korreksjeservice goedfrysk.frl. Der waard in Fedde Schurerlêzing ynsteld. In langrinnende aktiviteit wie itnijs.frl, in Frysktalige nijsside. Oant en mei 2021 waard de Fryske Reklamepriis útrikt. Fan 2018 ôant 2022 jûch de Ried it blêd DE NIJE út, as opfolger fan it blêd De Swingel, dat inkeld foar stipers wie. Finansjeel koe DE NIJE net út. De ferkeap yn ’e kiosk rûn troch de koronamaatregels hielendal op ’e non út. DE NIJE wie rjochte op in breed publyk. DE NIJE wie ek de basis foar in tal publyksaktiviteiten, lykas as in dichtwedstriid en in oersetkriich foar lieten. Foar dy aktiviteiten wie der moai wat flecht op ‘e koai. 

Nei de koronajierren 2020-2021 waard in fernijingstrajekt ynset. It bestjoer fergrize en guon aktiviteiten wiene  troch de tiid ynhelle. Sa wie de taal- en korreksjeservice goedfrysk.frl in ynspiraasjeboarne foar Frysker.nl. Yn 2023 waard de organisaasjestruktuer fan de Ried feroare. De namme waard feroare yn De Fryske Beweging (DFB). Guon aktiviteiten binne ophâlden. De stichting hat lykwols noch altyd it doel om oare Fryske Bewegingsorganisaasjes te fasilitearjen.

DFB rikt noch alle jierren De Fear út en is belutsen by de Fedde Schurerlêzing. Ek plombrieven wurde noch gauris ferstjoerd oan minsken of organisaasjes, dy’t har ynsette foar it brûken fan de Fryske Taal. Startside.frl is yn 2024 opgien yn de side defryskebeweging.frl. Minder sichtber foar it grutte publiek binne de aktiviteiten dy’t DFB fasilitearret op it mêd fan kontakten mei de polityk en it netwurk fan oansletten organisaasjes. Itnijs.frl is yn 2024 omfoarme nei it nije platfoarm goeie.frl. Goeie.frl is in posityf plak, dêr’t DFB op besiket om it bysûndere fan de Friezen en Fryslân te dielen mei oaren, altyd mei in oprop om mei te dwaan.

Gearstalling

bewurkje seksje

De fertsjintwurdige selskippen binne:

Fierder hat de Ried inkele hûnderten stipers.

Keppeling om utens

bewurkje seksje