Stichting Ons Bildt
De Stichting Ons Bildt (Frysk: "Stifting Us Bilt"), soms ôfkoarte ta SOB, is in organisaasje yn Fryslân dy't diel útmakket fan 'e Biltske Beweging. Dizze stifting, dy't fêstige is yn Sint-Anne, set him yn foar it behâld fan 'e Biltske kultuer en oar streekeigen, en is útgroeid ta de wichtichste organisaasje op dat mêd. Yn 't bysûnder leit de stifting him ta op it behâlden en fuortsterkjen fan 'e Biltske taal. De Stichting Ons Bildt waard oprjochte op 29 maaie 1980 op inisjatyf fan 'e Biltske taalstrider Sytse Hotzes Buwalda, foartútrinnend op 'e gemeentlike weryndieling yn Fryslân fan 1984, wêrby't it Frysktalige doarp Minnertsgea by de gemeente It Bilt yndield waard.
Stichting Ons Bildt | ||
algemiene ynformaasje | ||
ôfkoarting | SOB | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
type org. | stifting | |
wurkmêd | Biltske taal en kultuer | |
fêstige yn | Sint-Anne (Fryslân) | |
oprjochte | 1980 | |
offisjele webside | ||
www.stichtingonsbildt.nl |
It wurk fan 'e Stichting Ons Bildt omfettet û.m. it organisearjen fan kursussen op it mêd fan taal en skiednis, it útjaan fan boeken en cd's, en it útskriuwen fan taalwedstriden. Teffens fersoarget de stifting op oanfraach it oersetten fan teksten nei it Biltsk. Dêrnjonken ûnderhâldt de Stichting Ons Bildt ek kontakten mei oare Biltske kulturele organisaasjes, lykas it Bildts Dokumintasysintrum, dat yn 1990 út 'e Stichting Ons Bildt wei oprjochte waard. Dêrta is de stifting lid fan 'e Stichting Bildts Aigene, in yn 2015 oprjochte koepelorganisaasje foar Biltske taal en kultuer. De Stichting Ons Bildt is fierders yn in breder ramt mei de Stellingwarver Schrieversronte ien fan 'e beide net-Fryske lid-organisaasjes fan 'e Ried fan de Fryske Beweging.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|