De Vluchtheuvel wie in attraksje en wetterpark lizzend yn de bosken fan Drintske Noarch.

De Vluchtheuvel
  ferdivedaasjepark
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Drinte
Gemeente Noardenfjild
plak Noarch
adres Donderseweg
koördinaten 53° 04' NB, 6° 28' EL
bysûnderheden
type Atrjaksje en Wetterpark
iepen 1960-er jierren
skiednis
iepening 1960-er jierren
sluting augustus 2007
gebou
boujier 1960-er jierren
sloopjier 2011
kaart
De Vluchtheuvel (Drinte)
De Vluchtheuvel
Lokaasje fan De Vluchtheuvel.

It park is yn de sechstiger jierren fan de tweintichste iuw begûn as bernebuorkerij en bistetún, en ûntwikkele him ta attraksjepark.

Nei it ferstjerren fan syn heit krige hoareka-ûndernimmer Sjoerd Kooistra it park yn 1974. Kooistra lei ferskate plannen op tafel by de gemeente mar krige net in soad meiwurking. Hy hat it doe ferkocht oan de famylje Robijn, dy't it park útwreide hat mei in wetterpark. De maskotte fan it park wie Norgie de iikhoarn. Yn 2000 waard it park oankocht troch de famylje Boesveld, fan oarsprong merke-ûndernimmers. Al gau waard dúdlik dat de nije eigeners gjin winst meitsje koene, om't it park mar in pear moannen yn it jier iepen wie, en de lizzing yn de omkriten fan mear attraksjeparken, lykas Attraksjepark Duinen Zathe yn Appelskea, Speelstad Oranje yn Oranje, Drouwenerzand yn Drouwen, Verkeerspark Assen yn Assen, Nienoord yn De Like en Attractiepark Slagharen yn Slagharen.

Yn jannewaris 2007 waard it kompleks kocht troch ûndernimmer Hennie van der Most. Van der Most fentilearre ferskate plannen fia de parse, wêrûnder yngeande renovaasje en mooglike húsfêsting foar keunstners, mar dizze plannen waarden nea útfierd. Yn augustus 2007 waard it park foar it grutste part ûntmantele troch Van der Most en ferkocht oan de Brabânske ûndernimmer Hans Vrijvogel út Rosmalen. Allinne it restaurantdiel, de ûnderwetterwrâld, de baaien fan it swimbad en guon bygebouwen stiene der doe noch, alle attraksjes wiene stript.

Yn maaie 2008 waard it eardere attraksjepark kreake. Eigener Vrijvogel starte in proseduere om de kreakers fan syn terrein ôf te krijen. Yn juny 2009 besleat de rjochtbank yn Assen dat de kreakers "De Vluchtheuvel" ferlitte moasten. Nei in petear tusken de kreakers en eigener Vrijvogel waard yn july 2009 bekend dat de kreakers foarearst bliuwe meie. De kreakers seine it park op te romjen en in eachje yn it seil te hâlden, yn ruil dêrfoar meie se der fergees wenjen bliuwe oant Vrijvogel it park sels nedich hat.

Op 21 febrewaris 2010 baarnde it eardere gebou fan it restaurant oant de grûn ta ôf. Op it momint fan de brân wie it gebou by kreakers yn gebrûk. De brân is nei alle gedachten ûntstien yn de iepen hurd. Yn de maitiid fan 2011 waard wat der noch fan it Attraksjepark oer wie ôfbrútsen.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL