Dom fan Xanten

De Dom fan Xanten (Dútsk: Xantener Dom) is in katolike tsjerke yn de stêd Xanten yn de Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. De beide tuorren fan de domtsjerke binne 72 en 74 meter heech. Yn 1937 krige de tsjerke fan Paus Pius XI de earetitel fan basilica minor.

Domtsjerke fan Xanten

SkiednisBewurkje

 
Goatyske kleastergong
 
Oersicht ynterieur

De dom is ferneamd nei de hillige Fiktor fan Xanten. De patroanhille wie ea in romeinsk ofsier yn it Thebaanske legioen. Nei't it legioen earder wegere oan de romeinske ôfgoaden te offerjen, waard Fiktor tegearre mei 360 oare soldaten fan it legioen yn it amfiteater fan Vetera, dat yn 'e omkriten fan it tsjintwurdige Birten lei, martele en fermoarde. Neffens de leginde soe keizerin Helena fan Konstantinopel foar de oerbliuwsels fan de martelder en syn legionêren in kapel stifte ha. Ut opgrafings is letter fêststeld dat yn de 4e iuw in cella memoriae boud is. Dizze kapel waard lykwols net foar Viktor oprjochte, mar foar twa manlju dy't letter yn de krypt byset waarden.

Friedrich en Konrad fan Hochstaden leine yn it jier 1263 de earste stien foar de domtsjerke op it plak fan in âldere foargonger. By de tsjerke hearde in sticht, dat in eigen gebiet yn de stêd foarme en ôfsluten wurde koe troch in noardlike en in súdlike poarte. Fan dizze poarte bestiet tsjintwurdich allinnich noch de súdlike poarte. De bou fan de tsjerke duorre 281 jier en mei it wijen fan de Hillige Geastkapel (Heilig-Geist-Kapelle) wie it bouwurk lang om let foltôge. Alhoewol't de domtsjerke oarspronklik as in trijeskippich gebou mei dwersskip ûntwurpen wie, bestiet de tsjerke út fiif skippen yn goatyske styl. Yn tsjinstelling ta in protte oare tsjerken út dy tiid hat de tsjerke gjin koeromgong. Ynstee dêrfan binne der twa pear kapellen oan it koar boud, sa't dy ek by de Us Leaffrou-tsjerke (Liebfrauenkirche) fan Trier oantroffen wurde.

De Sint-Fiktortsjerke besit mei de Stiftsbibliothek Xanten ien fan de wichtigste biblioteken yn it gebiet fan de Nederryn.

YnterieurBewurkje

Yn it heechalter stiet in ûnderdiel fan de tsjerkeskat fan de katedraal: de mei ealstiennen beleine skryn fan de hillige Fiktor. It is ien fan de âldste skrinen fan it Rynlân. Hjiryn wurde sûnt 1128 de ferûnderstelde oerbliuwsels fan de patroanhillige bewarre. It retabel fan it heechalter út it begjin fan de 16e iuw heart by de wichtige keunstwurken fan de iere renêssânse oan de Ryn. De doarren fan it retabel befetsje skilderijen fan de Dútske skilder Bartoloméus Bruyn de Aldere út it jier 1534 mei foarstellings út leginden fan Fiktor en Helena. Yn de rest fan de tsjerke is mear wurk fan dizze skilder te sjen.

Oant hjoeddedei binne 24 út hout sniene sydalters bewarre bleaun. De measten dêrfan waarden yn de 15e iuw oan de Nederryn makke. Fral it Marteldersalter (Märtyreraltar), it Marije-alter (Marienalter), it Martinusalter en it Antoniusalter binne it neamen wurdich.

Oan de pylders fan it middenskip steane 28 stiennen bylden, dy't om en de by 1300 makke waarden. Ut de 15e iuw stamme de bylden fan de fjouwer tsjerkefaars en de hillige Martinus, de hillige Kornelius en dy fan de tsjerkepatroan Fiktor. Yn de 15e en 16e iuw waard de rige oanfolle mei de bylden fan de hillige Kristoffel, de hillige Trije Keningen en in Marijebyld.

It doksaal fan de tsjerke waard tusken 1396 en 1400 boud. Nei de sekularisaasje bleau it doksaal tanksij yngripen fan de arsjitekt Karl Friedrich Schinkel yn 1815 bewarre.

OargelBewurkje

It oargel mei 45 registers ferdield oer trije manualen en pedaal waard yn 1975 troch de oargelbouwer Seifert út Kevelaer boud. It ynstrumint hat meganyske spyltraktueren en elektryske registertraktueren.

StichtsbiblioteekBewurkje

De grutte bibleteek fan it sticht bleau ek bewarre en is allinne yn it ramt fan in rûnlieding te besjen. Troch de sekularisaasje yn de 19e iuw waard de oarspronklike stichtsbiblioteek oanfolle mei in protte wurken út oare kleasters út de omkriten fan Xanten. Dielen fan de oarspronklik bibleteek waarden lykwols ûnder Napoleon nei Parys brocht. Oare dielen kamen yn Bonn, Keulen en Münster telâne.

Keppeling om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: Dom