Eunuch
In eunuch (útspr.: ['ønœx], likernôch: "eunuch"; meartal: eunugen, útspr.: ['ønœɣɘn], likernôch: "eunuggun")[1] is in oantsjutting foar in man of jonge dy't kastrearre is. It wurd is in ferbastering fan it Grykske εὐνοῦχος, evnouchos, mei deselde betsjutting. By sokke lju waard de kastraasje almeast op jonge leeftyd útfierd, ier genôch om grutte hormonale gefolgen te hawwen. Sa hiene eunugen in hege, 'froulike' stim, gjin of amper burdgroei en in oanlis om groulivich te wurden. Resint medysk ûndersyk hat oantoand dat eunugen trochinoar ek 13,5 jier langer libben as net-kastrearre manlju, mei't harren gebrek oan it hormoan testosteron derfoar soarge dat se har net of mar komselden oerjoegen oan riskant hâlden en dragen, lykas geweld. By de kastraasje waarden almeast de testikels ôfsnien, mar soms ek de penis, wat ta libbenslange ynkontininsje late. De eunuch-yn-wurding wie yn 'e regel in slaaf of in tsjinner, dy't oangeande syn kastraasje neat yn te bringen hie. It kaam ek wol foar dat de kastraasje, almeast by wize fan bestraffing foar in misdriuw, útfierd waard by in folwoeksen man. Yn sokke gefallen wiene der net folle hormonale gefolgen.
Doel
bewurkje seksjeIt doel fan it oanmeitsjen fan eunugen wie dat se in beskate maatskiplike rol spylje koene dêr't manlju en froulju net geskikt foar achte waarden. Faak tsjinnen se oan it hof fan in kening, keizer, sultan of kalyf, dêr't se dan almeast bestjoerlike taken hiene of belêstge waarden mei de fersoarging of bewekking fan 'e harem of de frou of konkubines fan 'e hearsker. Eunugen waarden tige geskikt achte foar bestjoerlike taken, om't se gjin neikommelingen fuortbringe koene, en dus inkeld yn it belang fan 'e hearsker wurkje soene en net yn it belang fan harren eigen famylje. (Dat tinken gie fansels foarby oan 'e mooglikheid dat eunugen omkesizzers of oare famyljeleden hawwe koene dy't se as erfgenamten beskôgen.) Foar fersoarging en bewekking fan 'e frou(lju) fan 'e hearsker waarden eunugen geskikt achte, om't se gjin oanstriid ta seks fielden. Eunugen waarden fierders ek wol ynset as algemiene tsjinners, soldaten of liifwachten.
Fersprieding
bewurkje seksjeIt ierste dokumintearre gefal fan in kastraasje dy't mei sin útfierd waard om in eunuch te meitsjen, datearret fan 'e ienentweintichste iuw f.Kr. út 'e Sûmearyske stêdsteat Lagasj. Eunugen binne ek bekend út it Alde Egypte, it Hettityske Ryk, it Assyryske Ryk, it Perzyske Ryk, it Alde Grikelân, it Romeinske Ryk, it Byzantynske Ryk, it Keizerryk Sina, Koreä, Fjetnam, Tailân, Birma, Yndia en it Osmaanske Ryk. Yn dielen fan West-Jeropa, benammen Itaalje, wie it oant yn 'e achttjinde iuw populêr en oant fier yn 'e njoggentjinde iuw noch ridlik gebrûklik om jonge sjongers te kastrearjen sadat se harren moaie hege sjongstim net ferlieze soene as se yn 'e puberteit rekken. Sokke kastrearre sjongers waarden lykwols net faak oantsjut eunugen, mar earder as kastraten.
Hjoeddeiske 'eunugen'
bewurkje seksjeHjoed oan 'e dei wurde de likernôch 2 miljoen hijra's út Yndia, Pakistan, Nepal en Bangladesj frij algemien oantsjut as 'eunugen'. Dat binne lykwols eins transseksuëlen, fan wa't in lyts diel yndie út eigen wil in kastraasje ûndergiet, mar de grutte mearderheid net. De grutste groep 'eunugen' (hoewol't dy term yn dit ferbân as kwetsend beskôge wurdt en nea brûkt wurdt) binne manlju mei in fierfoardere foarm fan prostaatkanker, by wa't testosteron-depleesje tapast wurdt om 'e groei fan 'e kankersellen te fertraagjen.
Bekende eunugen
bewurkje seksje- Yariri (8e iuw f.Kr.), regint fan Karkemisj.
- Bagoäs (4e iuw f.Kr.), earste minister fan 'e Perzyske kening Artakserkses III.
- Bagoäs (4e iuw f.Kr.), in favoryt fan Aleksander de Grutte dy't syn ynfloed brûkte om Aleksander syn hâlding foar de Perzen oer te fersêftsjen. Hy kin dêrtroch sjoen wurde as de grûnlizzer fan it Tiidrek fan it Hellenisme.
- Sima Qian (2e/1e iuw f.Kr.), de earste histoarikus yn 'e moderne sin fan it wurd, dy't in monumintale skiednis fan Sina skreau.
- Ganymedes (1e iuw f.Kr.), riedshear en generaal fan Arsinoë IV fan Egypte, de suster fan Kleopatra VII.
- Potinus, regint foar farao Ptoleméus XII fan Egypte.
- Cai Lun (1e/2e iuw), de Sineeske útfiner fan it papier.
- Origenes (184-253), in ier-kristlike teolooch dy't himsels kastrearre hawwe soe op grûn fan Mattéus 19:12.
- Krysafius (±400-450), earste minister fan 'e Eastromeinske keizer Teodoasius II.
- Narses (478-573), generaal fan 'e Byzantynske keizer Justinianus I, dy't yn 552 de Eastgoaten fersloech.
- Ignasius fan Konstantinopel (799-877), twaris partriarch fan Konstantinopel (847-858 en 867-877) en de earste kristlike hillige dy't perfoarst in eunuch wie.
- Mûnis al-Chadim (845-934), oerbefelhawwer fan 'e Abbasidyske legers.
- Josef Bringas (9??-965), earste minister fan 'e Byzantynske keizer Romanos II.
- Jia Xian (1010-1070), Sineesk wiskundige.
- Lý Thường Kiệt (1019-1105), generaal en nasjonale held fan Fjetnam.
- Pierre Abélard (1079-1142): Frânsk filosoof en teolooch dy't kastrearre waard troch de omke fan 'e frou dêr't er mei omsloech.
- Malik Kafoer (fl. 1296-1316), in slaaf dy't generaal waard fan it leger fan sultan Alaûddin Chaldji fan Delly.
- Zheng He (1371-1433), ferneamd Sineesk admiraal en ûntdekkingsreizger.
- Senesino (1686-1758), in Italjaansk kastraat.
- Farinelli (1705-1782), in Italjaansk kastraat.
- Giusto Fernando Tenducci (1736-1790), Italjaansk kastraat.
- Mohammed Khan Kadjar (1742-1797), haadman fan 'e Kadjar, dy't sjah fan Perzje waard.
- Boston Corbett (1832-±1894), Amerikaan dy't John Wilkes Booth deade (de moardner fan presidint Abraham Lincoln). Kastrearre himsels om ferlieding troch prostituees te foarkommen.
- Alessandro Moreschi (1858-1922), it lêste Italjaanske kastraat en it iennichste dat opnamen fan syn sjongen makke hat.
- Sun Yaoting (1902-1996), de lêste oerlibjende Sineeske keizerlike eunuch.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|