Forbes (tydskrift)
Forbes (útspr.: [fɔɹbz], likernôch: "forbz") is in Amerikaansk sakeblêd dat twaris yn it fearnsjier ferskynt. It bestiet sûnt 1917 en de haadredaksje is fêstige yn Jersey City, yn 'e Amerikaanske steat Nij-Jersey. Forbes stiet bûten de Feriene Steaten benammen bekend om 'e Forbes 400, in jierliks publisearre list fan 'e 400 rykste Amerikanen. It tydskrift wurdt útjûn troch Forbes Media en is eigendom fan 'e Hongkongske ynvestearringsgroep Integrated Whale Media Investments.
Forbes | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | sakeblêd | |
frekwinsje | 2 × yn it fearnsjier | |
bestean | 1917 – no | |
oprjochter | B.C. Forbes Walter Drey | |
plak haadred. | Jersey City (Nij-Jersey) | |
útjouwer | Forbes Media | |
oplaach | 657.215 (2020) | |
ISSN | 0015-6914 | |
offisjele webside | ||
www.forbes.com |
Skiednis
bewurkje seksjeForbes waard yn 1917 oprjochte troch B.C. Forbes, in finansjeel kollumnist foar de kranten fan it Hearst-ympearium, en syn sakepartner Walter Drey, de bedriuwslieder fan 'e Magazine of Wall Street. De earste edysje fan it blêd ferskynde op 15 septimber fan dat jier. De oarspronklike titel fan it tydskrift wie Forbes: Devoted to Doers and Doings ("Forbes: Wijd oan Doggers en Dwaan"). B.C. Forbes waard de earste haadredakteur, in posysje dy't er behold oan syn ferstjerren yn 1954 ta. Drey wie de earste fise-foarsitter fan it bestjoer fan 'e útjouwerij fan it blêd, de B.C. Forbes Publishing Company, dêr't letter Forbes Media LLC út fuortkomme soe.
Doe't er op jierren rekke, waard B.C. Forbes bystien troch syn beide âldste soannen, Bruce Charles Forbes en Malcolm Forbes. Bruce Forbes naam nei syn heite dea it haadredakteurskip oer. Hy wie benammen behelle yn it streamlynjen fan 'e organisaasje en it ûntwikkeljen fan marketingstrategyen. Under syn tsienjierrige lieding waard de oplaach fan Forbes suver ferdûbele. Yn 1961 stelde er James Michaels oan as haadredakteur, dy't dy funksje oant 1999 behâlde soe. Sels bleau Bruce Forbes algemien direkteur fan 'e útjouwerij. Nei syn dea yn 1964 waard er opfolge troch syn broer Malcolm.
Yn 2006 kocht de ynvestearringsgroep Elevation Partners, dêr't û.o. de Ierske sjonger Bono fan U2 by oansletten wie, in minderheidsbelang yn Forbes Media. Yn jannewaris 2010 ferkocht Forbes it gebou oan Fifth Avenue yn Manhattan, dêr't oan doe ta de haadredaksje residearre, oan 'e Universiteit fan New York. It tydskrift ferhuze nei Jersey City yn Nij-Jersey, noch hieltyd yn 'e stêdekloft fan New York, mar op in plak dêr't de prizen foar ûnreplik goed in stik leger wiene.
Yn novimber 2013 waard Forbes Media yn 'e ferkeap dien, in set dy't oanfitere waard troch Elevation Partners. Yn july 2014 kocht de famylje Forbes Elevation Partners út om dêrnei in belang fan 51% yn Forbes Media te ferkeapjen oan Integrated Whale Media Investments, in ynvestearringsbedriuw út Hongkong. Letter, hoewol't it ûndúdlik is wannear krekt, ferkocht de famylje nochris 44% fan it bedriuw oan Integrated Whale. Yn novimber 2020 berjochte parseburo Reuters dat Integrated Whale op dat stuit 95% fan Forbes Media yn besit hie, en de famylje Forbes de restearjende 5%.
Hjoeddeistige sitewaasje
bewurkje seksjeAmerikaanske edysje
bewurkje seksjeForbes stiet benammen bekend om syn ranglisten. De wichtichste dêrfan is de Forbes 400, in jierliks publisearre list fan 'e 400 rykste Amerikanen, dy't ek om utens ferneamd is. Oan in fermelding op dy list is sa'n prestiizje ferbûn dat guon rike sakelju (bgl. Donald Trump) yn it ferline sels kontakt opnommen hawwe mei Forbes om op 'e Forbes 400 te kommen. Oare wichtige ranglisten dy't troch Forbes publisearre wurde, binne de Forbes Global 2000, in list fan 'e twatûzen grutste bedriuwen yn 'e wrâld; de Forbes List of the World's Most Powerful People, in list fan 'e ynfloedrykste persoanen yn 'e wrâld; en The World's Billionaires, in opsomming fan alle miljardêrs yn 'e wrâld.
De wichtichste konkurrinten fa Forbes op 'e Amerikaanske merk fan sakeblêden binne Fortune en Bloomberg Businessweek. Forbes hie yn 2020 in oplaach fan mear as 657.000 eksimplaren. Forbes pulbisearret ek in lifestylekatern, Forbes Life, en in edysje dy't spesjaal oer New York giet, Forbes New York. De webside fan Forbes is Forbes.com, dy't yn 1996 oprjochte waard. Yn 2006 bewearde Forbes.com wrâlds meast besochte sakewebside te wêzen. Yn 'e mande mei guon byhearrende websiden wurdt Forbes.com eltse moanne oandien troch 27 miljoen unike besikers.
Utlânske edysjes
bewurkje seksjeBûten de Feriene Steaten publisearret Forbes in Ingelsktalige edysje dy't spesifyk op East-Aazje taspitst is, mei de titel Forbes Asia. Dêrnjonken besteane der 45 nasjonale en supranasjonale edysjes, almeast yn oare talen as it Ingelsk. Supranasjonale edysjes binne Forbes Africa foar Ingelsktalich Afrika, Forbes África Lusófona foar Portegeesktalich Afrika, Forbes Afrique foar Frânsktalich Afrika en Forbes en Español foar Spaansktalich Latynsk-Amearika. Ek besteane der supranasjonale edysje dy't it Baltikum, Midden-Amearika en it Midden-Easten beslane. Lannen mei nasjonale edysjes fan Forbes binne: Argentynje, Austraalje, Brazylje, Bulgarije, de Dominikaanske Republyk, Eastenryk, Ekwador, Estlân, Fjetnam, Frankryk, Georgje, Grikelân, Hongarije, Yndia, Yndoneezje, Israel, Japan, Kazachstan, Kolombia, Letlân, Litouwen, Meksiko, Monako, de Oekraïne, Oerûguay, Perû, Poalen, Portegal, Roemeenje, Ruslân, Sily, Sina, Slowakije, Spanje, Súd-Koreä, Tailân en Tsjechje.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|