Fryske ûndernimming fan it Jier
De Ferkiezing Fryske ûndernimming fan it Jier dy’t nei de earste edysje yn 1989 útgroeid ta in jierlikse tradysje. Hjirfoar is yn 2000 in Stichting ynsteld dy’t de taak hat om ûndernimmings mei kreativiteit en fernijings, dus treflik ûndernimmerskip te nominearjen. Dêrta screent in wurkgroep earst potinsjele kandidaten. Nei in beoardieling presintearret de wurkgroep de bedriuwen oan de sjuery. De sjuery bestie yn 2010 út Sj.H. Galema Deputearre Ekonomyske Saken fan Fryslân, H. Snijder Haadredakteur Ljouwerter Krante, I. van der Wey Managing fan de Friesland Bank en A.J. Zwart, directeur EcoSyle. De sjuery siket dan trije kandidaten út en begeliedet dizze trije nominearren nei de feestlike finale.
De prizen binne in sulveren skulptuer en in cheque (€ 7500,-) fan de Keamer fan Keaphannel Fryslân dy't bestege wurde moat oan PR en kommunikaasje.
Fryske Undernimming fan it Jier wienen:
Jier | Bedriuw | Produkt | Plak |
---|---|---|---|
2010 | Jongbloed | drukkerij | It Hearrenfean |
2009 | Holiday Ice | iisprodukten | Sint Nyk |
2008 | De Vries | skipsbou | Makkum |
2007 | gjin ferkiezing | ||
2006 | Vitalis NV | helpmiddels | Drachten |
2005 | Tichelaar | ierdewurk | Makkum |
2004 | Dokkumer Flaggen Sintrale | flaggen | Dokkum |
2003 | Hoekstra | ynstallaasjetechnyk | Suwâld |
2002 | CSK Food | fiedings yngrediïnten | Ljouwert |
2001 | Asset Control | finansjele software | Lippenhuzen |
2000 | gjin ferkiezing | ||
1999 | gjin ferkiezing | ||
1998 | De Haske Publikaasjes | blêdmuzyk | Aldehaske |
1997 | Biddle | klimaatbehearsking | Koatstertille |
1996 | Rentex Floron | tekstylwaskerij | Boalsert |
1995 | Rooth Multi-service | skjinmeitsjen | Snits |
1994 | AVEK | bêden | Surhústerfean |
1993 | Farmex | betoneleminten | Drachten |
1992 | Bijkon | staal- en systeembou | De Harkema |
1991 | DuinenZathe | attraksjepark | Appelskea |
1990 | Pâques BV | biotechnology | Balk |
1989 | Koga BV | fytsen | It Hearrenfean |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |