Keninkryk Kastylje

(Trochferwiisd fan Greefskip Kastylje)

It Keninkryk Kastylje (Spaansk: Reino de Castilla; Latyn: Regnum Castellae) wie yn 'e Midsiuwen in grut en machtich lân op it Ibearysk Skiereilân. De namme bestjutte letterlik "Lân fan Kastielen", en wie ûntliend oan it feit dat der sa'n protte kastielen yn it gebiet oanlein wiene. Kastylje ûntjoech him út in eastlik greefskip fan it âldere Keninkryk Leön, dat yn 1065 in selsstannich keninkryk waard. Neitiid diene ferskate Kastyljaanske keningen efterinoar oansjenlike feroverings yn it suden, yn it ramt fan 'e Reconquista tsjin 'e islamityske Moaren. Tusken 1072 en 1157 bestie der in personele uny tusken Kastylje en Leön, en yn 1230 krige de bân tusken de beide lannen in permanint karakter en giene de beide keninkriken op yn in nij steatsferbân, dat de namme krige fan de Kroan fan Kastylje.

Keninkryk Kastylje
Reino de Castilla (Kastyljaansk)
Regnum Castellae (Latyn)
1065 – 1230
flagge wapen
geografyske lokaasje

     it Keninkryk Kastylje yn 1210
polityk
haadstêd gjin formele haadstêd
offisjele taal Latyn (de facto)
steatsfoarm feodale monargy
ûntstien út Keninkryk Leön
opgien yn Kroan fan Kastylje
no diel fan Spanje
sifers
ynwennertal ±800.000 (1230)
oerflak ±58.000 km² (1230)
bykommende ynformaasje
muntienheid maravedí

It Keninkryk Kastylje besloech it eastlike diel fan 'e hjoeddeiske Spaanske autonome mienskip Kastylje en Leön, mei dêropta de regio Madrid, Kantaabrje, La Riocha en westlik Baskelân. It waard yn it noarden begrinzge troch de Golf fan Biskaje, yn it westen troch it Keninkryk Leön, yn it suden en súdeasten troch it Moarske kalifaat fan 'e Almohaden, yn it easten troch it Keninkryk Aragon en yn it noardeasten troch it Keninkryk Navarra.

De namme fan Kastylje, dat eins "Lân fan Kastielen" betsjut, ferwiisd nei de oarsprong fan it gebiet as in swierbewekke grinskrite yn it easten fan it âlde Keninkryk Astuerje, yn 'e Iere Midsiuwen. Nei't it gebiet oan it begjin fan 'e Reconquista, it iuwenlange proses fan 'e werovering fan it Ibearysk Skiereilân troch de kristenen op 'e moslims, fêst yn kristlike hannen kommen wie, waard it ta it Greefskip Kastylje makke, dat yn it suden begrinzge waard it Toledoberchtme. Dat gebiet waard nei de ferdriuwing fan 'e eardere islamityske ynwenners werbefolke mei lju út Kantaabrje, Astuerje en Spaansk-Baskelân, sadat der in befolking ûntstie dy't fan mingd etnysk komôf wie, mei Ibearo-Romaanske, Fisigoatyske, Baskyske en Mozarabyske woartels. Meitiid ûntjoech it Greefskip Kastylje syn eigen Romaanske dialekt en syn eigen gewoanterjocht.

De earste greve fan Kastylje wie Roaderik, dy't fan omtrint 850 ôf regearre as in fazal fan earst kening Ordoño I fan Astuerje en letter Alfûns III fan Astuerje. Roaderik wreide Kastylje nei it suden ta út oant en mei de stêd Amaya. Neitiid waard it greefskip opdield yn fiif parten, mar yn 931 waard it weriene ûnder greve Fernán González, dy't in rebûlje oanfierde tsjin it Keninkryk Leön (dêr't Astuerje yn opgien wie) en foar Kastylje in semy-autonome status wist te winnen. Yn it ferfolch waard it greefskip fia erfopfolging trochjûn fan heit op soan ynstee fan 'e eardere sitewaasje, wêrby't de kening fan Leön eltse kear in nije greve oanwiisd hie út it fermidden fan syn fertroulingen.

Doe't oan it begjin fan 'e alfde iuw de minderjierrige García Sánchez greve fan Kastylje waard, late dat ta in regintskip troch kening Sancho III fan Navarra, dy't mei de âldere suster fan 'e jonge greve troud wie. García Sánchez fan Kastylje waard yn 1028 fermoarde wylst er yn Leön wie om te trouwen mei Sancha fan Leön, de suster fan kening Bermudo III fan Leön. Dêrop stelde Sancho III fan Navarra syn twadde soan Ferdinand I (in omkesizzer fan García Sánchez) oan as de nije greve fan Kastylje, en liet him trouwe mei de frou dy't earder oan syn omke fersein west hie, prinsesse Sancha fan Leön.

Nei it ferstjerren fan Sancho fan Navarra yn 1035 wûn Leön op papier it bewâld oer Kastylje werom, mar greve Ferdinand hold it mei syn âldere broer, García Sánchez III fan Navarra, en tegearre fersloegen se syn sweager Bermudo yn 1037 yn 'e Slach by Tamarón. Trochdat Bermudo gjin bern hie, stelde dat Ferdinand by steat en lis beslach op 'e troan fan Leön, dy't er bestige mei de titel 'kening fan Leön en Kastylje', wat de earste kear wie dat de keningstitel assosjearre waard mei Kastylje. Nei Ferdinand syn dea yn 1065 waarden syn lannen ferdield ûnder syn trije soannen: Alfûns VI waard kening fan Leön, García waard kening fan Galysje en Sancho II waard kening fan Kastylje, dat doe sadwaande in ûnôfhinklik lân waard.

Al rillegau nei de dea fan harren heit sleaten Sancho en Alfûns in bûnsgenoatskip, wêrnei't se Galysje binnenfoelen, feroveren en ûnder harrensels ferdielden. Neitiid kearde Sancho him tsjin Alfûns. Hy foel mei help fan û.m. de ferneamde ridder El Cid Leön binnen, dreau syn broer yn ballingskip en weriene sa de trije keninkriken wer. Syn suster, prinsesse Urraka, dy't by de ferdieling fan it ryk fan har heit de stêd Zamora taparte krigen hie, stie it grutste part fan it Leöneeske leger ta om dêr beskûl te sykjen. Dêrop sloech Sancho belis foar dy stêd, mar yn 1072 waard er om hals brocht troch de Galisyske ealman Bellido Dolfos. Dêrop kearde Alfûns VI út ballingskip werom en naam de troan fan 'e trije weriene keninkriken oer. Dat waard sa regele dat dy lannen aparte gebieten mei in eigen bestjoer bleaune, en inkeld yn in personele uny mei-inoar ferbûn wiene.

Under it regear fan Alfûns fûn der in neieroankommen plak ta oare Jeropeeske lannen, yn 't bysûnder ta it Keninkryk Frankryk en it Hartochdom Boergonje. Nei Alfûns syn ferstjerren, yn 1109, waard er opfolge troch syn dochter Urraka, dat in widdo wie dy't in nij houlik sleat mei kening Alfûns I fan Aragon. Hja krigen lykwols frijwols daliks al spul, en Alfûns fan Aragon besocht sels en feroverje Urraka har keninkriken mei geweld ear't er har yn 1114 as frou oan 'e kant sette. Nei har dea, yn 1126, waard Urraka opfolge troch Alfûns VII, dat har soan út har earste houlik mei Raymond fan Boergonje wie. Dyselde wist ûnder syn regear dielen fan 'e swakkere keninkriken Navarra en Aragon te anneksearjen.

Alfûns hold de tradysje yn eare om syn keninkriken ûnder syn bern te ferdielen. Sadwaande waard nei syn ferstjerren, yn 1157, de personele uny tusken Kastylje en Leön ferbrutsen: Sancho III waard kening fan Kastylje, en syn broer Ferdinand II waard kening fan Leön. Dat late ta nije rivaliteit tusken de beide keninkriken, dy't oanhold oant Ferdinand III fan Kastylje yn 1230 Leön urf fan syn heit Alfûns IX fan Leön, wylst er earder al kening fan Kastylje wurden wie as opfolger fan syn mem Berengaria fan Kasylje. De dêropfolgjende fúzje fan 'e hofhâldings fan Leön en Kastylje wurdt beskôge as it begjin fan in nije, feriene steat dy't de namme krige fan 'e Kroan fan Kastylje. Op papier bleaune lykwols de keninkriken Kastylje, Leön en ek Gallysje noch bestean oant fier yn 'e achttjinde iuw.

Kastylje wie in feodale monargy ûnder it bewâld fan in autokratysk kening. De keningen fan Kastylje wiene:

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.