Griene Stjer Duorsum!

Griene Stjer Duorsum! (Nederlânsk en offisjeel: Groene Ster Duurzaam!), soms ôfkoarte ta GSD, is in stifting yn 'e Fryske haadstêd Ljouwert dy't him ynset foar it behâld fan 'e natoer en it bioferskaat yn it rekreaasjegebiet De Griene Stjer, oan 'e eastkant fan 'e stêd. Dêrby kantet de organisaasje him oan tsjin 'e grutte muzykfestivals dy't op jierlikse basis yn dat gebiet holden wurde: Promised Land, Psy-Fi en Welcome to the Village. Griene Stjer Duorsum! is lid fan 'e Fryske Miljeufederaasje.

Griene Stjer Duorsum!
Groene Ster Duurzaam!
algemiene ynformaasje
ôfkoarting GSD
nasjonaliteit Nederlânsk
type org. stifting
wurkmêd behâld natoer De Griene Stjer
fêstige yn Ljouwert (Fryslân)
oprjochte 2014
oprjochter Theo van Gelder e.o.
offisjele webside
groenesterduurzaam.nl

Yn 2014 krige it muzykfestival Psy-Fi fan 'e Gemeente Ljouwert alle romte om in fiifdeisk evenemint mei tige lûde muzyk te hâlden, dy't 24 oeren deis trochgean mocht. Dêr hiene doe net inkeld de omwenjenden yn Ljouwert ûnder te lijen, mar ek lju oant yn 'e wide omtrek, yn doarpen as Tytsjerk, Ryptsjerk en Gytsjerk. De stream fan klachten dy't dêrtroch op gong kaam, waard yn earste ynstânsje troch de gemeente net serieus (genôch) nommen. Net sasear it muzykfestival, mar de ûnferskillige opstelling fan 'e gemeente wie oanlieding foar Theo van Gelder út 'e wyk Camminghabuorren om mei in stikmannich meistanners Griene Stjer Duorsum! op te rjochtsjen.

De man efter

bewurkje seksje

Theo van Gelder, de driuwende krêft efter (of alteast it publike gesicht fan) Griene Stjer Duorsum!, waard yn 1956 berne yn De Haach. Hy studearre genêskunde yn Rotterdam, die yn 1983 dokterseksamen en wie neitiid fan 1983 oant 1989 as hûsdokter ferbûn oan 'e Keninklike Lânmacht op 'e Feluwe en yn It Goai. By wize fan hobby died er in rjochtestúdzje, wêrfoar't er yn 1990 it doktoraal eksamen helle. Hy wie twa jier oan it wurk op it Ministearje fan Binnenlânske Saken by de ôfdieling Medysk-Juridyske Saken. Dêrnei wurke Van Gelder twa jier op it Ministearje fan Ferkear en Wettersteat. Fan 1994 oant 2000 folge er foar de Keninklike Loftmacht de oplieding ta anestesy en oanslutend wied er fan 2000 oant 2008 anestesiolooch by de Loftmacht. Yn 2008 kaam er yn Ljouwert te wenjen doe't er by de kriichsmacht wei gie en anestesiolooch waard yn it MCL. Dêr wurke er oant 2021, doe't er seniorynspekteur loftfeart waard by de Ynspeksje Libbensomjouwing en Transport (ILT). Fan datselde jier ôf hied er ek sit yn 'e ried fan tafersjoch fan 'e Fryske Miljeufederaasje. Privee is Van Gelder troud en hat er fjouwer bern.[1]

Fan 2015 ôf focht de stifting de miljeufergunnings dy't de Gemeente Ljouwert oan 'e grutte muzykfestivals takende, oan by de rjochter. De festivals soene beskerme bistesoarten as de marflearmûs, de wetterpipermûs en de porsleinhin fersteure. Foarstanners fan 'e muzykfestivals wolle hawwe dat it Griene Stjer Duorsum! hielendal net om dy bistesoarten giet, mar dat se it natoerbehâld inkeld as stôk brûke om in hûn (yn dit gefal de festivals) te slaan. Feit is dat Griene Stjer Duorsum! mei it prosedearjen tsjin 'e muzykfestivals yn syn rjocht stiet. Jier op jier kriget de stifting fan 'e rjochter hielendal of foar in part gelyk, wylst de Gemeente Ljouwert op 'e fingers tikke wurdt.

De hâlding fan 'e Gemeente Ljouwert is yn dizze kontekst ien fan hurdlearsheid (stelt de Ljouwerter Krante fêst). In rapport fan 'e Rekkenkeamer oer it Ljouwerter festivalbelied út augustus 2020 spriek fan "in twangmjittige fokus op lûd", it "net transparant [wêzen] nei omwenjenden en gemeenteried", "hurd timmerjen op it eigen gelyk" en "besykjen om ûnder rjochterlike útspraken út te kommen". Ynstee fan dy krityk oan te nimmen en feroarings troch te fieren, wiisde de gemeente eigen flaters en misdragings yn alle toanaarden ôf. Der soe sprake wêze fan "framing" troch de Rekkenkeamer en de Rekkenkeamer soe mei te min of de ferkearde minsken praat hawwe.

Yn july 2017 hie bestjoersrjochter Ruud Vucsán al hielendal syn nocht fan it broddelwurk dat de gemeente fan syn fergunnings en ûntheffings makke. Hy warskôge Ljouwert doe dat der in momint komme soe dat in rjochter hielendal in streek troch in fergunning sette soe, mei as gefolch dat in festival net trochgean koe. Yn july 2021 wie it safier, doe't de fergunning foar Welcome to the Village ferneatige waard en it festival foar dat jier op 'e siik moast nei in oare lokaasje. (Letter besleat de organisaasje efter it festival om it evenemint yn ferbân mei de beheinings yn it ramt fan 'e koroanafiruspandemy hielendal mar oergean te litten.) Yn 2022 skraste de rjochter op oantrún fan Griene Stjer Duorsum! op it lêste momint de fergunning foar Psy-Fi, dat dat jiers ek oergie.[2] Welcome to the Village ferhuze dat jiers nei in oare lokaasje mar waard yn 2023 hielendal opheft.[2] Dat jiers waard Psy-Fi ûnder de namme Psylân by Ryptsjerk holden, mar op 'e nij stapte Griene Stjer Duorsum! y.g.m. mei trije omwenjende húshâldings nei de rjochter om dêr in stokje foar te stekken.[3] Dat slagge lykwols net; Psylân mocht trochgean.[4]

Ein septimber 2024 spande Theo van Gelder út namme fan Griene Stjer Duorsum! en fjouwer oare natoerbeskermingsorganisaasjes in proses oan tsjin it Ministearje fan Definsje, om't it leven fan 'e F-35's fan 'e Fleanbasis Ljouwert de beskerme natoer yn 'e Grutte Wielen skansearje soene. Yn in fraachpetear mei de Ljouwerter Krante sei Van Gelder dat er him gjin yllúzjes makke dat hy en syn meistanners de aksjes fan Definsje op 'e Fleanbasis tsjinkeare koene. Hy hie lykwols àl de hoop om 'e Nederlânske oerheid te twingen ta it kompinsearjen fan 'e oanrjochte natoerskea, eat dêr't de oerheid ûnder de regels fan 'e Natura 2000-gebieten ek ferplichte is. As foarbyld neamde er it ynstellen fan in ekologyske ferbiningssône tusken de Grutte Wielen en Nasjonaal Park De Alde Feanen.[1]

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Haar, Patrick van 't, Het is niet Groene Ster Duurzaam dat de festivals dwars zit, yn: de Ljouwerter Krante, 9 july 2021, s. 25.

  1. 1,0 1,1 Boer, Jantien de, De Man met de Verbanddoos, yn: de Ljouwerter Krante, 5 oktober 2024, taheakke Sneon & Snein, s. 6–8.
  2. 2,0 2,1 Haagsma, Jacob, Festival Welcome to the Village stopt definitief, yn: de Ljouwerter Krante, 20 juny 2023, s. 1.
  3. Santema, Pier Abe, Rechter buigt zich over doorgaan Psylân, yn: de Ljouwerter Krante, 27 july 2023, s. 19.
  4. Santema, Pier Abe, Rechter acht geluid Psylân aanvaardbaar, yn: de Ljouwerter Krante, 4 augustus 2023, s. 3.