Etiopysk Heechlân
It Etiopysk Heechlân, ek wol bekend as it Abessynsk Heechlân, is in rûch berchtme yn 'e Hoarn fan Afrika, dat it meastepart fan sintraal en noardlik Etioopje beslacht mei útrinners nei westlik Eritreä. It wurdt ek wol it "Dak fan Noardeast-Afrika" neamd. It Etiopysk Heechlân is it grutste oaniensletten bercheftige gebiet fan it hiele wrâlddiel Afrika, mei hichten dy't begjinne omtrint 1.500 m en trochrinne oant de top fan 'e Ras Dashan op 4.550 m. It berchtme wurdt midstwa snien troch de Grutte Slink.
Etiopysk Heechlân | ||
berchtme | ||
De Ras Dashan, it heechste punt fan it Etiopysk Heechlân. | ||
geografy | ||
regio | Hoarn fan Afrika | |
lân | Etioopje Eritreä | |
sifers | ||
oerflak | ±550.000 km² | |
heechste punt | Ras Dashan | |
hichte | 4.550 m | |
geology | ||
yndieling | heechberchtme | |
âldens | 75 miljoen jr | |
stiensoarte | basalt | |
kaart | ||
In reliëfkaart fan Etioopje. Alle bergen op 'e kaart foarmje mei-inoar it Etiopysk Heechlân. |
Geografy
bewurkje seksjeIt Etiopysk Heechlân beslacht in gebiet fan likernôch 550.000 km², oftewol it grutste part fan sintraal en noardlik Etioopje en in lytser diel fan westlik Eritreä. It berchtme wurdt troch de Grutte Slink, dy't in stikmannich sâltwettermarren omfettet, ferdield yn in noardwestlik part en in súdeastlik part. It noardwestlike diel, dat bekendstiet as it Abessynske Massyf, omfiemet it Simienberchtme, wêrfan't in part in beskerme status hat as it Nasjonaal Park It Simienberchtme. It heechste punt dêrfan is de Ras Dashan, mei in hichte fan 4.550 m, wat ek it heechste punt is fan it hiele Etiopysk Heechlân. De grutte Tanamar, de boarne fan 'e Blauwe Nyl, leit ek yn it noardwestlike diel fan it Etiopysk Heechlân.
It súdeastlike part fan it Heechlân hjit it Hararmassyf. Dat wurdt yn it westen beswette troch de Grutte Slink, yn it easten troch de Ogadenflakte en yn it suden troch de Elkerie- en Borenaflakten. De heechste toppen fan dit diel fan it Etiopysk Heechlân lizze yn 'e sône Bale (foarhinne in provinsje) fan 'e regio Oromia. De toppen fan it Baleberchtme, dat ek de status fan in nasjonaal park hat, kinne dy fan it Simienberchtme hast belykje mei in hichte fan boppe de 4.000 m. Dêrûnder binne de Tullu Demtu (4.337 m) en de Batu (4307 m).
De measte grutte stêden fan Etioopje lizze yn it Etiopysk Heechlân op hichten tusken de 2.000 en 2.500 m boppe seenivo. Dêrûnder binne Addis Abeba, de haadstêd fan it lân en ien fan 'e grutste stêden fan hiele Afrika, en teffens de histoaryske haadstêden Gondar en Aksûm.
Geology
bewurkje seksjeIt Etiopysk Heechlân ûntstie likernôch 75 miljoen jier ferlyn, doe't magma út 'e mantel fan 'e Ierde in mânsk diel fan 'e oerâlde stien fan 'e Arabysk-Nubyske Plaat begûn te ferheffen. It iepenbrekken fan 'e Grutte Slink, 31 oant 30 miljoen jier lyn, spjalte it Etiopysk Heechlân op yn trije dielen: it Abessynske Massyf, it Hararmassyf en de bergen fan Jemen en oanbuorjende dielen fan it Arabysk Skiereilân, dy't geologysk sjoen fan oarsprong diel útmeitsje fan it Etiopysk Heechlân. De Reade See en de Golf fan Aden ûntstiene as in soartgelikense spjalt yn 'e bergen as de Grutte Slink, mar dan breder. Om't se yn ferbining stiene mei de Yndyske Oseaan, rûnen se fol mei wetter, mei as gefolch dat Afrika fan Araabje skaat waard. Likernôch 30 miljoen jier lyn waard it Etiopysk Heechlân troch in oanhâldende rige fulkaanútbarstings oerdutsen mei lava, dat him foarme ta basalt.
Klimaat
bewurkje seksjeIt Etiopysk Heechlân leit yn 'e tropen, mar troch de hichte hearskje der temperatueren dy't folle kâlder binne as se op seenivo west hiene. De heechste dielen fan it gebiet hawwe sels in heechberchtmeklimaat, wylst yn 'e legere dielen in relatyf myld lânklimaat hearsket. It Etiopysk Heechlân kriget yn ferhâlding ta oare dielen fan East-Afrika en de Hoarn fan Afrika in protte rein. Dat komt om't de hichte fan 'e bergen wolkens, dy't fan 'e Yndyske Oseaan ôf yn it gebiet oerdriuwe, twingt om op te stiigjen. Om dat dwaan te kinnen moatte se lichter wurde en litte se har delslach falle. De reintiid duorret fan juny oant mids septimber. It is dizze jierlikse stjalprein dy't de fia de Blauwe Nyl de Nyl yn Egypte by 't simmer oerstreame lit. Hoe't dat koe, wie yn 'e Klassike Aldheid in riedsel foar de Alde Griken, mei't de simmer yn it Middellânske-Seegebiet de drûchste tiid fan it jier wie.
Ekology
bewurkje seksjeBiogeografysk heart it Etiopysk Heechlân ta it Afrotropysk gebiet, mar it berchtme dielt in gelikense floara en fauna mei oare bercheftige kriten yn Afrika, dy't Afromontaansk neamd wurdt. Dêrby moat oantekene wurde dat it Etiopysk Heechlân fan 'e lêste iistiid ôf ek foar in diel Jeraziatyske floara befettet (ôfkomstich út it biogeografyske Paleärktysk gebiet). De biotopen oan wjerskanten fan 'e Grutte Slink ferskille wat faninoar en wurde foar it meastepart omjûn troch tropyske savannes en healsteppes, wêrûnder de Sahel en de Eastsûdaneeske savanne, beide oan 'e westkant, en de Ogadenflakte, oan 'e eastkant.
It Etiopysk Heechlân sels is ekologysk sjoen ferdield yn trije ûnderskate gebieten (ekoregio's), dy't benammen faninoar ûnderskaat wurde troch hichteferskil. Tusken 1.100 en 1.800 m lizze de Etiopyske berchwâlden, dy't oan 'e ûnderrâne oergeane yn savanne en healsteppe. Dizze fegetaasjesône is tsjintwurdich foar in grut part ûntboske en omset yn lânbougrûn.
Tusken 1.800 en 3.000 m lizze de Etiopyske berchgreiden en -bosken, dy't fan 'e trije ekoregio's it measte oerflak yn beslach nimme. De begroeiïng bestie dêr oarspronklik út bosken mei in ticht blêdetek, iepen gerslân en healiepen romte mei strewelleguod, mar ek dit gebiet is foar in grut part ûntgûn en omset yn lânbougrûn. De Etiopyske haadstêd Addis Abeba, de Etiopysk-otterdokse kleasters oan 'e iggen fan 'e Tanamar, it kueroard Ambo en de regionale haadstêden Bahir Dar, Harar, Jimma en Mekelle lizze yn dizze ekoregio.
Boppe de 3.000 m lizze de Etiopyske berchheiden, dêr't gjin beammen groeie om't it boppe de beamgrins is. Dit gebiet bestiet út gerslân en heide dêr't yn oerfloedige mjitte krûden fan withoefolle soarten groeie dy't har oan 'e omstannichheden yn it heechberchtme oanpast hawwe.
Fauna
bewurkje seksjeIt Etiopysk Heechlân is in gebiet dêr't guon bistesoarten lânseigen binne dy't nearne oars foarkomme. Foarbylden binne de Abessynske wolf (Canis simensis), de waliastienbok (Capra walie), de berchnyala (Tragelaphus buxtoni), de Etiopyske heechlânhazze (Lepus starcki), de Harennapipermûs (Crocidura harenna), de reuzemolrôt (Tachyoryctes macrocephalus) en de gelada (Theropithecus gelada; in op in baviaan lykjende apesoarte). Oare bistesoarten dy't yn it Etiopysk Heechlân foarkomme, binne bygelyks de griene baviaan (Papio anubis), de Afrikaanske goudwolf (Canis lupaster), de bûnte hyena (Crocuta crocuta), de liuw (Panthera leo), it loaihoars (Panthera pardus), de karakal (Caracal caracal), de serval (Leptailurus serval), de gewoane dûker (Sylvicapra grimmia), it reuzeboskswyn (Hylochoerus meinertzhageni), de ierdbaarch (Orycteropus afer), de sekretarisfûgel (Sagittarius serpentarius) en de maraboe (Leptoptilos crumenifer).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|