Harmanus Boekhout Klaases
Harmanus Boekhout Klaases (Dokkum, 13 novimber 1810 - Ternaard, 8 oktober 1876) wie notaris en lid fan Provinsjale Steaten fan Fryslân fan 1851 oant 1867.
Biografy
bewurkje seksjeHarmanus wie in soan fan notaris Jan Klaases (stoarn 24 augustus 1856) en Rinske Boekhoudt. Hy gie yn Ternaard nei de legere skoalle en gie yn 1824 nei de Frânske kostskoalle fan J.P. Trautmann yn Ljouwert. Nei skoalle waard er klerk op it kantoar fan syn heit.
Doe't de Belgyske Opstân (sjoch ek: Tsiendeiske Fjildtocht) útbriek naam er frijwillich tsjinst as luitenant by it 3e bataljon, 5e kompanjy, Fryske mobile skutterij. Yn 1834 koe er werom nei hûs. Hy skreau in ferslach oer syn ûnderfinings mei de titel Herinneringen van een Friesche schuttersofficier 1831-1834[1]. Yn 1836 die er it notarieel eksamen en 20 novimber waard er ta notaris beneamd en gie er oan de gong yn Ternaard. Yn 1848 gie it norariaat dêr op him oer.
De liberale Klaases wie befreone mei dûmny Rinse Posthumus fan Waaksens en Worp van Peyma út Ternaard. Fan 1851-1867 hie er in sit yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân. Hy die mei oan de oprjochting fan de boargerferiening West-Dongeradiel yn 1848 en wie lid fan de redaksjekommissy fan de liberale Friesche Courant, wêr't er opstellen yn skrea oer ûnder oaren de oarsprong fan de dykflorenen (sjoch: Floreenkohier).
Op 14 april 1872 krige Klaasens earfol ûntslach as notaris. Dêrnei wije er him op Herwey oan stúdzje fan Fryske skiednis. Hy skreau in skiednis fan West-Dongeradiel, yn de foarm fan in ferhelling oan 'neef Pieter'; wierheid en fiksje wikselje elkoar ôf yn dat wurk. Fierders arbeide er oan syn mémoires, Levensherinneringen, dy't in soad materiaal oer de skiednis fan Fryslân yn de 19e iuw befettet.
Literatuer
bewurkje seksje- G.A. Wumkes, opstel yn de Nieuwe Rotterdamsche Courant 6 maart 1932, Een Friesch notaris bij Mr. Thorbecke;
- G.A. Wumkes, 'Om in kreupelrym fen Ds. R. Posthumus', yn Jierboek fen it Kristlik Frysk Selskip 1933.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|