Herfoarme tsjerke (Langwar)
De herfoarme tsjerke fan Langwar stiet oan de Oasingaleane yn Langwar, gemeente De Fryske Marren. De tsjerke wurdt brûkt troch de Herfoarme PKN-gemeente fan Langwar en omkriten.[1]
Herfoarme tsjerke (Langwar) | ||
Lokaasje | ||
plak | Langwar | |
adres | Oasingaleane 13 | |
koördinaten | 52° 57' N 5° 43' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN (Herf. gem.) | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1777 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 13238 | |
Webside | ||
www.kerklangweer.nl | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeIt earste tsjerkegebou út de 13e iuw waard yn 1517 troch brân ferwoaste en wie oan Sint-Pankratius wijd.
De hjoeddeiske sealtsjerke út 1777 mei in trijesidich koer en koerbôgefinsters waard boud as ferfanging fan in tsjerke mei in sealtektoer út 1683.
Ynterieur
bewurkje seksjeIt ynterieur wurdt dutsen troch in houten tonferwulft. De preekstoel, makke troch Benedictus Jans, it doopstek en de hearebanken komme út 1684. Ien hearebank is fan grytman Frans Julius Johan fan Eysinga (1752-1828). Der is in doopbekken út 1923 en in doopfont út 1954.
Yn 'e toer fan trije liddingen mei hoekepilasters en in ynsnuorre achtsidige spits hingje twa klokken, wêrfan ien út 1683 fan Petrus Overney. De wynwizer hat de foarm fan in swan. Boppe de yngong sit in snijraam yn Loadewyk XVI-styl mei dûbele hoarn fan oerfloed.
Yn 1923 is de tsjerke restaurearre ûnder lieding fan arsjitekt G.J. Veenstra. De tsjerke is in ryksmonumint. De neistlizzende pastorije út 1910 is in ûntwerp fan W.C. de Groot.
Oargel
bewurkje seksjeFrans Julius Johan fan Eysinga skonk de yn 1784 troch Lubbartus Bekenkamp makke oargelkas. It oargel út 1874 is makke troch Lambertus van Dam en yn 1967 restaurearre troch Bakker & Timmenga.
Keppeling om utens
bewurkje seksje-
Ynterieur mei oargel
-
Doopfont
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|