Hobrede
Hobrede (Wetterlânsk: Hobree) is in doarp yn de gemeente Edam-Volendam yn de Nederlânske provinsje Noard-Hollân. It doarp leit noardlik fan Purmerein.
Hobrede | ||
De Beemsterringfeart by Hobrede | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Noard-Hollân | |
gemeente | Edam-Volendam | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 165 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 1,93 km², wêrfan: - lân: 1,82 km² - wetter: 0,11 km² | |
Befolkingsticht. | 83 ynw./km² | |
Oar | ||
Postkoade | 1477 | |
Netnûmer | 0299 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 33' NB, 4° 59' EL | |
Offisjele webside | ||
http://www.hobree.nl/ | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Himrik fan Hobrede (ljochtgrien) yn de eardere gemeente Seefang |
Hobrede hat 165 ynwenners (1 jannewaris 2023).
Skiednis
bewurkje seksjeDe namme Hobrede komt mooglik fan it Midnederlânske hovetbrede (haad- of kopbreedte). Dat wol sizze de breedte fan in stik lân dy't tsjin de dyk oanslute. De oanbelangjende dyk wie de dyk fan de Beemster fan foar it drûchmeallen. De kosten fan it dykûnderhâld waarden eartiids rekkene op grûn fan de haadbreedte fan de oanlizzende stikken lân, yn it Midnederlânsk gedijckslaecht op haer hobrede. It wurd waard ornaris brûkt yn it Hollânsk Noarderkertier en it Amstellân.[2].
Yn Hobrede hat iuwenlang in tsjerke stien. Fan foar 1575 wie it in selsstannige tsjerkegemeente, dêrnei ferbûn west mei dy fan Oosthuizen. Yn 1826 waard it tsjerkje ôfbrutsen. It koe wêze dat it tsjerkje al jierren yn ferfal wie of dat de doarpelingen har gjin predikant mear tastien west hawwe.[3]
Hobrede hearde oant 1970 by de gemeente Oosthuizen. Dy gemeente waard oant mid 19e iuw "gemeente Oosthuizen en Hobrede" neamd. Yn 1970 waard de gemeente Oosthuizen part fan de doe oprjochte gemeente Seefang dy't yn 2016 opgie yn de gemeente Edam-Volendam.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Edam-Volendam | ||
---|---|---|
Stêd: Edam | ||
Doarpen: Beets • Etersheim • Hobrede • Kwadijk • Middelie • Oosthuizen • Purmer (foar in part) • Schardam • Volendam • Warder | ||
Buorskippen: Axwijk • Katham • Verloreneinde | ||
· · |