Beets (Noard-Hollân)
Beets is in doarp yn de gemeente Edam-Volendam yn de Nederlânske provinsje Noard-Hollân. It doarp leit tusken Hoarn en Purmerein op de grins fan de kriten West-Fryslân en Wetterlân.
Beets | ||
Tsjerke fan Beets | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Noard-Hollân | |
gemeente | Edam-Volendam | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 540 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 4,05 km², wêrfan: - lân: 3,94 km² - wetter: 0,11 km² | |
Befolkingsticht. | 133 ynw./km² | |
Oar | ||
Ferkearsieren | N247 | |
Postkoade | 1475 | |
Netnûmer | 0299 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 35' NB, 4° 59' EL | |
Offisjele webside | ||
https://beets.nl/ | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Himrik fan Beets (grien) yn de eardere gemeente Seefang |
Beets hat 540 ynwenners (1 jannewaris 2023).
Geografy
bewurkje seksjeBeets leit súdlik fan Hoarn, noardeastlik fan Beemster yn in leechfean greidegebiet. De melkfeehâlderij en de suvelyndustry wie en is in wichtige ekonomyske faktor foar it doarp.
Skiednis
bewurkje seksjeDe namme Beets is de assimileare Fryske foarm foar "beek", itjinge in natoerlike wetterrin betsjut. Ferlykje hjirmei de nammen Ald- en Nij Beets De namme kaam foar yn 1435 foar as van der Beetze, yn 1480-1481 as Beets, yn 1514 as Beetsch, yn 1575 as Ter Beeks, en yn 1680 (werprintinge yn 1745) as Beets.[2]
It plak lei yndie oan in wetter, de Korsloot, in âlde natoerlike ferbining fan de Beemster mei de Sudersee. Dy iepen ferbining waard yn de 14e iuw tichtmakke troch it oanlizzen fan in daam op it plak fan it hjoeddeistige doarp Schardam, dy't it wetter fan de Sudersee bûtendoar hâlde moast. Sûnt it drûchmeitsjen fan de Beemster yn de 17e iuw tsjinnet de Korsloot foar in part as ringfeart fan dy polder. De Beetser doarpswei, dy't winliken in dyk is, beskerme de dêr benefter lizzende polder Beetskoog tsjin it wetter fan de Beemster en Korsloot. De earste dyk om de Beetskoog waard yn 1304 oanlein.
Om 1360 hinne waard de earste stiennen tsjerke boud. De hjoeddeistige krústsjerke komt fan de 15e iuw en hat in lytse toer op tek. De toerklok, in Hemony is fan 1650. It doarp waard sûnt de Reformaasje protestantsk.
Oant 1970 foarme Beets mei Schardam in selsstannige gemeente. Dêrnei foarme it mank de doarpen Oosthuizen, Kwadijk, Middelie en Warder de gemeente Seefang dy't yn 2016 opgie yn de gemeente Edam-Volendam.
It eardere gemeentewapen hat trije inoar krusende hammers. Dat soe mooglik ferbân hâlde kinne mei de oanwêzigens fan skipstimmerbedriuwen yn it ferline, dochs is net alhiel wis.
Monuminten
bewurkje seksje- Herfoarme krústsjerke
- Twa stjelppleatsen
Ofbylden
bewurkje seksje-
De tsjerke fan Beets mei toer
-
Stjelp yn Beets
-
Stjelp yn Beets
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Beets (Noord-Holland) fan Wikimedia Commons. |
Edam-Volendam | ||
---|---|---|
Stêd: Edam | ||
Doarpen: Beets • Etersheim • Hobrede • Kwadijk • Middelie • Oosthuizen • Purmer (foar in part) • Schardam • Volendam • Warder | ||
Buorskippen: Axwijk • Katham • Verloreneinde | ||
· · |