Oosthuizen
Oosthuizen is in doarp yn de gemeente Edam-Volendam yn de Nederlânske provinsje Noard-Hollân. It doarp leit tusken Purmerein en Hoarn oan de râne fan Natura 2000-gebiet Polder Seefang. Oant 1 jannewaris 2016 wie Oosthuizen it haadplak fan de doetiidse gemeente Seefang. De buorskip Etersheim falt ûnder de himrik fan Oosterhuizen.
Oosthuizen | ||
De Beemsterringfeart mei sicht op Oosthuizen | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Noard-Hollân | |
gemeente | Edam-Volendam | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 3.525 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 6,82 km², wêrfan: - lân: 6,56 km² - wetter: 0,26 km² | |
Befolkingsticht. | 133 ynw./km² | |
Oar | ||
Ferkearsieren | N247 N509 | |
Postkoade | 1474 | |
Netnûmer | 0299 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 34' NB, 4° 60' EL | |
Kaart | ||
Kaart | ||
Himrik (grien) fan Oosthuizen yn de eardere gemeente Seefang |
Oosterhuizen hat 3.525 ynwenners (1 jannewaris 2023).
Skiednis
bewurkje seksjeOosthuizen begûn as in feanterijdoarp yn de Polder Seefang. It doarp waard yn de 12e iuw neamd as Asthusa minor. De namme is in gearstalling fan de Aldfryske wurden ast (east, yn dit ferbân "eastlik lein") en husa (hûzen, delsetting) mei it tafoegjen fan Minor of luttic ("lyts") ta ûnderskaat fan Grosthuizen. De namme betsjut dus "lytse eastlike delsetting, wylst Grosthuizen "grutte eastlike delsetting" betsjut. Fierdere ferwizings nei it darp wiene: 1292 as minen luden van luttickoisthusen, 1345 littic Oesthusen, 1382 dat Ambogt tot Luttic Oosthusen, 1680 (werprintinge yn 1745 Oosthuysen.[2]
Yn 1292 waard Oosthuizen in frije hearlikheid dêr't de rjochten oan Gerrit fan Heemskerk fan yn lien jûn waarden. Nei't de Beemster yn 1612 drûchmeald waard, waard de Seisstêdewei oanlein. Dêr ûntstie in doarpskearn oan wat hjoed-de-dei de Raadhuisstraat is en by de dykkrusing. It spoar fan Amsterdam nei Inkhuzen waard by it doarp del oanlein en Oosthuizen krige in stasjon oan it spoar dy't yn 1943 sletten waard. It doarp wreide him om 1900 hinne út. Nei de Twadde Wrâldkriich wreide it doarp him nei it suden ta út en om it eardere stasjon hinne.[3]
Oosthuizen wie eartiids in selsstannige gemeente. Yn 1848 waard de gemeente útwreide mei de gemeente Etersheim. Dêrnjonken bestie de gemeente út de doarpen Hobrede en in stikje fan Kwadijk (buorskip Verloreneinde). De gemeente waard oant mid 193 iuw wol "gemeente Oosthuizen en Hobrede" neamd. Yn 1970 waarden de gemeenten Oosthuizen, Beets, Middelie en Warder gearfoege ta de gemeente Seefang. Yn 2016 waard dy gemeente gearfoege mei Edam-Volendam.
Tsjerken
bewurkje seksjeYn 1476 waard mei de bou fan de Grutte of Nikolaastsjerke úteinset dy't in earder tsjerkegebou ferfong op hjitten fan frouwe Marije fan Sânbergen fan de hearlikheid Oosthuizen. De tsjerke is in letgoatyske krústsjerke en yn 1511 kaam it koer en transept dien. It skip kaam yn 1518 ree. De toer is in fieringstoer midden op de krusing fan de tsjerke. De klok yn de toer waard yn 1511 getten troch Geart fan Wou. Yn 1575 kaam de tsjerke yn hannen fan de protestanten.
Yn 1650 waard in fermanje yn Oosthuizen boud, de Vriesche Vermaning, dy't yn 1785 wer sloopt waard.
De Roomsk-katolike Fransiskus fan Assisitsjerke waard yn 1960 ynrjochte yn in eklestysk wenhûs fan 1880.
Ofbylden
bewurkje seksje-
Grutte of Nikolaastsjerke
-
Katolike Fransiskus fan Assisitsjerke
-
19e iuwske wente
-
18e iuwske boerewente
-
Foargevel fan de eardere sparbank
-
Filla oan de Raadhuisstraat
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Oosthuizen fan Wikimedia Commons. |
Edam-Volendam | ||
---|---|---|
Stêd: Edam | ||
Doarpen: Beets • Etersheim • Hobrede • Kwadijk • Middelie • Oosthuizen • Purmer (foar in part) • Schardam • Volendam • Warder | ||
Buorskippen: Axwijk • Katham • Verloreneinde | ||
· · |