Schardam (Westfrysk: Skardam) is in doarp yn de gemeente Edam-Volendam yn de Nederlânske provinsje Noard-Hollân. It doarp leit oan 'e Markermar op de grins fan de kriten West-Fryslân en Wetterlân, mar wurdt ta wetterlân rekkene.

Schardam
Schardam, banpeal mei dêrefter slûswachterswente fan de Noarderslûs
Schardam, banpeal mei dêrefter slûswachterswente fan de Noarderslûs
Emblemen
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Noard-Hollân
gemeente Edam-Volendam
Sifers
Ynwennertal 125 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 2,66 km², wêrfan:
- lân: 2,55 km²
- wetter: 0,11 km²
Befolkingsticht. 47 ynw./km²
Oar
Ferkearsieren N247
Postkoade 1476
Netnûmer 0229, 0299
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 36' NB, 5° 1' EL
Kaart
Schardam (Noard-Hollân)
Schardam
Kaart
Schardam, banpeal mei dêrefter slûswachterswente fan de Noarderslûs
Himrik fan Schardam (grien) yn de eardere gemeente Seefang

Schardam hat 125 ynwenners (1 jannewaris 2023).

It plak waard yn 1319 neamd as den Scaderdam, yn 1343 Schaderdam, yn 1357 Schaerdam, yn 1388 Schaderdamme, yn 1396 in den Schaderdam, yn 1401 Schardam, yn 1514 Schaerdam, 16e iuwdie Schaerdam ende die dijck aen die noortzijde, yn 1612 Scaerdam en yn 1680 (werprintinge yn 1745) Schaerdam. De betsjutting fan de namme is net wis. It is mooglik ôflaat fan it Midnederlânske schaerdam (daam of haad op de ouwer oanlein) of fan it Fryske skar (miene greide).[2]

Schardam ûntstie yn 1315 as in daam foar it ôfsluten fan de iepen ferbining tusken de Beemster en de Sudersee. Dy daam wie nedich om't yn de rin fan de iuwen it wetter fan de Beemster by alle stoarmen in stik lân weisloech. By dy daam ûntstie in lytse delsetting. Dat doarpke wie iuwenlang in ôfleine plak dêr't fiskers en boeren wennen. Tusken de noarder- en suderslûs wie in herberch mei guon winkeltsjes.

Skardam wie oant 1854 in selsstannige gemeente, doe't de gemeente yn de gemeente Beets oergie. Yn 1970 waard dy gemeente part fan de gemeente Seefang dy't yn 2016 wer opgie yn de gemeente Edam-Volendam.

Yn de lette midsiuwen krige de daam twa slûzen, de Noarder- en Suderslûs. Dy slûzen wiene fan hout en tsjinnen as spuislûzen foar de Beemster en Skermer. De twa slûzen lizze yn de beboude kom fan Schardam.In tredde slûs, Hornslûs, leit by Lutje-Schardam. De houten slûzen waarden yn 1592 (Suderslûs), 1738 (Noarderslûs) en 1735 (Hornslûs) troch de hjoeddeistige slûzen ferfongen. It behear is yn hannen fan it Hoogheemraadschap Hollands Noorderkwartier.

Yn it doarp tusken de Noarder- en Suderslûs stiet in banpeal fan de stêd Hoarn, dy't dêr yn 1761 pleatst waard. Doe hearde Schardam foar in part ta it rjochtsgebiet fan de stêd Hoarn. De banpeal lit in reade ienhoarn te sjen. De hoarne sels is goudkleurich en wiist yn de rjochting fan de stêd Hoarn oan oare kant fan de Hoarnske Hop. It bist hâldt ek in skyld fêst dêr't it wapen fan Hoarn yn ôfbylde stiet. De banpeal is in ryksmonumint.[3]

Yn 1499 waard dêr foar it earst in tsjerkegebou yn Schardam neamd. It gie om in letgoatyske tsjerke. De toer fan de tsjerke tsjinne mooglik as beakken foar de skipfeart op de Sudersee. Yn 1662 waard de tsjerke troch de hjoeddeistige tsjerke ferfongen. De dakruter is net de orizjinele, want oant 1860 stie op dat plak in lytse tsjerketoer. De tsjerkeklok yn de dakruter is yn 1497 getten troch Geart fan Wou.

Yn 1968 waard de lêste tsjinst yn de tsjerke holden. Yn 1971 waard er in ryksmonumint. It tsjerkje tsjinnet hjoed-de-dei as wen- en ateliersromte.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Noaten
Boarnen
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Schardam fan Wikimedia Commons.
  Edam-Volendam  
Stêd:
Edam
Doarpen:
BeetsEtersheimHobredeKwadijkMiddelieOosthuizenPurmer (foar in part) • SchardamVolendamWarder
Buorskippen:
AxwijkKathamVerloreneinde
  ·   ·