Katham
Katham is in buorskip yn de gemeente Edam-Volendam yn de Nederlânske provinsje Noard-Hollân, yn de krite Wetterlân. Katham is in buorskip oan 'e súdwestrâne fan it doarp Volendam en is hast alhiel omjûn troch de bebouwing fan dat doarp. De buorskip grinzget ek oan de himrik fan it doarp Katwoude.
Katham | ||
Mûne De Kathammer | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Noard-Hollân | |
gemeente | Edam-Volendam | |
Oar | ||
Netnûmer | 0299 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 30' NB, 5° 4' EL | |
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeKatham waard foar it earst neamd yn 1460 yn it Diversoarium fan it kleaster Galilea Minor by Monnickendam. De namme Katham is in gearstalling fan -ham itjinge "oanslike lân yn in bocht fan in wetterrin" betsjut en kat, dat gauris foarkomt foar it earste part fan plakken tichteby it wetter, de bistenamme, in persoanenamme of in fariant fan "kaai", "ouwerwâl", "smelle lege dyk fan ierde".[1].
Katham hat altyd in lyts buorskip west en lei oan de seedyk tusken Volendam en Katwoude yn en bestie benammen fan de feehâlderij. Foar 1950 bestie de buorskip út trije stjelppleatsen, twa wenten mei oanboude kowestâlen en twa gewoane wenten. Nei 1980 wiene der grutte útwreidings fan Volendam yn 'e rjochting fan Katham en ûnderwilens binne alle trije pleatsen sloopt. Fan it âlde agraryske karakter fan it plak is hjoed-de-dei net folle mear werom te finen.
It besjen wurdich
bewurkje seksjeKatham is ferneamd om de mûne Kathammer, in kantige muonts fan 1896, dy't yn de himrik fan Katwoude stiet en in ryksmonumint is.[2] Ek ferneamd is it Heitje van Katham, in lyts natoergebiet dy't út in smelle stripe lân mei heechfean mei unike floara bestiet, dy't nearne oars yn Noard-Hollân foarkomt.[3]
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Edam-Volendam | ||
---|---|---|
Stêd: Edam | ||
Doarpen: Beets • Etersheim • Hobrede • Kwadijk • Middelie • Oosthuizen • Purmer (foar in part) • Schardam • Volendam • Warder | ||
Buorskippen: Axwijk • Katham • Verloreneinde | ||
· · |