Purmer is in polder en eardere binnensee yn de Nederlânske provinsje Noard-Hollân. De polder omfiemet in part fan Purmerein en it bûtengebiet tusken Purmerein, Edam, Zedde, Overleek en Ilpendam. Yn de polder leit in buorskip mei deselde namme mei likernôch 220 ynwenenrs. De polder en buorskip binne ferdield oer de gemeenten Edam-Volendam, Purmerein en Wetterlân.

Purmer
Krúspunt yn de Purmer
Krúspunt yn de Purmer
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Noard-Hollân
gemeente Edam-Volendam
Purmerein
Wetterlân
Sifers
Ynwennertal 220
Oerflak 26,8 km²
Oar
Postkoade 1481 (Edam-Volendam)
1482 (Wetterlân)
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 29' NB, 5° 0' EL
Kaart
Purmer (Noard-Hollân)
Purmer


Foar it drûchlizzen fan de polder wie de Purmer part fan guon bysûndere binnenseeën yn wat hjoed-de-dei de provinsje Noard-Hollân is, mank mei de Skermer en Beemster. Dy marren wiene yn iepen ferbining mei de Sudersee en dêr wie sâlt wetter en ebbe en floed. De Purmer hie in ferbining troch de Purmer Ee mei de Sudersee en troch de Where mei de Beemster. Om't de Purmer in iepen ferbing mei de see hie, wie der, foar in middelgrut mar, in soad wâlôfslach troch weagen en streaming. Dat wie, mank mei it krijen fan mear lânbougrûn reden foar it drûchlizzen. De Purmer Ee wie al yn 1481 ôfsletten troch de daam Nieuwendam by Monnickendam.

Yn 1618 waard úteinset mei it drûchmeallen fan de mar. Neffens Jan Wagenaar waard it wurk hoholden omreden de fûleindigens fan de godstsjinststrideraasjes yn dy snuorje. Yn 1620 waard it meallen fannijs ferfette en yn 1622 wie de 2680 bunder grutte polder drûch.

Foar de drûchmakkerij wie dêr by Ilpendam de Nespolder, dy't yn de Purmer kaam te lizzen. De Nespolder waard letter brûkt fean ôf te graven.

Nei it drûchmeitsjen waarden yn de Purmer 19 bûtenpleatsen boud, lykas Ilpenstein. Dy binne ûnderwilens allegear fuorthelle.

De âlde ferbinings fan de Purmer mei de Sudersee en de Beemster besteane hjoed-de-dei noch hieltyd. It binne de Purmer Ee, dy't nei Monnickendam rint, en de Where, dy't dwers troch Purmerein hinne streamt.

It meast lanlik is hjoed-de-dei de bewenning fan it súdlikste en eastlike part. Dat foarmet de buorskip Purmer, ek wol oantsjut as "polderbuert" of "poldermienskip". It is oer trije gemeenten ferparte. De gemeente Wetterlân brûkt de namme De Purmer ta ûnderskiedning fan de namme dy't Edam-Volendam brûkt. Ferskate strjitten dy't yn de Purmer lizze wurde ûnderskaat troch oan de strjitnamme in letter ta te heakjen: E foar Edam-Volendam, M (Monnickendam) foar Wetterlân en P foar Purmerein. Sa is dêr bygelyks in Oosterweg E en Oosterweg M.

Sûnt it drûchlizzen wie de Purmer in lânbougebiet, mar it part westlik fan de Westerwg is hjoed-de-dei tige ferstedske troch it úttynjende Purmerein, dêr't er syn namme fan de "ein fan de Purmer" wei hat. De stêd hat twa wenwiken yn de Purmer boud, Purmer-Noard en Purmer-Súd en yndustryterrein De Baanstee. It doarp Purmerbuurt lei ynklamme tusken de nijbou fan Purmerin, de Purmerbosk en in golfbaan.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  Edam-Volendam  
Stêd:
Edam
Doarpen:
BeetsEtersheimHobredeKwadijkMiddelieOosthuizenPurmer (foar in part) • SchardamVolendamWarder
Buorskippen:
AxwijkKathamVerloreneinde
  ·   ·  
  Gemeente Purmerein  
Stêd:
Purmerein
Doarpen:
MiddenbeemsterNoordbeemsterPurmer (foar in part) • PurmerbuurtWestbeemsterZuidoostbeemster
  ·   ·