Polder Seefang
Polder Seefang (Nederlânsk: Polder Zeevang) is in polder yn Noard-Hollân oan de Markermar tusken de plakken Purmerein, Edam en Oosthuizen yn. It gebiet is in Natura 2000-gebiet troch de greidfûgels en oernachtsjende fûgels. De Kromme Ye en Seisstêdefeart rinne troch it gebiet hinne. It gebiet hat brak wetter troch de sâlte kwel mar waard troch it oanlizzen fan de Ofslútdyk swieter.
Polder Seefang Polder Zeevang | ||
It natoergebiet Polder Seefang | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Noard-Hollân | |
koördinaten | 52° 33' N 5° 2' E | |
oare ynformaasje | ||
status | Natura 2000-gebiet | |
oerflak | 18,13 km² | |
kaart | ||
Lânskip
bewurkje seksjeSkaaimerkend foar de polder is it feanlânskip mei stripeferkaveling en lintdoarpen. It lânskip is gâns iepen sûnder beammen en bestiet benammen út smelle stripen greidlân, lytse feansleatten en guon trochbraakkolken yn de âlde Suderseedyk. De polder wurdt begrinzge troch de lintdoarpen Middelie, Kwadijk en Warder.
Natoerwearden
bewurkje seksjeDe polder is in typysk agrarysk feangea, dêr't yntinsive en minder yntinsive gerslân inoar ôfwikselje. Op it gerslân waakse soarte-earme begroeiïngs, wylst op ekstinsyf behearde gerslân krûderyk begroeiïngs foarkomme. Dat gerslân is gaadlik foar bried- en pikehabitat foar greidfûgels lykas de skries, strânljip, ljip en tjirk. Oan de sleattekant of yn wiet gerslân briede benammen de ljurk, slob, skiertsjilling, toefein, wytstirns en it giel boumantsje
Winterdeis is it gerslân wichtich foar ferskate guozzesoarten, lykas de paugoes, blesgoes, en de smjunt en lytse swan dy't it gerslân as oerwinteringslân brûke.
Skiednis
bewurkje seksjeDe polder ûntstie mooglik yn de 13e iuw. Foar de 9e iuw wie it in heechfeangebiet dat oant yn de hjoeddeistige Iselmar rûn, dêr't feanrivierkes, lykas de Kromme Ye it oertallige wetter nei see ta ôffierde. Fan de 9e iuw ôf kaam dêr yn it gebiet bewenning op gong. It feangebiet waard oanmakke. Sleatten en kanalen waarden heaks op de feanrivierkes groeven. Troch it oanmeitsjen besakke de grûn, om't de fean troch it ûntwetterjen útdrûge. Dêrnei waarden diken oanlein en yn de 13e iuw ûntstie in hiel dikestelsel mei slûzen dy't it wetterpeil regelen. Troch it belúnjen fan it lân wie dêr hieltyd mear wetter ôf te ferwurkjen en sadwaande koene de rivierkes de wetterôffier net mear beneikomme en strûpte it lân gauris ûnder wetter. Yn it westen en suden fan de polder ûntstiene marren lykas de Beemster en Purmer. Ek de Sudersee hapte lapen grûn wei. Doe waard besletten it oerbleaune lân te bedykjen en ûntstiene suver eilannen. Seefang wie sa'n eilân en mooglik yn de 13e iuw ûntstie de polder as in organisearre wetterskip. Nei it bedykjen wiene der noch tal fan dyktrochbrekken. Nei sokke trochbrekken, kolken neamd, waard dêr in dyk om it plak dêr't it wetter trochbriek mei in bochtje dêromhinne oanlein. Op dy plakken dêr't de dyk trochbriek ûntstiene lytse brakke markes of wielen, lykas de Etersheimerbraak. Troch de oerstreamings by dy dyktrochbrekken sette it wetter in tinne laach klaai ôf en rekke it gebiet ûnder ynfloed fan brak wetter. Nei it oanlizzen fan de Ofslútdyk waard it wetter fan de eardere Sudersee stadichoan swieter en dus ek it wetter yn de polder. Op guon plakken komt noch brak wetter foar ôfkomstich út de âlde feanlagen.
Sjoch ek
bewurkje seksjeKepppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|