Garnalefabryk (Moddergat)

(Trochferwiisd fan It Garnalefabryk)

It Garnalefabryk is in gebou dat oan 'e seedyk krekt bewesten it Fryske doarp Moddergat stiet, yn 'e gemeente Noardeast-Fryslân. It is in readbakstiennene skuorre, dêr't eartiids in masinale garnaledrûgerij en -pellerij húsfêste wie. Garnaledrûgerijen wiene foarhinne frij algemien oan 'e Nederlânske kust. Dy by Moddergat is de lêste dy't oerbleaun is. Tsjintwurdich wurdt it gebou brûkt foar kulturele eveneminten.

it Garnalefabryk
de Garnalenfabriek
bouwurk
It Garnalefabryk mei de werf yn 2009.
It Garnalefabryk mei de werf yn 2009.
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Noardeast-Fryslân
plak Moddergat
adres It Grenaatfabryk 2-4
bysûnderheden
type bouwurk skuorre
boujier 1924
offisjele webside
www.garnalefabryk.nl

Yn 'e njoggentjinde iuw hiene de fiskers oan 'e Fryske noardkust in earmoedich bestean. Begjin tweintichste iuw ûntstie de fiskerij op garnalen (yn it Frysk ek wol 'grenaten' neamd). Dy fangst wie net foar minsklike konsumpsje bedoeld, mar as hinnefoer. Letter kamen der grutte loggers, en in soad ynwenners fan Moddergat giene doe yn 'e tsjinst fan reders út Emden en Flaardingen. Nei de Earste Wrâldoarloch waarden in soad garnalen fongen yn 'e Lauwerssee en de Waadsee, wat foar de garnalefiskers in goed bestean opsmiet.

Om't de fangst net bedjerre mocht, waarden de garnalen earst sean en dêrnei drûge. It drûgjen barde yn 't earstoan troch se yn 'e sinne út te lizzen op 'e seedyk, mar letter kaam der in masinale drûgerij yn Sâltkamp. Nei't der in koöperaasje oprjochte wie, krige Moddergat yn 1924[1] in eigen drûgerij in eintsje bûten it doarp. Lytse boatsjes hellen de fangst op en dan waard it oer de dyk nei it fabryk ta brocht. De garnalen waarden sortearre op in apart terrein en dan sean yn grutte tsjettels. It drûgjen barde op grutte perforearre platen dêr't drûge lucht ûndertroch blaasd waard. De garnalen moasten dêrby wol hieltyd keard wurde. Nachts waard der trochwurke yn in ferskuorrende stank. Dêrnei waarden de garnalen yn jutesekken dien. Yn 1930 bliek it fabryk te lyts en waarden der oerkapings oan 'e bûtenkant oanboud.

 
Garnalefangst komt oan, omtrint 1937.

Yn 'e Twadde Wrâldoarloch rûn de fiskerij efterút, en ek waarden de jutesekken te djoer, wie it transport lestich en mochten der fan 'e Dútske besetter allinnich noch garnalen oanfierd wurde oer de Dokkumer Nije Silen. Nei de oarloch kaam it net wer goed mei it garnalefabrykje, dat ynhelle waard troch de tiid. Dat wie benammen debet oan 'e lizzing by Moddergat, dy't foar produsint en ôfnimmer oer gewoan te ûngeunstich wie. Sadwaande waard yn 1947 de koöperaasje opheft en it fabryk ferkocht. Lang stie it gebou dêrnei leech.

De sosjaal-ekonomyske betsjutting fan it fabryk makke dat de Stifting It Fiskershúske begjin ienentweintichste iuw in fersyk die om it op 'e Monumintelist te krijen. It waard yn 2003 oankocht troch Museum It Fiskershûske en yn 2004 folge in restauraasje. It Garnalefabryk tsjinnet no as besikerssintrum en om kulturele eveneminten en gearkomsten te hâlden. By wize fan wurkgelegenheidsprojekt waard der fierders in nije (Wierumer) aak boud, dy't op 8 maart 2008 te wetter litten waard.

Fan 2011 oan mids 2014 waard op 'e werf fan it Garnalefabryk de âlde rêdingboat fan Moddergat, de L.A. Buma III, restaurearre. It kasko waard kocht troch Stifting It Fiskershúske, dy't sels it restauraasjebedrach fan 350.000 ek byinoar wist te swyljen. De boat wurdt sûnt brûkt foar demonstraasjes.[2]

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Garnalenfabriek als laatste poging, yn: de Ljouwerter Krante, 27 juny 2018, s. 26.
  2. Reddingboot na ruim zeventig jaar terug, yn: it Frysk Deiblêd, 9 augustus 2014, s. 23.